Limoen (kleur)
Limoen (net te betiizjen mei limoengrien) is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in tint fan grien of fan giel. It kin sadwaande omskreaun wurde as in gielich soarte grien of as in grienige tint giel. De namme 'limoen' komt fan 'e frucht de limoen, dat eins in soarte fan dwerchsitroen is. Limoen is in poere spektrale kleur mei in weachlingte fan likernôch 564 nm. Yn 'e kleuresirkel befynt limoen him tusken giel en sjartreuze yn. By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is limoen in sekundêre kleur, dy't oanmakke wurdt troch de ferminging fan read en grien ljocht. By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it ek in sekundêre kleur, dy't produsearre wurdt troch it mingen fan syaan mei giel.
limoen | ||
spektrale koördinaten | ||
weachlingte | 564 nm | |
kleurkoördinaten | ||
heksadesimaal | #BFFF00 | |
RGBª (r, g, b) | (192, 255, 0) | |
CMYKº (c, m, y, k) | (25, 0, 100, 0) | |
ª) normalisearre nei [0-255] (byte) º) normalisearre nei [0-100] (%) |
Limoen en limoengrien
bewurkje seksjeDe hjoeddeistige kleur limoen waard foar it earst yn 1890 yn it Ingelsk brûkt, ûnder de namme lime green, dat "limoengrien" betsjut. Foar it meastepart fan 'e tweintichste iuw bleau 'limoengrien' de algemiene oantsjutting foar dizze kleur. Yn 'e 1980-er jierren kaam dy namme lykwols foar in oare, grienere kleur yn gebrûk yn it ramt fan 'e X11-kleuren foar byldskermen. Sûnt wurdt de oarspronklike kleur limoengrien oantsjut as 'limoen' om betizing foar te kommen.
Besibbe tinten
bewurkje seksjelimoen | #BFFF00 | |
Arktysk limoen | #D0FF14 | |
elektrysk limoen | #CCFF00 | |
Frânsk limoen | #9EFD38 | |
giel | #FFFF00 | |
grien | #00FF00 | |
limoengrien | #32CD32 | |
peridot | #E6E200 | |
sitroenlimoen | #E3FF00 | |
volt | #CEFF00 |
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |