Zeemanshoop (rêdingsboat út 1925)

De Hr. Ms. Zeemanshoop (as Mrb Zeemanshoop) wie in rêdingsboat fan de KNZHRM fan 1925 oant 1976.

De Zeemanshoop

Om it 100-jierich bestean fan Kolleezje Zeemanshoop yn Amsterdam te fieren, waard 1922 besletten om de Zeemanshoop te bouwen, dy't yn 1925 oan de KNZHRM skonken waard. De Zeemanshoop tsjinne goed 50 jier, farde 224 kear út en rêde 341 libbens. Har earste thúshaven wie Skeveningen, har lêste wie Urk; 14 juny 1975 wie dêrwei de lêste rêding.

Twadde Wrâldkriich

bewurkje seksje

Earste rêding

bewurkje seksje

Neidat it regear op 13 maaie 1940 nei Ingelân útwykt wie, wie Hoeke fan Hollân yn hannen fan de Dútsers, dat lju dy't ûntkomme woenen gienen nei Skeveningen. De Britske marine-attasjee Admiraal Sir Gerald Charles Dickens en syn assistinten Charles M. Morrel en Louden wienen dêr ek ûnder. Skipper M.J. de Bruin naam har' yn de Zeemanshoop mei nei in Britske ûnderseeboat; sy waarden besketten by it oan board gean. De Bruin koe feilich weromkomme yn Skeveningen.

Twadde rêding

bewurkje seksje

In stikmannich oeren letter gienen fjirtjin Nederlânske marineoffisieren en fiif Frânske militêren nei de haven fan Skeveningen, ûnder oaren fice-admiraal J Th Furstner en syn staf en de Frânske generaal Eugène Mittelhauser. De Zeemanshoop en de Johanna brochten har' nei see, dêr't de Nederlânske ûnderseeër Z-5 har' helje soe. Doe't dy net kaam, waarden de passazjiers fan de Zeemanshoop oerset op de Johanna, dy't dêrnei nei Falmouth farde.

Ingelânfeart

bewurkje seksje

De Zeemanshoop is op 14 maaie 1940 útwykt nei Ingelân mei fjouwer studinten en 42 passazjers. Op 15 maaie waarden de passazjiers oernaam troch in Ingelske torpedoboatjager. De rêdingsboat waard troch de Ingelsken nei Dover brocht. De Nederlânske marine brûkte har letter as kommunikaasjefartúch by de minetsjinst yn Holyhead en letter yn Harwich.

Under de 42 passazjers wienen 24 joaden, 15 froulju en twa bern, en tafallich Marien de Jonge, dy't nei it strân fytst wie om te sjen at er fuortkomme koe. Hy soe eigentlik nei Belgje, earst op see ûntduts er dat de boat nei Ingelân gie.

Doe't der fjouwer skippen oan de kym ferskynden, waard de Nederlânske flagge en dy fan de KNZHRM. Ien fan dy fjouwer die bliken de Nederlânske sleepboat de Atjeh te wêzen. De torpedoboatjager HMS Venomous naam de flechtlingen oan board.

Fan it Reade Krús hearde de KNZHRM in jier letter dat it skip feilich yn Ingelân oankaam wie: "het broertje van Dorus, Arthur en Hilda is hier en maakt zich verdienstelijk".

De folgjende nammen fan passazjiers witte wy fan:

  • Wim Belinfante en syn suster Ada
  • John Blitz
  • Ro Cohen, broer fan Anna Velmans
  • ? Daniels
  • Max en Aal Drukker
  • It pear Fischer
  • It pear Goldsmith
  • Harry L J Hack, 320 Dutch Squadron RAF
  • Marien de Jonge
  • Joseph Jacob van der Laan
  • Herman Marx, neef fan Leo Polak
  • It pear Mayef
  • Jacob Meier
  • It pear Meuleman
  • Kurt en Frieda Munzer
  • Otto Neurath út Wenen
  • Leo & Lucie Polak en soan Thijs
  • Marie Reidemeister út Wenen
  • Singer
  • Simon Speijer (Dik)
  • Joseph Velmans (1878-1956), diamantsliper
  • Anna Velmans-Cohen (1892-1979), syn frou, ynkeapster Bijenkorf
  • Loet Velmans, har' soan (1923) [1]
  • Max Louis Wessel (1919)
  • Van Wezel
  • Weyl
  • P. Zaitichek

Fjouwer studinten

  • Jo Bongaerts (Fenlo, 1915), studearre yn Delft, waard piloat, MLD en 320 Sq, yngenieur by de BPM, Shelldirekteur yn 1966
  • Karel R Dahmen (1919) studearre yn Delft, kaam by de marine, yngenieur, emigrearre nei de FS yn 1967.
  • Lou M Meyers, 1e jiers medysk studint, Grins, gie by it 322 Dutch Squadron RAF. Nei de kriich gie er fierder mei sy stúdzje en waard bedriuwsdokter by de PTT.
  • ?

Nei de oarloch

bewurkje seksje

Nei de oarloch kaam it skip werom yn Nederlân en waard it nei reparaasje by Rykswerf Willemsoord yn De Helder oan de eigner weromjûn. Sy tsjinne noch jierrenlang op it Iselmar, mei as thúshavens Inkhuzen, Hylpen (1952), Nijkerk (1961) en Urk (1966),

  • Ter Schiphorst, fan 1976 ôf; nije namme: de Hoop
  • I.C. Rijf; nije namme: Zeemeeuw, hy liet it stjoerhûs grutter meitsje
  • Jan Vrieswijk
  • Hans de Jong, fan 1999 ôf; hy liet 2002 de Glennifer dieselmotor ferfange troch in Volvo Penta MD 67C fan 160 hk.
  • Theo de Boer, fan 2005 ôf; nije thúshaven Hollum, It Amelân

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: