De Bangmapartij is in keatspartij foar ôfdielings fan de KNKB dy't organisearre wurdt troch Keatsferiening Nije Kriich fan Weidum. De partij, dy't yn 1942 foar it earste hâlden waard, hat sûnt 1994 de status fan in haadklassepartij. Dêrfoar wie it in 1e klasse ôfdielingspartij. De Bangmapartij is tradisjoneel de iepeningspartij foar de haadklassers.

Bangmapartij
holden yn Weidum
sport Keatsen
organisator Keatsferiening Nije Kriich
earste edysje 1942
Temaside  Sport

De earste edysje fan de partij einige yn in oerwinning fan de thúsploech: F. Hiddinga en J. en S. de Groot kamen foar Nije Kriich yn de krânse te stean. It duorre fanwege de oarloch lykwols oant 1946 eart de twadde edysje fan de partij ferkeatst waard. Keatsferiening Concordia út Holwert mei it ferneamde trio de Haan naam doe de krânsen mei nei de klaai.

Yn de rin fan de jierren hat Keatsferiening Jan Bogtstra fan Frjentsjer it measte sukses hân yn Weidum mei mar leafst 9 oerwinnings. Chris Wassenaar is mei 7 oerwinnings foar Minnertsgea de keatser dy't de partij it faakst wûn hat.

Sûnt it ynstellen fan de partij is er tsien kear net ferkeatst (3 kear fanwege de oarloch, 5 kear fanwege it waar, 1 kear fanwege tongblier en 1 kear omdat it keatsbûn de partij net op de wedstrydaginda sette.) Twa kear, yn 1951 en 1952 koe de finale fanwege de rein net útkeatst wurde.

  • 1985 - Frjentsjer mei S. Saakstra, K. Wierstra en T. Schurer
  • 1984 - Seisbierrum mei J. Hesselius, J. van Dijk en J. Brandsma
  • 1983 - net hâlden fanwege in te wiet fjild
  • 1982 - Sint Anne mei F. Groen, A. Spiekstra en T. Wallendal
  • 1981 - Boalsert mei S. de Boer, O. Brunia en A. Bootsma
  • 1980 - Winsum mei U. Dijkstra, G. Fokkens en J. Andela
  • 1979 - net hâlden fanwege in te wiet fjild
  • 1978 - Boalsert mei S. de Boer, A. Bootsma en M. Hovinga
  • 1977 - Winsum mei S. Saakstra, G. Fokkens en D. Fokkema
  • 1976 - Frjentsjer mei C. van Seijst, T. Wallendal en J. van der Molen
  • 1975 - Marsum mei J. Posseth, R. van Wieren en W. van Wieren
  • 1974 - Marsum mei L. Breuker, W. van Wieren en R. van Wieren
  • 1973 - Winsum mei G. Fokkens, H. Kramer en J. van der Ploeg
  • 1972 - Frjentsjer mei J. van Seijst, J. van der Molen en A. Roosenburg
  • 1971 - Berltsum mei G. Okkinga, T. Dijkstra en H. Sijpersma
  • 1970 - Berltsum mei G. Okkinga, T. Dijkstra en H. Sijpersma
  • 1969 - Ljouwert mei R. de Groot, D. Scheepstra en J. Westra
  • 1968 - Sint Jabik mei G. Tempel, R. van Wieren en H. Leeuwen
  • 1967 - Frjentsjer mei J. van Seijst, S. Sikkema en P. de Groot
  • 1966 - Ljouwert mei D. Scheepstra, R. de Groot en J. Westra
  • 1965 - Harns mei H. Schuil, J. Jansen en J. Halbesma
  • 1964 - net hâlden fanwege it waar
  • 1963 - Weidum mei P. Koopmans, Æ. Haima en D. Talsma
  • 1962 - Easterlittens mei A. Broersma, E. Heech en M. Santema
  • 1961 - Harns mei H. Schuil, J. Jansen en J. Halbesma
  • 1960 - Harns mei S. Olivier, D. Smedinga en H. Bultje
  • 1959 - Makkum mei R. Kuiper, A. Rinia en K. Hibma
  • 1958 - Harns mei P. Schuil, H. Schuil en J. Jansen
  • 1957 - Harns mei S. Olivier, J. Jansen en H. Schuil
  • 1956 - Makkum mei R. Kuiper, A. Rinia en D. Lemstra
  • 1955 - Arum mei M. van der Weerd, J. Buwalda en J. Tolsma
  • 1954 - Harns mei J. Galema, S. Olivier en D. Smedinga
  • 1953 - Ljouwert mei J. Rodenhuis, S. van der Zee en F. Helfrich
  • 1952 - finale net spile fanwege it waar (finalisten: Harns en Arum)
  • 1951 - finale net útkeatst fanwege it waar (finalisten: Ljouwert en Harns)
  • 1950 - net hâlden (gjin plak op de wedstryd kalinder)
  • 1949 - Rie mei H. Visser, K. Pekel en S. Travaille
  • 1948 - Ljouwert mei J. Rodenhuis, T. de Bruin en A. Paassen
  • 1947 - Sint Anne mei J. Rodenhuis, K. Kuiken en G. Groen
  • 1946 - Holwert mei Y. de Haan, P. de Haan en H. de Haan
  • 1945 - net hâlden fanwege de oarloch
  • 1944 - net hâlden fanwege de oarloch
  • 1943 - net hâlden fanwege de oarloch
  • 1942 - Weidum mei F. Hiddinga, J. de Groot en S. de Groot