East-Frânsje

(Trochferwiisd fan Eastfrankyske Ryk)

East-Frânsje, East-Frankelân of it Eastfrankyske Ryk (Latyn: Regnum Francorum Orientalium) of letter it Dútske Keninkryk of Dútske Ryk (Latyn: Regnum Teutonicum) wie de foarrinner fan it Hillige Roomske Ryk. It lân wie ûntstien nei it ferpartsjen fan it Karolingyske Ryk yn trijen mei it Ferdrach fan Ferdun yn 843. De Karolingen bleaune oer it lân hearskjen oant 911.
Troch de east-west-skieding fan de Romaansk-Germaanske taalgrins ûntjoegen sa stadichoan twa ferskillende keninkriken, dêr't East-Frânsje him ûntjoech ta it Keninkryk Dútslân en West-Frânsje ta it Keninkryk Frankryk.

Keninkryk fan de Eastfranken
Francia orientalis
0843-962
geografyske lokaasje
polityk
haadstêd Ferskate bygelyks Frankfurt, Regensburg (Ratisbon)
offisjele taal Aldheechdútsk
Aldsaksysk
Aldfrysk
beheind gebrûk fan Frankysk en Latyn foar tsjerklike en offisjele gebrûken
steatsfoarm keninkryk
ûntstien út Frankyske Ryk
opgien yn Hillige Roomske Ryk
no diel fan Dútslân
Switserlân
Eastenryk
Sloveenje
Nederlân
Belgje
Lúksemboarch
Skiednis fan Dútslân

Germaanske Aldheid
Frankyske Ryk
Hillige Roomske Ryk
Dútske Keizerryk
Weimarrepublyk
Nazy-Dútslân
Besetting troch de Alliëarden
West en East-Dútslân
Bûnsrepublyk Dútslân

Ferdieling fan it Karolingyske Ryk neffens it Ferdrach fan Ferdun yn 843

It Ferdrach fan Ferdun waard yn augustus 843 tekene troch de trije soannen fan keizer Loadewyk de Fromme nei trije jier boargerkriich dy't folge nei it ferstjerren fan him. De grinzen waarden benammen lâns de rivieren de Maas, Skelde, Saône en Rône lutsen. Wylst de âldste soan Lotarius I de keizerstitel en it keninkryk Midden-Frânsje krige, krige Karel de Keale West-Frânsje en Loadewyk de Dútser de benammen Germaansk sprekkende eastlike lannen: Stamhartochdom Saksen, eastlike helte fan Austraasje, Alemanje, Hartochdom Beieren en de Mark fan Karintje. It âlde hartochdom Tueringen waard ferdield tusken de hartochdommen Saksen en Franken (sa't it eastlike part fan Austraasje neamd waard).
De Eastfrankyske Annales Fuldenses beskreaune it keninkryk yn "trije parten ferdield" en Loadewyk "trede ta it eastlike part". De Westfrankyske Annales Bertiniani beskreaune de omfieming fan Loadewyk syn gebiet as: "by de tawizing fan de gebieten, krige Loadewyk al it lân oan oare kant fan de Ryn, mei de stêden Speyer, Worms en Mainz mei harren greefskippen, dy't oan dizze kant fan de Ryn lizze, mei ynbegrepen". It keninkryk West-Frânsje gie nei Loadewyk syn jongere healbroer Karel de Keale en tusken dy twa keninkriken wie it keninkryk Midden-Frânsje mei Itaalje dat nei de âldste broer, keizer Lotarius I, gie.
Wylst East-Frânsje sa'n tredde part fan it oarspronklike Frankyske stamlân Austraasje befette, bestie de rest út lannen ferovere troch it Frankyske Ryk tusken de fyfde en achtste iuw. Dy lannen wiene de hartochdommen fan Alemanje/Swaben, Beieren, Saksen en Tueringen en de noardlike en eastlike markgreefskippen dy't benammen befolke wiene troch Denen en Slaven. De kronykskriuwer út dy tiid, Regino fan Prüm skreau dat de "ferskillende folken" (diversae nationes populorum) fan East-Frânsje, almeast Germaansk- en Slavysk-talige folken, fan inoar "skieden wurde kinne fan ras, gewoanten, taal en wetten" (genere moribus lingua legibus).
Nei it Ferdrach fan Meerssen yn 870 waard Midden-Frânsje ferdield, dêr't Loataringen en Fryslân ferdield waarden tuske East- en West-Frânsje. It koart libjende Midden-Frânsje bleau oant yn de tweintichste iuw it toaniel fan Frânsk-Dútske oarloggen.
Al de Frankyske gebieten wiene foar in koart skoftke werienige ûnder keizer Karel de Grouwe, mar dy waard yn 888 ôfsetten en doe waard Arnulf fan Karintje yn East-Frânsje as kening keazen. De hieltyd mear ôfnimmende krêft fan de keninklike macht yn East-Frânsje, betsjutte dat de hartoggen fan Saksen, Franken, Loataringen, Swaben en Beieren fan de beneamde eallju erflike hearskers fan harren gebieten waarden. Keningen hiene gauris mei pleatslike rebûljes te krijen.
Yn 911 woene Saksyske, Frankyske, Beierske en Swabyske eallju net langer in Karolinger as kening kieze en hja keazen op 10 novimber 911 ien fan harren eigen as kening. Om't Koenraad I fan Franken ien fan de hartoggen wie, hie er it dreech en bewarje de macht oer harren. Hartoch Hindrik de Fûgelder fan Saksen kaam yn opstân tsjin him oant 915. De striid tsjin hartoch Arnulf I fan Beieren koste Koenraad it libben. Op syn stjerbêd keas er Hindrik de Fûgelder fan Saksen as syn opfolger. It keningskip gie fan Frankyske hannen oer op Saksyske, dy't yn de Saksekriich fan Karel de Grutte in soad laat hiene. Hindrik waard lykwols allinne befêstige troch Saksen en Franken yn Fritzlar en moast erkenning ôftwinge fan de oare hartoggen, wêrmei't er in steatsynrjochting skoep dy't alhiel brûkt waard troch syn soan Otto I. Oant syn dea yn july 936, hat Hindrik de ynstoarting fan de keninklike macht tefoaren witte te kommen, soks dat yn West-Frânsje barde, en liet in folle sterker keninkryk efter oan syn opfolger Otto I. Doe't Otto yn 962 yn Rome ta keizer kroand waard, tsjutte dat it begjin oan fan it Hillige Roomske Ryk.

De namme Orientalis Francia tsjutte oarspronklik it gebiet Franken oan en Orientalis Franci tsjutte syn ynwenners, de etnyske Franken dy't beëasten de Ryn wennen. It gebrûk fan de namme foar it eastlike keninkryk wie lykwols in útfining fan it hof fan Loadewyk de Dútser. Om't eastlik Frânsje eins in part fan Austraasje, it stamlân fan de Franken wie, lit de namme-oantsjutting fan Loadewyk foar it gânse keninkryk syn earsucht sjen. Under syn pakesizzer, Arnulf fan Karintje, waard it keninkryk gauris Francia neamd. Hindrik de Fûgelder neamde himsels rex Francorum orientalum, "kening fan de Eastfranken".
Yn de tolfde iuw lei de skiedkundige Otto fan Freising út dat it "eastlike keninkryk fan de Franken" (orientale Francorum regnum), "no it keninkryk fan de Dútsers neamd wurd" (regnum Teutonicorum)

Wichtige stêden

bewurkje seksje

It Eastfrankyske Ryk hie lykas it Frankyske Ryk gjin fêste haadstêd. De kening reizge mei syn hofhâlding it lân troch en ferbleau op ien fan de paltsen. Wichtige Eastfrankyske stêden wiene:

Mei de oansluting fan Midden-Frânsje kamen dizze stêden der noch by:

List fan keningen: