Berjocht:Side fan de wike 2020/wike 24

Grien is in kleur dy't him yn it spektrum fan sichtber ljocht en yn 'e kleuresirkel tusken blau en giel yn befynt. De kleur hat in weachlingte fan likernôch 495-570 nm en in frekwinsje fan rûchwei 575-525 THz. By additive kleurminging is grien in primêre kleur, mar by subtraktive kleurminging is it in sekundêre kleur. Grien is de komplemintêre kleur fan maginta. Kwa tinten rint grien útinoar fan grienblau, dat hast blau is, oant limoen, dat suver giel is. It wurd 'grien' hat deselde Oergermaanske woartels as de wurden 'gers' en 'groeie'. Grien wurdt assosjearre mei de natoer (fanwegen de griene kleur fan planten), en fierders mei duorsumens, de miljeubeweging, Ierlân, de islaam, feilichheid en tastimming. Yn 'e heraldyk is grien in heraldyske kleur en hat it de namme sinopel. Yn sprekwurden seit men: sa grien as gers, sa grien as in greide of sa grien as in kikkert.

Lês fierder