Arjen Goodijk

Nederlânske arsjitekt
(Trochferwiisd fan A. Goodijk)

Arjen Goodijk (Aldkleaster (Wûnseradiel), 19 oktober 1886Snits, 2 desimber 1952) wie in Nederlânsk arsjitekt.[1]

Libben en wurk

bewurkje seksje

Goodijk waard berne yn Oldeklooster, ûnder Hartwert, as ienige soan fan feehâlder Gerrit Goodijk en Wietske Alberda.[2] Hy studearre boukunde yn Amsterdam en festige him as arsjitekt yn Snits. Hy ûntwurp ônder oaren de gemeentehuzen foar de eardere gemeenten Baarderadiel en Doanjewerstâl, dy't beide oanwiisd binne as ryksmonumint.

Nei de Twadde Wrâldoarloch waard er lid fan de Commissie Oorlogsgedenktekens 1940-1945 Friesland. Hy wie belutsen by it ûntwerpen fan ûnder mear it oorlogsmonumint yn Snits (1950), De Hoanne yn Tjalhuizum (1951) en it monumint foar de fallenen yn Wâldsein (1954), wêrfan't it byldhouwurk dien waard troch syn sweager Willem Valk. Goodijk waard 1948 ek lid fan de Adfyskommisje Monumintesoarch en wie bestjoerslid fan de VVV in Snits en it Bûn fan Nederlânske Arsjitekten.

Goodijk wie in fûleinich rider, dy't fjouwer kear meidie oan de Alvestêdetocht. Hy stoar hommels oan in hertoandwaning doe't er by it troch him ûntwurpen Paviljoen Sneekermeer oan it reedriden wie.[3]

Wurk (in kar)

bewurkje seksje
 
Gemeentehûs Baarderadiel
  • Dûbele went oan de Stasjonsstrjitte 9 en 11 yn Snits (om 1920)
  • Wenning oan de Veenweg yn Halfweg (1924), foar sweager en suster Willem en Ella Valk-Goodijk
  • Paviljoen Snitsermar (1927)
  • Paviljoen-hotel yn Snits (1932)
  • Húshâldskoalle yn Snits (1935)
  • Gemeentehûs Baarderadiel yn Mantgum (1938-1939)
  • Ferbouwing Osingastate, gemeentehûs fan Doanjewerstâl yn Langwar (1939-1940)
  • Kristlike legere skoalle yn Nijemardum (1952)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. NAi: Goodijk, Arjen
  2. Persoansgegevens fan Arjen Goodijk arsjitekt yn Snits
  3. "Architect A. Goodijk plotseling overleden", Ljouwerter Krante, 3 desimber 1952