Boekweet

(Trochferwiisd fan Boekweit)

Boekweet (Fagopyrum esculentum) ek wol boekweit, boekwyt, bokweit, bokweet, bokwyt of perfyt, is in plant út de readskonkfamylje (Polygonaceae). De botanyske namme Fagopyrum betsjut 'boekweet' (fagus = boek (de beam) en puros = weet). Yn oare talen hat it lyksoartige nammen: 'bokwiet' (Afrikaansk), 'buckwheat' (Ingelsk), 'Buchweizen' (Dútsk) en 'boghvede' (Deensk).

boekweet
taksonomy
ryk planten (Plantae)
stamme blêdplanten (Euphyllophyta)
klasse bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
skift miereftigen (Caryophyllales)
famylje readskonken (Polygonaceae)
skaai boekweetplanten (Fagopyrum)
soarte
Fagopyrum esculentum
Moench, 1794

It is in ienjierrige plant mei in holle, rjochtopgeande, him faker fertakjende, reade stâle. De blêden binne trijehoekich oant hertfoarmich. It woartelstelsel bestiet út in sterk spranteljende pinwoartel. De bloei begjint al yn in jong stadium, soms al nei seis wiken, en giet dan 25-30 dagen troch. De blommen steane in langstâlige plommen by elkoar, wyt en rôze fan kleur, en befetsje in soad nektar. Op earme grûnen kin boekweet 50 sm heech wurde. Foardat de bloei dien is binne der al ripe fruchten.

 
Boekweetblom

It ytbere sied sit oan tinne stâltsjes dy't yn ripe tastân maklik loslit. It hat in moal- en aaiwytrike ynhâld, oerienkommend mei dy fan klaver. Der wienen earder twa rassen bekend: op de feangrûnen de Staphorster brúnswarte en op de sângrûnen de Brabânske grize boekweet. De hjoeddeiske rassen produsearje minder nektar as de âlde rassen. By it bewarjen moat it sied drûch wêze want it skimmelt gau. Ien kilo sied befet ± 45.000 siedden.

De foarm fan it boekweetsied liket in soad op bûkels, al binne se folle lytser, ûngefear 6 mm lang. It sied waard ta moal meald, hoewol't boekweit beslist gjin nôt is. Boekweet is in 'pseudonôt': de siedden, it moal en alle oare ôflate produkten fan boekweet befetsje gjin gluten en binne sa faak in útkomst foar minsken mei allergyen. It moal kin goed mongen wurde mei dat fan nôt om sa stro te meitsjen. Rustere boekweetkerrels hjitte ek wol 'kasha' en binne bekend út de East-Europeeske keukens. Yn boekweetmoal sit in soad magnesium, kalium en fosfor. It is streksum en licht fertarber. It wurdt tsjintwurdich ek ferboud foar de genêskunde.

Boekweet is in plantesoarte dat sûnt de 15e iuw ferboud wurdt op de Fryske sângrûnen en soks barde sûnder dongjen. Sadwaande wie it in útkomst foar earme boeren, der wie ommers gjin fee of kaptaal nedich. It lân rekke ek net útrûpele. Boekweet freget in djip losmakke boufuorge, de pinwoartel krijt sa makliker de kâns om te groeien. Djip ploegjen freget in sôad lûkkrêft. De spreuk "boekweet wurdt ferboud op hynsteswit" hat hjiryn har oarsprong. Boekweetlân op sângrûn waard faak twa kear ploege. Ein febrewaris of begjin maart waard djip ploege, en by of foar it siedzjen (nei de Swartehagekjeld) barde dat nochris, mar dan tige ûndjip. Boekweetbou ferge in soad skoffeljen en wjudzjen. It waard breedwerpich of yn rigen op in ôfstân fan 30 sm siedde en 3 sm djip. Troch de flugge groei is it in goede boaiembedekker, mar men hie wol in soad lêst fan it ûntúch hoannepoat. It nôt wie tear en de rispinge mislearre geregeld troch kerbûstich waar of nachtfroast. Letter fergoeden de hege strieprizen it risiko wat. Nei 1700 wie de boekweet foar de Drachtster en de Gordykster nôtkeaplju it belangrykste produkt. Op de net-ôfgroeven heechfeangebieten waard ek boekweet ferboud (fean-boekweet) neidat de heide der ôfbaarnd wie. Dit feanbaarnen joech in soad reek ûntwikkeling, wêroer de klachten sels út Hollân wei kamen. (oer it brânen yn it Drintske fean).

 
Siedfoarming

Sân en feangebieten

bewurkje seksje

Der waard terske mei krûme terskkneppels op in fan ôfplagge stik grûn bûtendoar. Oan de ein waard 'de marse' slein wêrby't de fleiels tagelyk delkamen. Der leinen planken ûnder de skeaven. By dit terskjen waard stevich dronken en ta eintsjebeslút ek iten. De boekweetbou is nei 1850 hurd werom rûn. Yn 1876 waard noch 10% fan it boulân troch boekweet ynnomd, mar nei 1900 is de tylt yn Fryslân finaal ferdwûn. Hjouwer en jirpels kamen derfoar yn 't plak. De Frânske boekweet wie in konkurrint. Der wie ek in groeiend ferlet fan feefoerbou. Eaststellingwerf hat it noch it langste folholden. Yn 1920 waarden noch 11 fan de 7600 ha. (Oeriselske en Gelderske sângrûn) yn Fryslân tyld. It sie waard earder oan oan pelmoolners ferkocht, dy't de boekweetgrôt fan makken, de grûnslach foar "boekweten Janke, sa stiif as in planke". In oar gerjocht wie boekwetenbrij. Boekweetdoppen waarden brûkt foar bêdekessens. Der waard lang ûnderskied makke tusken sânboekweet en feanboekweet.

 
Boekweetsied

Boekweet is in kultuergewaaks dat it ierst sa'n 6.000 jier lyn ferboud waard op it fêstelân fan Súdeast-Aazje, dêr't it him wei fersprate nei Mantsjoerije, Mongoalje en Tibet. It tinken is ornaris dat it letter, oan 'e ein fan 'e Midsiuwen, fia de Siderûte nei East-Jeropa brocht waard. Dêrwei waard it fierder oer Midden- en West-Jeropa ferspraat. Ut stomoalûndersyk hat lykwols ek bliken dien dat boekweet al foar it begjin fan de jiertelling yn Nederlân foarkaam.

Argyfûndersyk leart dat al sûnt 1390 in flugge yntroduksje fan boekweit wie yn de Nederlannen. De sintra hjirfan binne de Kempen en de Iselfallei. Taalkundige gegevens dogge fermoeden dat de boekweet lâns trije siden West-Europa binnenkaam: in noardlike rûte, mooglik fia de Hânze, mei as nammetype boekweet, in eastlike hannelswei mei nammetype 'Heidenkorn' of 'Pohanka', en in súdlike rûte mei as nammetype 'Saraseensk' of 'Moarsk nôt'.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: