Ynternasjonaal Filmfestival fan Chicago

It Ynternasjonaal Filmfestival fan Chicago (Ingelsk: Chicago International Film Festival), soms ôfkoarte ta CIFF, is in filmfestival dat elts jier yn oktober holden wurdt yn 'e stêd Chicago, yn 'e Amerikaanske steat Illinois. Dit evenemint bestiet sûnt 1965 en is it langst rinnende kompetative filmfestival yn Noard-Amearika. Der wurde sawol lange as koarte films fertoand, sawol live-action as animaasje en sawol fiksje as dokumintêres.

Ynternasjonaal Filmfestival
fan Chicago
plak en tiid
lân Feriene Steaten
steat Illinois
county Cook County
plak Chicago
tiid fan it jier oktober
bysûnderheden
ôfkoarting CIFF
soarte evenemint filmfestival
bestean 1965 – no
oprjochter Michael Kutza
org. troch Cinema/Chicago
offisjele webside
www.chicagofilmfestival.com

Yn 'e earste helte fan 'e 1960-er jierren wie Michael Kutza in jongeman út Chicago dy't in grut filmleafhawwer wie. Mei't syn stêd doedestiden gjin eigen filmfestival hie, makke hy it syn misje om dat te ferhelpen. Fia de kollumnist foar de Chicago Sun-Times Irv Kupcinet kaam er yn 'e kunde mei Colleen Moore Hargrave, in komediënne út it tiidrek fan 'e stomme film, dy't foar him neitiid in protte doarren iepene, sawol mank de elite fan Chicago as yn 'e filmyndustry fan Hollywood.

Yn 1964 rjochte Kutza de organisaasje Cinema/Chicago op, mei as doel om films ûnder de oandacht fan 'e ynwenners fan Chicago te bringen, dy't se oars nea sjen soene. De earste edysje fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Chicago waard holden yn 1965. Der waarden doe 8 films fertoand, dy't útkeazen wiene út mear as 300 ynstjoerings út 15 lannen en territoaria. Tsjintwurdich wurde der op it filmfestival elts jier 150 films fertoand út mear as 50 lannen en territoaria.

Troch de jierren hinne wreide it Ynternasjonaal Filmfestival fan Chicago him út fan film nei tillefyzje. Dat begûn mei it idee om in priis yn te stellen foar it bêste reklamespotsje, mar groeide meitiid út ta in grutter barren dêr't ek tillefyzjefilms, tillefyzjesearjes en úteinlik streamingtillefyzje yn it sintsje set waarden. Yn 2003 waard dêrfoar binnen it Ynternasjonaal Filmfestival fan Chicago in aparte útrikkingsseremoanje optúgd en yn 2017 waard dy hielendal fan it filmfestival ôfspjalte ûnder de namme Ynternasjonaal Tillefyzjefestival fan Chicago.

De prizen fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Chicago binne de Hugo's. Dy wurde yn 'e folgjende kategoryen ferjûn:

  • kompetysje ynternasjonale spylfilms:
    • Gouden Hugo foar bêste film
    • Sulveren Hugo foar bêste film (sjuerypriis)
    • Sulveren Hugo foar bêste regisseur
    • Sulveren Hugo foar bêste akteur (oant 2019)
    • Sulveren Hugo foar bêste aktrise (oant 2019)
    • Sulveren Hugo foar bêste yndividuele aktearprestaasje (fan 2020 ôf)
    • Sulveren Hugo foar bêste aktearprestaasje fan in cast
    • Sulveren Hugo foar bêste senario
    • Sulveren Hugo foar bêste kamerarezjy
    • Sulveren Hugo foar bêste lûd
    • Sulveren Hugo foar bêste artdirection
  • kompetysje nijer regisseurs:
  • kompetysje ynternasjonale dokumintêres:
    • Gouden Hugo
    • Sulveren Hugo
  • kompetysje live-action koarte films:
    • Gouden Hugo
    • Sulveren Hugo
  • kompetysje koarte tekenfilms:
    • Gouden Hugo
    • Sulveren Hugo
  • kompetysje koarte dokumintêres:
    • Gouden Hugo
    • Sulveren Hugo
  • Out-Look kompetysje:
    • Gouden Hugo
    • Sulveren Hugo
  • kompetysje stêd en steat:
    • Chicago Award

Oeuvreprizen

bewurkje seksje

Op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Chicago wurdt ek twa oeuvreprizen útrikt. De Lifetime Achievement Award is troch de jierren hinne wûn troch û.o. Richard Attenborough, Jodie Foster, Clint Eastwood, Dustin Hoffman, Helen Hunt, Shirley MacLaine, Steven Spielberg, François Truffaut, Sigourney Weaver en Robin Williams. De Career Achievement Award is troch de jierren hinne wûn troch û.o. Annette Bening, Nicolas Cage, Bruce Dern, Shirley MacLaine, Susan Sarandon, Robin Williams en Robert Zemeckis.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.