Annales Bertiniani
Annales Bertiniani of de Annalen fan Sint-Bertinus binne let-Karolingyske, Frankyske annalen dy't yn de Abdij fan Sint-Bertinus yn Sint-Omaars, Frankryk fûn binne en dêr't se ek nei neamd binne. Se beslaan in tiidrek fan 830-882 en binne in fourtsetting fan de Keninklike Frankyske Annalen (Annales Regni Francorum 741-829). Se binne te sjen yn de Monumenta Germaniæ Historica (Waitz, 1883) en yn in lettere Frânske útjefte, dy't in nije ûntdutsen manuskript (Grat, 1964) befettet. De Annalen fan Sint-Bertinus binne ien fan de wichtichste boarnen út it Frankyske Ryk yn de njoggende iuw en beskriuwe ferskate barren yn it Westfrankyske Ryk ûnder Karel de Keale tige goed. De Annales Fuldenses beskriuwt it barren yn it Eastfrankyske Ryk.
Skriuwers en manuskripten
bewurkje seksjeDe annalen binne nei alle gedachten ynearsten skreaun troch skriuwers fan it hof fan keizer Loadewyk de Fromme. Nei 840 is it skriuwen trochsetten as mear ûnôfhinklik fan it paleis, ynearsten troch Prudentius fan Troyes (ferstoarn yn 861) en dêrnei troch Hinkmar fan Reims (oant 882). Der wurdt tocht dat Hinkmar fan Reims de oarspronklike teskt fan de annalen hjir en dêr oanpast hat.
Boarnen
bewurkje seksjeTsjerklike dokuminten en úttreksels fan synoaden binne de wichtichste boarnen.
Ynhâld
bewurkje seksjeSkaaimerken fan de ynhâld binne it wrakseljen fan de Karolingen meiïnoar, harren ferhâlding mei de Roomsk-Katolike Tsjerke (sancta romana ecclesia) en de ynfallen fan buorfolken, en benammen de ynfallen fan de Wytsingen.
Ynfallen fan Wytsingen
bewurkje seksjeYn de njoggende iuw plonderen groepen krigers fan Noarmannen regelmjittich it lân fan de Friezen en fearen de rivieren de Ryn, Seine en Loire del, dêr't se in soad fernielings en ferwoastings oanrjochten en dêr't hja Karolingyske kleasters en biskoplike stêden plonderen. Nei 841 is der allinnich tusken de jierren 874 en 875 gjin ferwizing nei de Wytsingen.
Der is der in soad oer te lêzen en it ferhaal ferwiist ek nei inkelde barren dêr't Noarmannen ek wol kamen te ûnderhanneljen mei harren súdlike buorren oer bygelyks diplomatike en tsjerklike saken. In foarbyld is de trou dy't Noarmannen ûnthjitten hiene oan de Westfrankyske kening Karel de Ienfâldige yn 911.
Der is wol oer tocht dat de ferhalen oer de ynfallen fan de Wytsingen, mei Prudentius en Hinkmar ynbegrepen, justjes oerdreaun binne, om't tsjerklike plakken, dêr't in soad rykdom wie, gauris it doel wiene, en hja gauris it rekken betelje moasten doe't keningen ynstimd hiene en betelje de Wytsingen ôf, sa as bygelyks Karel de Grouwe die by it Belis fan Parys (885-886). Measte skiedkundigen binne lykwols fan miening dat de ynfallen fan de Wytsingen wol deeglik in driging foar it Karolingyske regear foarme.
Rûs
bewurkje seksjeYn de annalen steane de earste ferwizings nei de Rûs, dy't yn it hjoeddeiske Ruslân wennen. Neffens de annalen waarden in groep folgers fan sindelingen út Konstantinopel fia in brief oan de keizer troch de sindelingen foarsteld. Yn dy brief stie dat hja harsels Rhos ("qi se, id est gentem suam Rhos vocari dicebant") neamden en dat se nei Konstantinopel reizge wiene, mar no bang wiene om nei hûs werom te gean, om't it paad dêr't se oer reizgen net feilich wie. Hja ferfearen doe mei lju fan de Byzantynske ambassade mei hope op tastimming fan de Franken en reizgje troch Dútslân. Yn de keningspalts fan Ingelheim, flakby Mainz waarden se opfrege troch Frankyske keizer Loadewyk de Fromme, om't hy harren fertocht dat hja op militêre ferkenning (Latyn: exploratores) wiene. Hja befêstigen him dat harren doel yn it noarden wie, om't hja ta de Suiones ("eos gentis esse Sueonum") hearden. Hy besleat harren foarearst te hâlden om wis te wêzen dat se mei goede bedoelings kamen of net en se waarden fierders net wer neamd yn de annalen. Dat barren waard neamd ûnder it jier 839.
De ferhalen kamen ta in ein yn 882 doe't in âlde en swakke Hinkmar út de Katedraal fan Reims flechtsje moast foar in driigjende oanfal fan Wytsingen. De biskop ferstoar justjes letter yn Épernay en doe waard it ferhaal net fuortset.
De annalen binne ien fan de fiif wichtige ûnôfhinklioke beskriuwings fan de njoggende iuw. De oaren binne:
- De Annalen fan Fulda (838-901)
- De Annalen fan Sint-Vaast (874-900)
- De Annalen fan Ksanten (832-874)
- De Kronyk fan Regino fan Prüm (870-906)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literature en Notes, op dizze side. |