Berjocht:Side fan de wike 2020/wike 41
Wyatt Earp (útspr.: ['wa:iət œɹp], likernôch: "ûaai-jut urp"; folút: Wyatt Berry Stapp Earp; Monmouth (Illinois), 19 maart 1848 – Los Angeles, 13 jannewaris 1929) wie in Amerikaansk plysjeman en revolverman dy't yn 'e tiid fan it Wylde Westen sheriff of marshal wie yn rouwe plakken oan 'e Amerikaanske frontier, lykas Wichita, Dodge City en Tombstone. Hy late in ûngeduerich libben en wie fierders ek fuorman, jager op bizons, útsmiter, eigner fan ferskate saloons, gokker, bordeelhâlder, goudsiker en skiedsrjochter by bokswedstriden.
Earp waard ferneamd doe't er yn 1881 yn Tombstone mei syn bruorren Virgil en Morgan en syn freon Doc Holliday yn 'e Sjitpartij by de O.K.-Kraal trije banditen deaskeat dy't leden wiene fan 'e binde The Cowboys. Doe't de binde neitiid wraak naam, fierde Earp mei famyljeleden en freonen in skoft lang in fendetta tsjin harren, dy't bekend waard as de Earp Vendetta Ride. Letter makke Earp syn fortún ûnder de Goudkoarts fan Klondike en sette er him nei wenjen yn Kalifornje, dêr't er úteinlik yn 'e âlderdom fan 80 jier stoar sûnder ea yn in sjitpartij ferwûne rekke te wêzen. Tsjin dy tiid wied er in ikoan fan it Wylde Westen wurden as de taaiste en deadlikste revolverman fan syn tiid, in byld dat noch oanfitere waard troch de fierhinne fiktive biografy dy't yn 1931 fan him ferskynde. Neitiid hat Earp syn libben ûnderwerp west fan withoefolle films, tillefyzjeprogramma's, biografyen en romans.