De Baja Studios (útspr.: [ˈbaːha ˈstudioʊz], likernôch: "baa-ha stû-di-ooz") binne in studiokompleks op it Kalifornysk Skiereilân yn Meksiko. It leit by it plak Rosarito, yn 'e steat Nederkalifornje (Spaansk: Baja California), deunby de grins mei de Amerikaanske steat Kalifornje. It waard yn 1996 oprjochte troch de Amerikaanske filmstudio 20th Century Fox en droech lange tiid de namme fan 'e Fox Baja Studios. De Baja Studios steane bekend om 'e soundstages mei wrâlds grutste wettertank, bedoeld foar de opnamen fan films en tillefyzjesearjes dy't op folle see spylje. Der binne films opnommen lykas Titanic, Tomorrow Never Dies, Pearl Harbor en Master and Commander: The Far Side of the World.

Baja Studios
De opnamen yn 'e Baja Studios fan Master and Commander: The Far Side of the World yn 2003.
De opnamen yn 'e Baja Studios fan Master and Commander: The Far Side of the World yn 2003.
algemien
hist. namme Fox Baja Studios
nasjonaliteit Meksikaansk
type privaat
sektor tillefyzje- en filmyndustry
fêstige yn Rosarito
oprjochte 1996
oprjochter 20th Century Fox
eigner Baja Acquistions
offisjele webside
www.bajafilmstudios.com
kaart
Baja Studios (Meksiko)
Baja Studios
Lokaasje yn Meksiko.
 
De opnamen fan 'e film Titanic (1997).

De Baja Studios waarden oarspronklik boud om 'e opnamen fan 'e rampefilm Titanic (1997) fan regisseur James Cameron mooglik te meitsjen. Opdrachtjouwer wie de Amerikaanske filmstudio 20th Century Fox. De bou, dy't nei skatting $20 miljoen koste en op 6 juny 1996 úteinsette, waard finansierd troch de aartskonservative Australyske mediatycoon Rupert Murdoch fia syn bedriuw News Corporation. Dyselde hie belang by it brekken fan 'e macht fan 'e Teamsters Union, it machtige fakbûn fan 'e Amerikaanske transportsektor, yn 'e filmyndustry fan Hollywood, en tocht dat te berikken troch it ferpleatsen fan 'e filmproduksje nei it bûtenlân mooglik te meitsjen. Murdoch ferpachte it studiokompleks nei foltôging oan 20th Century Fox. It kompleks kaam de Fox Baja Studios te hjitten, of koartwei Fox Baja.

Hoe't it kompleks derút kaam te sjen waard sterk beynfloede troch Titanic, dêr't in soundstage foar nedich wie mei in wettertank dy't grut genôch wie om in 238 m lange replika fan 'e RMS Titanic te hâlden. Sadwaande kamen de Fox Baja Studios bekend te stean om 'e fasiliteiten foar it filmjen fan sênes op iepen see. Ferskate lettere films makken dêr tankber gebrûk fan, lykas Deep Blue Sea, Pearl Harbor en Master and Commander: The Far Side of the World. Mar it kompleks omfette ek filmsets op lân, dêr't ûnder mear de James Bond-film Tomorrow Never Dies foar in part opnommen waard.

Yn maaie 2007 ferkochten News Corporation en 20th Century Fox it studiokompleks foar in bedrach fan acht sifers yn Amerikaanske dollars oan Baja Acquisitions, in Amerikaansk konsortium fan "pleatslike finansjele belangen". Nei 2007 sakke it mei it meitsjen fan films en tillefyzjesearjes yn 'e Baja Studios wat yn, en ek mei it toerisme yn 'e krite rekke it yn it neigean. De oarsaak wie in binde-oarloch op it Kalifornysk Skiereilân tusken Meksikaanske drugskartels. Ek wie it fiskersdoarpke Puerto Popotla, dat fuort besuden de Baja Studios leit, populêr wurden as 'halteplak' foar minskesmokkelders. Fan 2018 ûndergiene de Baja Studios in weroplibbing fan 'e produksje fan films en tillefyzjesearjes troch de opkomst fan streamingtsjinsten as Netflix, Amazon Prime Video en HBO Max, dy't ferlegen sieten om studioromte om nije ynhâld foar harren platfoarms te meitsjen.

 
In fêste filmset yn 'e Baja Studios.

Fasiliteiten

bewurkje seksje

De Baja Studios binne boud by de kust fan 'e Stille Oseaan lâns, wat in ûnbeheind útsicht op see jout. It kompleks beslacht in oerflak fan 20,4 ha mei in kustline fan 610 m. Der binne fiif soundstages, wêrfan't twa oaninoar fêst sitte. Ek binne der ferskate fêste filmsets yn 'e iepen loft dy't besteane út neiboude strjitten. Dêropta omfetsje de Baja Studios ek kantoarromte, klaaikeamers en fasiliteiten foar fisazjy en hierstilearring. Dêrnjonken binne der fjouwer wettertanks, dy't mei-inoar in ynhâld hawwe fan 75,8 miljoen liter. Dy wurde folle mei filtrearre seewetter troch in systeem dat goed 34.000 liter per minút nei binnen ta pompe kin. Trije fan 'e tanks binne lytser en ien dêrfan befynt him bûtendoar. De oare beide lizze binnendoar. De trije lytsere tanks steane ûnderling yn ferbining.

Tank 1, fierwei de grutste fan 'e fjouwer wettertanks, is in bûtendoarreservoir mei in ûneinige hoarizon dy't útsjocht oer de Stille Oseaan. (Dat wol sizze dat it troch opsetlik feroarsake gesichtsbedroch liket as makket de tank diel út fan 'e oseaan, wat net sa is.) Tank 1 waard oarspronklik boud foar de opnamen fan 'e rampefilm Titanic en hat in oerflak fan 32.400  en in ynhâld fan 64.430.000 liter. De tank hat trije djiptenivo's, útinoar rinnend fan 107 sm oant goed 12 m. It fol- of leechpompen fan 'e tank duorret 40 oeren. By ien gelegenheid, doe't de Baja Studios noch eigendom fan 20th Century Fox wiene, siet de tank fol mei glorearre wetter ("swimbadwetter"). Doe't dat yn ien kear loasd waard op 'e Stille Oseaan, waard dêrmei de fiskerij om Puerta Popotla alhiel ferrinnewearre. Fuort njonken Tank 1 stiet in toerkraan fan krapoan 50 m heech, dy't brûkt wurde kin foar sawol it takeljen fan skippen yn 'e wettertank as kamerawurk en beljochting ûnder it opnameproses.

 
In fregat fan wiere grutte yn oanbou op 'e filmset yn 'e Baja Studios.

In seleksje fan films dy't alteast foar in diel yn 'e Baja Studios opnommen binne:

In seleksje fan tillefyzjesearjes dy't alteast foar in diel yn 'e Baja Studios opnommen binne:

Yn 'e tiid dat de Baja Studios eigendom fan 20th Century Fox wiene, waard yn maaie 2001 úteinset mei in toeristyske rûnlieding troch it studiokompleks. Dy bestie benammen út tentoanstellings oer Titanic, útstallings dy't ferbân holden mei de filmstudio sels en foarwerpen dy't ôfkomstich wiene út oare films, lykas Master and Commander: The Far Side of the World. Nei't Fox it kompleks yn 2007 fan 'e hân die, waard de rûnlieding stopset.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.