Bertus Jans Postma

Bertus Jans Postma (Holwert, 12 april 1929Menaam, 6 jannewaris 2023) wie in learaar en Fryske taalstrider út Bitgummole.

Bertus Jans Postma
persoanlike bysûnderheden
echte namme Bertus Jans Postma
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 12 april 1929
berteplak Holwert
stoarn 6 jannewaris 2023
stjerplak Menaam
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt learaar
aktyf as Frysk beweger
reden
  bekendheid
Fryske wetternammen en Fryske plaknammen
prizen Fear yn 'e Broek

Neidat er ien jier yn Holwert op skoalle west hie gie hy fiif jier nei de legere skoalle yn Ljouwert. Hy die de Ryks-HBS-B oan it Saailân. Yn syn Utertske studintetiid wie er lid fan de Fryske studinteferiening Redbad. Nei syn stúdzje waard er dosint oan de Technyske Universiteit Eindhoven.[1]

Nei syn Utertske funksje as skriuwer fan skaakferiening 'Stukken en Schijven' die hy dat wurk yn Eindhoven by 'Basileia'. Letter waard Postma skriuwer by de FNP yn Hallum. Foar de Jongfryske Mienskip wie er samler foar Lyts Frisia, notiids Nij Frisia.

Wetternammen

bewurkje seksje

Postma wie in foaroanman yn de striid foar de Fryske taal. Hy bestege in grut part fan syn libben oan it ferfryskjen fan geografyske nammen lykas plaknammen om it Frysk sichtberder te meitsjen yn de iepenbiere romte. Syn grutste súkses wie de ferfrysking fan de nammen fan wetterwegen (marren, kanalen, rivieren) yn de hiele provinsje. 'It Steatejacht fart oer de Snitsermar, want dat is de iennichste namme, ek bûten Fryslân', neffens kommissaris fan de kening Arno Brok tsjin Postma, doe't er fannijs beneamd waard ta earelid fan de Jongfryske Mienskip.

Postma waard yn 1929 berne yn Holwert, it doarp dat sûnt 2023 wer offisjeel in Fryske namme hat. Op it mêd fan plaknammen boekte Postma ek foarútgong, mar troch tsjinwurking fan gemeenten minder as er wollen hie. Sa hiene in protte gemeenten wol twatalige doarpsnammen, mar wiene de Fryske nammen net offisjeel registrearre, sadat se net brûkt wurde mochten yn de korrespondinsje mei oerheidsorganen lykas de Belestingtsjinst. Yn de fúzjegemeente De Waadhoeke besochten Postma en oare bewegers om de plaknammen fan de eardere gemeente Frjentsjerteradiel te ferfryskjen wylst plaknammen fan eardere gemeente Menameradiel al Frysk wiene, mar Waadhoeke wie dêr net ree ta. Yn septimber 2020 spruts Postma yn op it gemeentehûs fan Noardeast-Fryslân op de taalnota fan de nij-foarme gemeente. De gemeenteried wie it der ienriedich mei iens. De FNP melde op Twitter dat Postma tige bliid wie doe’t de gemeenteried fan Noardeast-Fryslân yn 2021 besleat om de gebietseigen plaknammen wer yn te fieren. It hat noch oant 1 jannewaris 2023 duorre, foar ’t dat hielendal rûn wie. Postma hat dy ynfiering noch krekt meikrige.

Ek op lettere leeftyd wie Postma striidber foar de Fryske saak. Hy skreau geregeld nei de gemeente of media, of liet fan him hearre fia Twitter. Hy miste yn syn lêste jierren net in soad riedsgearkomsten. Altyd wer kaam de WMO-taksy foarriden. 'Wy ha him sels mei rolstoel en al by steile treppen opsjouwe moatten, net heal fertroud mar Bertus moast en soe der by wêze', sa fertelde FNP’er Aant Jelle Soepboer. At der wat te rêden wie oer it Frysk, wie Postma derby.

Yn 2012 kaam Postma yn it nijs omdat er de Nederlânske nasjonaliteit ôfswarre woe. Postma hie in fersyk yntsjinne by de eardere gemeente Menameradiel om mei behâld fan syn Nederlânsk steatsboargerskip as Fries yn it befolkingsregister opnomd te wurden. Dat slagge net.

Jongfryske Mienskip

bewurkje seksje

Postma wie 69 jier lid fan de Jongfryske Mienskip, oprjochte troch Douwe Kalma. Foar syn striid foar it Frysk waard hy op syn njoggentichste beneamd as alderearste earelid fan de Jongfryske Mienskip. Kommissaris fan de Koning, Arno Brok, spjelde him by de gearkomste fan de Jongfriezen yn De Koningshof yn It Hearrenfean de earespjelde op. Mei de ôfbylding fan in Fryske strider lykas dy op skilderings yn Grinzer tsjerken te finen is. Dat Postma talleaze opinystikken en ynstjoerde brieven skreau oer it Frysk 'Dat waard net altyd wurdearre, mar by jo gong de rem der net op. It hat jo earder oanfitere.' Brok omskreau Postma dan ek as 'in wiere beweger'. 'Jo binne in foarbyld foar my en foar de Jongfriezen.'

Postma is op 6 jannewaris 2023 yn de âldens fan 93 jier ferstoarn wilens it lêzen fan ‘e krante, yn Gralda State yn Menaam. Op 13 jannewaris waard er yn Ingelum te hôf brocht.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. www.wiismeifryslân.nl
  2. Laudatio foar Bertus Jans Postma