Abeid Karume (folút: Abeid Amani Karume; Mwera (Sansibar), 4 augustus 1905Sansibar (Sansibar), 7 april 1972) wie in Sansibareesk en letter Tanzaniaansk steatsman fan etnysk Swahily-komôf. Nei de bloedige steatsgreep tsjin 'e lêste sultan fan Sansibar, yn jannewaris 1964, waard hy presidint fan 'e ûnôfhinklike Folksrepublyk fan Sansibar en Pemba. Under ynternasjonale druk gie er in fearnsjier letter akkoart mei it opgean fan syn lân, tegearre mei de Republyk Tanganjika, yn 'e nije Feriene Republyk Tanzania. Karume waard doe presidint fan 'e autonome republyk Sansibar en as sadanich fise-presidint fan Tanzania. Acht jier letter waard er deasketten by in polityk motivearre moardoanslach.

Abeid Karume
politikus
echte namme Abeid Amani Karume
nasjonaliteit Tanzaniaansk
bertedatum 4 augustus 1905
berteplak Mwera (Sansibar)
stjerdatum 7 april 1972
stjerplak Sansibar (Sansibar)
etnisiteit Swahily
partij Afro-Sjirazy Partij (ASP)
presidint fan Sansibar
(en as sadanich fise-presidint fan Tanzania)
amtsperioade 19641972
foargonger himsels (as presidint fan 'e Folksrepublyk Sansibar en Pemba)
opfolger Aboud Jumbe
presidint fan 'e Folksrepublyk Sansibar en Pemba
amtsperioade jannewarisapril 1964
foargonger Djamsjyd bin Abdûlla (as sultan fan Sansibar)
opfolger himsels (as presidint fan 'e autonome republyk Sansibar)

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Iere jierren

bewurkje seksje

Karume waard yn 1905 berne yn it doarp Mwera, op it eilân Sansibar, al soene syn politike tsjinstanners letter úthâlde dat er hielendal net fan Sansibar kaam, mar berne wie yn Malawy. Foar dy bewearing bestiet lykwols gjin bewiis. Karume genoat net folle ûnderwiis, mar wurke as seeman foar't er yn 'e polityk gie. Yn dy hoedanichheid ferliet er Sansibar ier yn syn libben en swalke er in protte oer de wrâldseeën, wêrby't er û.m. Londen oandie. Dêr waard er ynwijd yn 'e geopolityk en ynternasjonale kwestjes doe't er yn 'e kunde kaam mei leden fan 'e Afrikaanske yntelligintsia, lykas Kamuzu Banda út Malawy. Neitiid joech er him by de Afro-Sjirazy Partij (ASP), dy't in lytse radikale kloft fan 'e lânseigen Swahily-befolking fan it Sultanaat Sansibar fertsjintwurdige, dat doedestiden regearre waard troch in hegerein fan etnyske Arabieren.

Politike karriêre

bewurkje seksje

Op 10 desimber 1963 waard Sansibar, dat sûnt de njoggentjinde iuw de status fan in Britsk protektoraat hân hie, ûnôfhinklik as in konstitúsjonele monargy. Der waarden ferkiezings holden, dy't wûn waarden troch de Sansibareeske Nasjonale Partij (ZNP) en de Folkspartij fan Sansibar en Pemba (ZPPP). Neitiid waard in regear foarme troch de ZNP. Karume wie ree om binnen it demokratyske politike ramt fan it nije lân te wurkjen, en brocht plannen foar in steatsgreep troch syn maten fan 'e ASP oan 'e Britske plysje út.

Mei dy ynformaasje waard lykwols neat dien, en op 'e jûn fan 'e 12 jannewaris 1964 koe de kûp sadwaande dochs plakfine. Karume sels wie dêr net by belutsen, mar ferkearde op dat stuit op it Afrikaanske fêstelân, yn it buorlân Tanganjika, in oare eardere Britske koloniale besitting, dy't yn 1961 selsstannich wurden wie. De lieder fan 'e rebûlje wie John Okello, dy't oarspronklik út Oeganda kaam. De Sansibareeske Revolúsje wie súksesfol, en Djamsjyd bin Abdûlla, de lêste sultan fan Sansibar, waard ôfset mank in protte bloedferjitten, wêrby't de tûzenen slachtoffers oer it algemien Sansibarezen fan Arabysk en Yndiaask komôf wiene. Neitiid fûn der in etnyske suvering plak, wêrby't frijwol alle Arabieren en teffens Swahily dy't foar in part Arabyske foarâlden hiene, it lân ûntflechten en beskûl sochten yn Omaan.

Nei't de ASP it op 'e Sansibareilannen foar it sizzen krigen hie, waard ûnder lieding fan Okello de Folksrepublyk fan Sansibar en Pemba útroppen. Karume waard útnûge om werom te kearen en it amt fan presidint fan 'e nije republyk op te nimmen. Oare Sansibareeske ballingen waarden ek oproppen om wer thús te kommen, yn 't bysûnder de marxistyske politikus Abdulrahman Mohammad Babu, dy't beneamd waard yn 'e Revolúsjonêre Ried, it hegerhûs fan Sansibar. Foar himsels reservearre Okello de titel fan fjildmaarskalk, sûnder dy fierder te definiëarjen. Neitiid folge in trije moannen lange ynterne machtsstriid.

 
De byltenis fan Abeid Karume op it muntstik fan 200 skellings.

Karume brûkte syn politike feardichheden en syn kontakten mei de lieders fan 'e Afrikaanske buorlannen om Okello te isolearjen, en nûge de Tanganjikaanske plysje út om op Sansibar de oarder te hanthavenjen. Sadree't Okello op reis gie en Sansibar ferliet, ferklearre Karume him ta in 'fijân fan 'e steat' en ta persona non grata. Troch it ferlies fan harren lieder en de oanwêzigens fan 'e Tanganjikaanske plysje, dy't op 'e hân fan Karume wie, waarden Okello syn oanhingers bûtenspul setten.

Ynternasjonaal bestie yn it ramt fan 'e Kâlde Oarloch grutte noed mank de Westerske machten oer de ynfloed fan Babu yn 'e nije folksrepublyk. Men freze dat dy de Sovjet-Uny de mooglikheid biede soe en fêstigje in brêgehaad op 'e Eastafrikaanske kust. Dêrom waard der druk útoefene om it lytse Sansibar gear te foegjen mei it gruttere en polityk stabilere Tanganjika. Yn april 1964 sleat Karume dêrta in oerienkomst mei de Tanganjikaanske presidint Julius Nyerere, sadat der op 25 april in nij lân ûntstie, de Feriene Republyk Tanzania, wêrfan't de namme opmakke wie út 'e earste wurdlidden fan 'e beide steaten dy't der yn opgiene.

Yn it nije lân waard Nyerere presidint en Karume waard presidint fan 'e autonome republyk Sansibar, in amt dêr't it fise-presidintskip fan Tanzania oan ferbûn wie. Troch de uny mei Tanganjika wûn Karume de ynternasjonale legitimiteit foar syn regear dy't er earder net krije kinnen hie, mei as gefolch dat it him slagge om Babu en dy syn kommunistyske oanhingers folslein te marginalisearjen. Acht jier letter, op 7 april 1972, waard Karume lykwols troch fjouwer manlju deasketten yn it haadkertier fan 'e ASP yn 'e stêd Sansibar. Babu, dy't derfan fertocht waard efter de moardoanslach te sitten, moast Tanzania ûntflechtsje.

De dea fan Karume, dy't in kontroversjeel steatsman wie, waard troch in diel fan 'e Sansibareeske befolking fierd, wylst in oar part fan 'e befolking om him roude. Neitiid folgen represaillemaatregels tsjin Karume syn politike tsjinstanners. Abeid Karume waard 66 jier. Syn soan Amani Abeid Karume waard yn 2000 en 2005 twaris keazen ta presidint fan Sansibar. Syn soan Ali Karume is ek aktyf yn 'e Tanzaniaanske polityk, en hat û.m. ambassadeur en minister west. De ynternasjonale lofthaven fan Sansibar, it Abeid Karume International Airport, is nei Karume ferneamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.