Alde Tsjerke (Skeveningen)

De Alde Tsjerke (Nederlânsk: Oude Kerk) is de monumintale tsjerke fan 'e by de PKN oansletten herfoarme gemeente fan Skeveningen. De trijeskippige pseudobasilyk is in ryksmonumint en is it âldste gebou fan Skevingen.

Alde Tsjerke
Lokaasje
provinsje Súd-Hollân
plak Skeveningen
adres Keizerstraat 8
koördinaten 52° 06'N 4° 16' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip PKN (herfoarme gem.)
patroanhillige Antonius Abt
Arsjitektuer
boujier 1357
boustyl Gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 17617
Webside
Side tsjerklike gemeente
Kaart
Alde Tsjerke (Súd-Hollân)
Alde Tsjerke

De oarsprong fan 'e hjoeddeiske tsjerke leit yn in kapel út 1357, dy't wijd waard oan de hillige Antonius. Foar de betsjinning fan de sakraminten wiene de ynwenners lykwols oanwiisd op De Haach. Om't de reis nei De Haach troch de dunen faak beswierlik en dat foar sike of âldere minsken net te dwaan wie, waard yn 1466 de status fan 'e kapel feroare yn in selsstannige tsjerke, sadat de sakraminten tenei yn it doarp sels jûn wurde koene. De eardere kapel waard earne yn 'e 15e iuw ferfongen troch de hjoeddeiske tsjerke. Ut ynhakte nûmers yn 'e houten kape hat bliken dien dat de bou yn 'e twadde helte plakfûn hat.

 
Rokoko preekstoel.

De Alderheljenfloed fan 1 novimber 1570 hat in grut part fan it doarp weislein, mar de tsjerke bleau stean en sa kaam de tsjerke net mear midden, mar oan 'e râne fan it doarp te lizzen. Yn 1578 waarden de katolike geastliken útwiisd en fûn de ynfiering fan de reformaasje yn Skeveningen plak. Foar it geskikt meitsjen fan 'e tsjerke foar de kalivinistyske earetsjinst ferdwûnen de alters, de bylden en oare roomske oantinkens. Tusken it koer en it skip kaam in hek as ôfskieding en de romte fan it koer waard letter brûkt foar it fraachlearen.

Oarspronklik lei om 'e tsjerke in grut tsjerkhôf. Yn 1778 waard it begraafplak Ter Navolging oanlein, itjinge it earste Nederlânske begraafplak bûten de beboude kom wie.

Tsjin it ein fan 'e 19e iuw krige de tsjerke oan de noardlike kant kreaken. Ek ferdwûnen de grêfsarken yn 'e flier ûnder planken en waarden muorren, pylders, balken en de kape yn 19e-iuwske styl beskildere. By de restauraasje fan 1957-1959 waarden dy feroarings weromdraaid: de kreaken waarden weibrutsen, de tsjerke waard wyt skildere en de sarken wer tefoarskyn helle en yn in oar skema lein.

Doe't yn 1893 yn Skeveningen in twadde tsjerke boud waard oan 'e Duinstraat krige de tsjerke ta ûnderskieding fan de nijbou de namme Alde Tsjerke.

 
Haadoargel.

De rokoko preekstoel datearret út 1756-1757 en is fersierd mei fykwurk fan Jozephus de Bondt. De houtfiker levere letter ek it houtfykwurk foar it front fan it oargel, dat yn 1765 boud waard. Nei de reformaasje waard it koer mei in houten koerhek fan it skip skieden.

Yn in hoeke by de noardlike muorre steane de kaak en in pear oare oerbliuwsels fan in 20 meter lange potfisk, dy't yn 1617 op it Skeveninger strân oanspielde.

It tsjerkesegel fan in bomskút wurdt op in brânskildere raam útbylde. Sûnt 2012 hinget yn 'e tsjerke in 80 sintimeter lang model fan de bomskút SCH 107 "Scheveningen".

It ynterieur is hjoed-de-dei oanpast foar multifunskjoneel gebrûk; de tsjerke wurdt troch de wike in soad ferhierd foar kulturele oangelegenheden. De houten flierren ûnder de banken binne ferfongen troch tegels mei flierferwaarming.

Yn 'e toer hingje twa klokken. De âldste klok waard yn De Haach getten yn 1597 troch Conraet Antonisz. In twadde klok, dy't fanwegen in skuor yn 1798 ferkocht waard, is yn 2013 ferfongen troch in nije klok. Sûnt 1975 hinget yn 'e toer in kariljon fan 37 klokken, getten troch Eijsbouts út Asten. Op sneons en tongersdeis spilet de stedsbeiaardier op moarntiden fan 11:00 oant 12:00 oere.

It grutte oargel út 1765 waard boud troch Gerard Steevens út De Haach as in ienmanualich ynstrumint. Yn 1845 waard troch de oargelboufirma H.B. en G.W. Lohman it ynstrumint útwreide mei in twadde manuaal. Nei alle gedachten is doe ek it front oanpast, wêrby in grut diel fan it oarspronklike rikere fykwurk fan de kast ferlern gyng. De trije bylden op it front mei op de middentoer kening David binne oerbleaun fan it wurk fan Jozephus de Bondt. Yn 1932 feroare J. de Koff & Soan de disposysje op 'e nij, ek krige it oargel in frij pedaal. By in restauraasje yn de jierren 1970 brocht Flentrop út Saandam it ynstrumint foar in grut part werom nei de disposysje fan 1845.

Njonken it haadoargel besit de tsjerke noch in koeroargel. Dat oargel waard troch Johann Michael Gerstenhauer (Monnickendam) yn 1791 foar de roomske skûltsjerke fan it Noard-Hollânske Westwâld boud. It hat dêrnei noch op ferskate oare plakken yn Noard-Hollân stien en kaam nei in restauraasje yn 1959 troch Flentrop yn 1961 yn de Alde Tsjerke telâne.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: