Tsjerk fan Boelens (1582-1651)
Tsjerk fan Boelens of (latinisearre) Tarquinius van Boelens (Bûtenpost, 1582 - dêre, 22 jannewaris 1651) wie in Nederlânske bestjoerder fan Frysk komôf.
Tsjerk fan Boelens (1582-1651) | ||
politikus | ||
Frans fan Donia en Tsjerk fan Boelens (rjochts) yn de begraffenisstoet fan Ernst Kasimir fan Nassau-Dietz | ||
berteplak | Bûtenpost | |
stjerplak | Bûtenpost | |
etnisiteit | Frysk | |
Kommittearre fan de Provinsjale Rekkenkeamer fan Fryslân | ||
amtsperioade | 1606-1607 1618 1624-1626 | |
Folmacht op de Lândei foar Achtkarspelen | ||
amtsperioade | 1609, 1638, 1639 | |
Grytman fan Achtkarpelen | ||
amtsperioade | 1618-1637 1639-1648 | |
Lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân | ||
amtsperioade | 1621-1622 1626 1631-1634 1639-1643 | |
Provisjoneel grytman fan Kollumerlân en Nijkrúslân | ||
amtsperioade | 1627 |
Biografy
bewurkje seksjeVan Boelens wie in soan fan Lieuwe van Boelens, sekretaris fan Achtkarspelen, en Anne Lieuma († 1626). Tsjerk wie in telch út de famylje Fan Boelens. Dat geslacht út Olterterp hie in tûke yn Achtkarspelen dy't grutte belangen hie yn de ferfeaning. Al yn de perioade 1526 -1549 komt in Sythie Boelis foar as grytman fan dy gritenij. Tsjerk wie moai wis in neikommeling fan dizze Sythie. [1]
Yn 1598 waard Tsjerk ynskreaun as studint oan de universiteit fan Frjentsjer. [2] Al yn 1607 komt Van Boelens foar as rekkenmaster fan Fryslân. Yn 1618 folge er Feycke fan Herbranda op as grytman fan Achtkarspelen. Fan Boelens wie ûnder oaren Volmacht ten Landsdage út namme fan Achtkarspelen en letter wie er ek lid fan Deputearre Steaten fan Fryslân út namme fan Eastergoa.[3] Yn 1633 resultearre de ynfiering fan nije belestingen yn lilkens ûnder de pleatslike befolking dy't him ûnder mear rjochte tsjin Fan Boelens en grytman fan Kollumerlân, Ritscke van Eysinga.[4] Yn 1637 die Van Boelens ôfstân fan it grytmanskip foar syn soan Pieter fan Boelens. Nei it ferstjerren fan Piter yn 1639 waard Tsjerk op 'e nij grytman oant er yn 1648 fannijs ôfstân die yn it foardiel fan syn pakesizzer Livius fan Boelens.
Yn Bûtenpost stichte de famylje Fan Boelens de Boelensstate dy't letter ek bekend stie as de Haersmastate. [5] Fierder hie Van Boelens stimhawwende pleatsen yn syn besit yn Bûtenpost, Stynsgea, Droegeham, Surhuzum, Lutkepost en Twizel.[3]
Houlik en bern
bewurkje seksjeVan Boelens boaske yn 1608 oan Maaike Pieters (± 1587/88-1655), dochter fan Pieter Binnerts, lekkenkeapman te Ljouwert, en Maeycke van Voort, besibbe oan de Uterske ferfeantersfamylje Van Voort dy't in part fan de feanen fan it Gerkeskleaster yn gebrûk krige.[6][7] It pear krige in soan:
- Pieter fan Boelens (1609-1639), hy folge syn heit op as grytman fan Achtkarspelen. Pieter boaske oan Eelckien fan Haersma, dochter fan Arent fan Haersma, grytman fan Smellingerlân en Hylck fan Harckema. Hylck wie in suster fan Aulus fan Harckema, grytman fan Fisfliet, sy troude letter op 'en nij mei Feycke fan Herbranda.[8] It rouboerd foar Pieter fan Boelens sit yn de samling fan it Frysk Museum.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|