Bocke fan Feytsma

Bocke fan Feytsma (ferstoarn desimber 1626) wie in Nederlânsk bestjoerder fan Frysk komôf.

Bocke fan Feytsma
politikus
Bocke fan Feytsma en Kempo fan Tadema yn de begraffenisstoet fan Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg yn 1620.
Bocke fan Feytsma en Kempo fan Tadema yn de begraffenisstoet fan Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg yn 1620.
bertedatum ûnbekend
stjerdatum desimber 1626
stjerplak Deinum
Grytman fan Kollumerlân en Nijkrúslân
amtsperioade 1600-1626
Folmacht op de Lândei út namme fan Kollumerlân en Nijkrúslân
amtsperioade 1604-1608
1610-1622
1624-1626
Rintmaster fan de domeinen fan Fryslân
amtsperioade 1619-1621

Fan Feytsma wie in soan fan Jelger fan Feytsma (stoarn yn 1620) en Auck van Herema (1892 -1613). Bocke wie in telch út de famylje Fan Feytsma. Yn 1589 waard Bocke ynskreaun as studint oan de universiteit fan Frjentsjer en yn 1596 oan de universiteit fan Leiden. [1]

Yn 1600 waard Fan Feytsma grytman fan Kollumerlân en Nijkrúslân, in funksje dy't syn heit earder hie. Hy kaam ek op as Volmacht ten Landsdag (Lândei fan Fryslân) út namme fan dy gritenij. Fan Feytsma waard lykwols net neamd as dykgraaf fan Kollumerlân, wylst de funksje fan grytman en dykgraaf yn it ferline kombinearre wiene.[2]

 
It Rjochthûs yn Kollum.

Yn de tiid dat er grytman wie kocht Fan Feytsma it Rjochthûs yn Kollum oan om dêr gearkomsten fan de gritenij hâlde te kinnen. Ek wie er ien fan de skinkers fan de tsjerkeklok fan de tsjerke fan Kollum; syn namme stiet ek op de klok. [3]
Yn de perioade 1619 -1621 kaam Van Feytsma as rintmaster fan de domeinen fan Fryslân. Nei syn ferstjerren yn 1626 waard er as grytman provisjoneel opfolge troch Tsjerk fan Boelens. Wêrnei't Hayo van Rinia yn 1627 beneamd waard as opfolger. Dy Fan Rinia wie al assessor ûnder Van Feytsma. [2]

By syn houlik hie Bocke in hoemannichte grûn en in jildbedrach krigen om de Feitsmastate benoarden Kollum te stichtsjen. Fan syn heit urf Bocke ek de Sierdsmastate te Deinum. [4]

Houlik en bern

bewurkje seksje

Fan Feytsma troude mei Haring fan Burmania, dochter fan Upcke fan Burmania en Rints van Roorda. It pear krige seis bern ûnder oare:

  • Luts fan Feytsma (stoarn yn 1620), troude mei Menne Houwerda fan Meckema, soan fan Pybe fan Meckema en Jetscke van Houwerda. De famylje Fan Meckema hie twa kear de grytman fan Kollumerlân levere.
  • Ruurd fan Feytsma († 1657), troude mei Machteld van Roorda. Hy wie militêr en urf de Sierdsmastate yn Deinum fan syn heit en de Feytsmastate yn Hallum fan syn omke.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Zijlstra, S. (1996). Het geleerde Friesland - een mythe? Universiteit en maatschappij in Friesland en Stad en Lande ca. 1380-1650. Ljouwert: Fryske Akademy.
  2. 2,0 2,1 Andreae, A.J. (1975). Kollumerland en Nieuw Kruisland geschiedkundig beschreven met oudheidkundige plaatsbeschrijving door Mr. A.J. Andreae. Ljouwert: De Tille.
  3. Berg, H.M. van den (1989). Kollumerland en Nieuw Kruisland, voorfgegaan door Overzicht van de bouwkunst in Noordelijk Oostergo. De Haach: SDU útjouwerij.
  4. Mear, D.J. van der (1964 ). Sierdsma-state to Deinum. Genealogysk Jierboekje 1964, s. 17 -39.