Another 48 Hrs.

film út 1990 fan Walter Hill

Another 48 Hrs. (útspr.: Another Forty-eight Hours) is in Amerikaanske plysjefilm en aksjekomeedzje út 1990 ûnder rezjy fan Walter Hill, mei yn 'e haadrollen Eddie Murphy en Nick Nolte. De titel betsjut "Noch Wer Achtenfjirtich Oeren". De film is it ferfolch op it súksesfolle 48 Hrs. út 1982. It ferhaal folget plysjeresjersjeur Jack Cates, dy't syn baan driget kwyt te reitsjen as er de Iceman, in machtige en mysterieuze drugsdealer, net opspoart. Dêrfoar moat er fannijs gearwurkje mei de krekt frijkommen krimineel Reggie Hammond, dy't it doelwyt fan in moardoanslach troch de trewanten fan 'e Iceman wurdt om't er tefolle wit. Hoewol't Another 48 Hrs. oer it algemien strieminne resinsjes krige fan 'e filmkritisy, wie it yn 'e bioskopen in kommersjeel súkses.

Another 48 Hrs.
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Walter Hill
produsint Lawrence Gordon
Robert D. Wachs
senario John Fasano
Jeb Stuart
Larry Gross
kamerarezjy Matthew F. Leonetti
muzyk James Horner
filmstudio Eddie Murphy Productions
distribúsje Paramount Pictures
spilers
haadrollen Eddie Murphy
Nick Nolte
byrollen Andrew Divoff
David Anthony Marshall
Brent Jennings
Brion James
Ed O'Ross
Kevin Tighe
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 8 juny 1990
foarm langspylfilm
sjenre aksjekomeedzje, plysjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 95 minuten
budget en resultaten
budget $50 miljoen
opbringst $153,5 miljoen
filmsearje
filmsearje 48 Hrs.
● foarich diel 48 Hrs.

Yn 'e woastyn fan Kalifornje hawwe Cherry Ganz en Willie Hickok, twa leden fan 'e motorbinde de Western Brotherhood, yn in ôfhandige kroech in moeting mei in trêde motorrider, Malcolm Price. Dyselde hiert de oare beide mannen yn om in moardoanslach út te fieren op Reggie Hammond, in krimineel dy't mei koarten út it tichthûs komme sil. Price wurket foar in machtige en mysterieuze drugsdealer dy't bekend stiet as de "Iceman". It docht bliken dat Ganz ek noch in persoanlike rekken mei Hammond te fereffenjen hat, mei't Hammond acht jier lyn holpen hat om syn broer Albert dea te meitsjen (sjoch: 48 Hrs.). As in froulike plysje fan 'e Kalifornyske Snelweipatrûlje de kroech binnen komt en de langhierrige, yn lear útdoste motorriders fragen begjint te stellen, lûkt Ganz in revolver en sjit har dea. Wylst Hickok har partner ôfmakket, fermoardet Price de barkeeper, dy't fan 'e moard op 'e plysjes tsjûge west hat.

Underwilens sit Jack Cates, in bienhurde ynspekteur fan it San Francisco Police Department (SFPD) al fjouwer jier efter de Iceman oan. Oare plysjes ornearje dat er obsedearre rekke is. Op in dei folget Cates in ûnbekende swarte man mei in bril, dy't er derfan fertinkt bannen mei de Iceman te hawwen, nei de Hunter's Point Raceway, in motorsportsirkwy by San Francisco. De man, Tyrone Burroughs, fungearret dêr as tuskenpersoan foar de Iceman en besiket monteur Arthur Brock op it sirkwy yn te hieren as hiermoardner foar de moardoanslach op Reggie Hammond, foar it gefal dat Ganz en Hickok de boel ferprutse. As Cates harren besiket te arrestearjen, brekt der in sjitpartij út, wêrby't Brock dea rekket en Burroughs yn 'e gaos wit út te piken.

Neitiid moat Cates him foar haadynspekteur Blake Wilson fan Ynterne Saken oer ferantwurdzje foar it deadzjen fan Brock. Hy seit dat Brock in pistoal hie en as earste begûn te sjitten, mar syn lêzing fan 'e foarfallen wurdt yn twifel lutsen as der gjin pistoal fûn wurde kin. Wilson is fan miening dat de Iceman inkeld bestiet yn Cates syn fantasij, en dat er in korrupte plysje is dy't mient dat de regels foar him net jilde. By in formeel ûndersyk wurdt dêrom oardiele dat Cates gjin reden hie om op Brock te sjitten en dat de dea fan 'e man ûnrjochtmjittich wie. Wilson soarget der neitiid foar dat de ofsier fan justysje Cates yn steat fan beskuldiging stelt. Foarútrinnend op syn berjochting foar deaslach moat Cates syn tsjinstwapen en plysje-ynsynje ynleverje en wurdt er op non-aktyf steld. Nettsjinsteande dat set er op klandestine wize syn ûndersyk nei de Iceman fuort, dêrby temûk stipe troch syn bêste freon, ynspekteur Ben Kehoe.

Cates is de foar him ûnbekende Burroughs kwytrekke en hat no noch mar ien oanwizing oer: in foto dy't er oantroffen hat yn 'e tas mei kontant jild dy't Burroughs oan Brock jûn hie foar de moard. It is in foto fan immen dy't Cates goed ken: Reggie Hammond. Hy riddenearret dat Hammond it doelwyt fan 'e hiermoard wie. Dat, Cates siket Hammond op yn it tichthûs, dêr't Hammond in finzenisstraf fan fiif jier útsitten hat foar in oerfal wêrfan't er úthâldt dat er der ûnskuldich oan is. Hammond sil de oare deis frijlitten wurde, en Cates wol dat se dan tegearre efter de Iceman oan geane. Hammond is lykwols lulk dat Cates, dy't syn freon hiet te wêzen, him yn al dy jierren nea opsocht hat. Hy wol no inkeld de $500.000 en syn Porsche hawwe, dy't er oan Cates yn bewarring jûn hie foar't er de sel yngie, mar Cates seit dat er it jild pas kriget as er him helpt de Iceman te fangen. De moeting einiget yn slaanderij, wêrfoar't Hammond syn lêste etmiel yn 'e finzenis yn 'e isolearsel trochbringe moat.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De oare deis wurdt Hammond frijlitten. Cates wachtet him by de yngong fan it tichthûs op en besiket jitris op him yn te praten, mar Hammond wol neat fan him witte en nimt leaver de finzenisbus nei stêd as dat er by Cates yn 'e auto stapt. Underwilens lizze Ganz en Hickok op 'e loer. As se Cates sjogge, dy't ek by de dea fan Ganz syn broer belutsen wie, beslute se dy ek út 'e wei te romjen. Cates stekt op 'e weromweis út it tichthûs oan by in weirestaurant, dêr't Ganz him oer it mad komt en ytlike kearen yn it boarst sjit. Neitiid geane de beide motorriders efter Hammond oan. Se litte de bus oer de kop slaan troch de sipier dea te sjitten dy't efter it stjoer sit. Mar as se dêrnei Hammond deadzje wolle, ferdigenet dy himsels mei it pistoal fan 'e sjauffeur, en wannear't se yn 'e fierte sirenes hearre, spylje se fan ruten.

Yn it sikehûs docht bliken dat Cates in kûgelfrij fest droech om't er wist dat Hammond it doelwyt fan hiermoardners wie en om't er sels net by fersin deasketten wurde woe as er njonken Hammond stie. Dy foarútsjendheid hat syn rêding west. Hammond sels hat suver gjin skramke oprûn, mar de pleatslike sheriff wol him fêsthâlde foar ferhear. Cates bepraat de man lykwols op snoade wize om Hammond oan him oer te dragen, sadat er dochs noch twongen wêze sil om him te helpen by syn ûndersyk nei de Iceman. Hammond fertelt Cates dat de Iceman him dea hawwe wol om't de $500.000 dy't er fan in drugsdealer stellen hie, deselde $500.000 dy't Cates de ôfrûne jierren foar him bewarre hân hat, fan 'e Iceman is. It jild kin de Iceman net safolle skele, mar by de oerfal hat Hammond it gesicht fan 'e Iceman sjoen, dat hy kin de man identifisearje. Hy hat ek ien fan 'e motorriders werkend as Cherry Ganz. Hy wegeret lykwols mei Cates gear te wurkjen en wol yn San Francisco inkeld mei syn dierbere Porsche weriene wurde. As er lykwols de auto ûntslút mei in ôfstânsbetsjinning, blykt der in autobom yn oanbrocht te wêzen, dat de Porsche ûntploft, ta ûntsteltenis fan Hammond.

Underwilens stiet Hammond ûnder druk fan Kirkland Smith, in swarte krimineel en mei-detinearre dy't ynfloed yn it tichthûs hat. Dyselde hat Hammond de ôfrûne jierren de hân boppe de holle holden, sadat it libben (en it oerlibjen) yn 'e finzenis der foar him in stik makliker op waard. No't Hammond op frije fuotten is, easket Smith dat er docht wat er ûnthjitten hat, nammentlik $75.000 oerdrage oan Smith syn fan him ferfrjemde dochter Amy. Dat kin Hammond fansels allinnich mar dwaan as Cates him syn $500.000 weromjout, en dêrfoar sil er Cates helpe moatte mei syn ûndersyk. Dat hy nimt Cates mei nei in motorriderskroech dêr't Ganz syn faam Angel Lee servearster is. It docht bliken dat Angel dêr al in skoft wei is en no as stripper wurket. Se treffe der lykwols al in keardel dy't twa jier yn 'e sel sitten hat troch tadwaan fan Cates, dat se moatte harsels in paad nei bûten ta slaan.

Neitiid sette Cates en Hammond nei it wenadres fan Angel ta, dêr't se Ganz en Hickok treffe. By in sjitpartij slagget it de beide motorriders om te ûntkommen, mar Hammond wit fan Angel de namme los te krijen fan 'e tuskenpersoan tusken Ganz en de Iceman, te witten Malcolm Price. Wannear't se arrivearje by dy syn appartemint, treffe se Price dêr deasketten oan. Hammond ornearret dat de Iceman in plysje wêze moat, want hoe koed er oars sa gau witte dat se op it spoar fan Price kommen wiene. Dat wol Cates earst net oan, mar dan betinkt er hoe't Wilson fan Ynterne Saken him fan it begjin ôf oan de foet dwers setten hat by syn ûndersyk nei de Iceman. Dat hy nimt Hammond mei nei Wilson, mar Hammond antwurdet dat er de Iceman goed sjoen hat, en dat it Wilson net is. Koarte tiid letter wurdt Burroughs ombrocht troch Ganz en Hickok, út wraak om't Burroughs dejinge is dy't yn opdracht fan 'e Iceman Price deasketten hat. Dan binne der foar Cates alhiel gjin oanknooppunten mear oer, dat him rest neat oars as it ûndersyk nei de Iceman oer te jaan. Hy jout Hammond de $500.000 werom, dy't er, sa docht bliken, jierrenlang yn syn locker op it plysjeburo bewarre hat.

Hammond nimt $75.000 mei en siket Amy Smith op, dy't kassiêre is yn in werbrûkwinkel. Hy langet har it jild oer, fertelt dat it útsoarte in betelling oan har heit is foar ferliende tsjinsten, en riedt har oan om har heit ris op te sykjen. Ear't er him wer ôfjaan kin, ferskine Ganz en Hickok op it toaniel, dy't him en Amy finzen nimme en ûntfiere. Se nimme kontakt op mei de Iceman en easkje $500.000 as wearjild foar de moard op Price, oars litte se Hammond wer los. Dejinge oan 'e oare kant fan 'e line is resjersjeur Frank Cruise, in kollega fan Cates, dy't akkoart giet mei de priis en mei de beide motorriders ôfpraat yn in nachtklub. Cates, dy't op it plysjeburo syn buro oan it útromjen is, mar tagelyk de boel goed yn 'e gaten hâldt, set Cruise efternei.

Yn 'e nachtklub draacht Cruise in tas mei $500.000 oan Ganz en Hickok oer en oarderet harren om sawol Hammond as Amy út 'e wei te romjen. Cates ferskynt op it toaniel om Cruise op te pakken, mar dan komt oan it ljocht dat Cruise mar in rinjonge foar de Iceman is. De wiere Iceman blykt Cates syn bêste freon te wêzen, ynspekteur Ben Kehoe. Der folget in sjitpartij, wêrby't sawol Kehoe en Cruise as de beide motorriders alle oaren besykje de deadzjen, wylst Hammond en Cates fral yn libben bliuwe wolle. Cates ferwûnet Hickok en deadet Cruise. Hammond bringt Amy yn feilichheid efter de bar en makket Ganz en Hickok beiden dea. Neitiid komt Kehoe him lykwols oer it mad, dy't him gizelet en as minsklik skyld brûkt. Oanfitere troch Hammond skeakelet Cates Hammond út troch him yn it skouder te sjitten. Dêrnei hat er romte om Kehoe dea te sjitten.

Foar't Hammond yn in ambulânse ôffierd wurdt, bûcht Cates him oer de brankaar hinne om him ta te flústerjen dat er de tas mei de $500.000, dy't Cruise by him hie, efteroer drukt hat en dat se it jild ferdiele sille as Hammond út it sikehûs komt. Nei't de ambulânse ôfset is, beseft Cates dat Hammond op 'e nij syn oanstekker by him út 'e bûse stellen hat.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Nick Nolte.
 
Eddie Murphy.
haadrollen
personaazje                              akteur/aktrise
ynspekteur Jack Cates Nick Nolte
Reggie Hammond Eddie Murphy


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Cherry Ganz Andrew Divoff
Willie Hickok David Anthony Marshall
Tyrone Burroughs Brent Jennings
ynspekteur Ben Kehoe Brion James
resjersjeur Frank Cruise Ed O'Ross
haadynspekteur Blake Wilson Kevin Tighe
Malcolm Price Ted Markland
Kirkland Smith Bernie Casey
Angel Lee Page Leong
Amy Smith Tisha Campbell
finzenisdirekteur Felice Orlandi
froulike plysje fan 'e Kalifornyske Snelweipatrûlje Yana Nirvana
manlik plysje fan 'e Kalifornyske Snelweipatrûlje Ken Medlock
barkeeper Hoke Howell
Arthur Brock John Del Regno

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Another 48 Hrs. waard regissearre troch Walter Hill, dy't ek de foargeande film makke hie, nei in senario fan John Fasano, Jeb Stuart en Larry Gross. As produsinten wiene Lawrence Gordon en Robert D. Wachs by it projekt belutsen foar de filmstudio Eddie Murphy Productions. Foar de film wie in budget beskikber fan $50 miljoen, in bedrach dat frijwol hielendal finansierd waard troch Paramount Pictures. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Matthew F. Leonetti, en de filmmuzyk waard fersoarge troch James Horner.

De oarspronklike ferzje fan Another 48 Hrs., sa't dy út 'e postproduksje kaam, hie in spyldoer fan 145 minuten. Paramount fûn dat te lang en liet der in kertier út knippe, sadat der 120 minuten oerbleaune. In wike foar de premiêre waard de film jitris ynkoarte, no oant 95 minuten. Yn 'e oarspronklike ferzje kearde Frank McRae werom as Cates syn baas, haadynspekteur Haden, mar syn rol waard hielendal út 'e film knipt, útsein ien flechtich shot op it plysjeburo dêr't er op 'e eftergrûn te sjen is. Brion James, de akteur dy't Ben Kehoe spile, de kollega fan Cates dy't úteinlik de Iceman blykt te wêzen, hold troch de ynkoartings ek mar in tige summier roltsje yn 'e film oer, hoewol't er earst, sa seid er sels yn in fraachpetear yn 1999, de trêde haadrol hân hie. Hy wie dêr doe, njoggen jier nei dato, noch altyd tige lulk en teloarsteld oer.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Another 48 Hrs. waard fersoarge troch Paramount Pictures. De film gie op 8 juny 1990 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde yn 1990 by platemaatskippij Scotti Bros.

Fan 'e filmkritisy krige Another 48 Hrs. oer it algemien negative resinsjes. Yn The New York Times liet Vincent Canby de film ôfrinne as in "fehikel foar Eddie Murphy". Hy hie ek krityk op 'e mjitte fan geweld yn 'e film. Peter Rainer fan 'e Los Angeles Times omskreau Another 48 Hrs. as "in kwalitatyf min nochris oereidzjen fan 'e hichtepunten út 'e earste film". Hy spitste syn krityk ta op regisseur Walter Hill, dy't neffens him "perfoarst witte moat wat er hjir oan it dwaan is". De konklúzje fan Rainer wie: "de film is fan begjin oant ein trelit, mei mear bylden fan lichems dy't troch brekkende ruten smiten wurde as ik ea earder yn in film sjoen haw."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Another 48 Hrs. in tige leech goedkarringspersintaazje fan 21%, basearre op 33 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Sels de weromkear fan Eddie Murphy, Nick Nolte en regisseur Walter Hill kin de loaie, gearflânze kwaliteit fan [de film] net ferblomje." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Another 48 Hrs. in goedkarringspersintaazje fan 23%, basearre op 13 resinsjes. By in opinypeiling ûnder it bioskooppublyk yn 'e Feriene Steaten troch CinemaScore waard de film lykwols op in skaal fan 1 oant 10 in 91/2 taparte.

Another 48 Hrs. brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $80,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $72,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $153,5 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $50 miljoen betsjut dat in winst fan $103,5 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei brocht Another 48 Hrs. yn Noard-Amearika mear op as 48 Hrs. dien hie.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.