Ynternasjonaal Filmfestival fan de Hamptons
It Ynternasjonaal Filmfestival fan de Hamptons (Ingelsk: Hamptons International Film Festival), ôfkoarte ta HIFF, is in filmfestival dat elts jier mids oktober holden wurdt yn De Hamptons, in krite yn it easten fan Long Island yn 'e Amerikaanske steat New York. It evenemint waard yn 1992 oprjochte troch Joyce Robinson en fynt spesifyk plak yn East Hampton. Der wurdt benammen oandacht bestege oan ûnôfhinklike films. Dy beheining yn acht nommen wurde op it Ynternasjonaal Filmfestival fan 'e Hamptons sawol lange as koarte films fertoand, en sawol ferheljende films as dokumintêres.
Ynternasjonaal Filmfestival fan de Hamptons | ||
plak en tiid | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | New York | |
county | Suffolk County | |
plak | East Hampton | |
tiid fan it jier | oktober | |
bysûnderheden | ||
ôfkoarting | HIFF | |
soarte evenemint | filmfestival | |
sjenre | ûnôfhinklike films | |
bestean | 1992 – no | |
oprjochter | Joyce Robinson | |
offisjele webside | ||
hamptonsfilmfest.org |
It Ynternasjonaal Filmfestival fan 'e Hamptons is in fiifdeisk barren, dêr't elts jier omtrint 100 films fertoand wurde, ôfkomstich út teminsten tweintich ûnderskate lannen en territoaria. Der komme trochinoar sa'n 18.000 belangstellenden op it evenemint ôf. It doel fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan 'e Hamptons is om 'e bewenners fan Long Island yn 'e kunde te bringen mei ûnôfhinklike films fan om utens, dy't se oars nea sjen soene, en om 'e makkers fan ûnôfhinklike films mei-inoar en mei ferskillende perspektiven út 'e hiele wrâld yn kontakt te bringen. Behalven filmfertoanings omfettet it festival ek de presintaasje fan oanstoarmjend talint yn it segmint Breakthrough Performers, in iepenbier tagonklik fraachpetear mei in grutheid út 'e filmyndustry yn it segmint A Conversation With, en it beljochtsjen fan 'e reäliteiten fan oarloch en konflikten troch it gebrûk fan 'e filmkeunst yn it segmint Conflict & Resolution.
Op it Ynternasjonaal Filmfestival fan 'e Hamptons wurde ferskate prizen útrikt, mei in mienskiplik prizejild ter wearde fan $160.000.
- Golden Starfish Award (de haadpriis fan it festival)
- Publykspriis
- Alfred P. Sloan Feature Film Award
- Zelda Penzel "Giving Voice to the Voiceless" Award
- Victor Rabinowitz & Joanne Grant Award for Social Justice
- Tangerine Entertainment Juice Award
- Views from Long Island Award
- Brizzolara Family Foundation Award
Fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan 'e Hamptons giet ek it Hamptons Screenwriters' Lab út, in besletten gearkomste dy't elts jier yn 'e maityd yn East Hampton holden wurdt, en wêrby't oankommende senarioskriuwers yn kontakt brocht wurde mei fêstige nammen út harren fak. It is de bedoeling dat dêrby in mentorskipsrelaasje ûntstiet dy't liede sil ta kennisoerdracht.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |