Taiga

(Trochferwiisd fan Boreaal wâld)

Taiga (fan it Russyske тайга, tajga, "nullewâld", dat wer ûntliend is oan it Mongoalsk), benammen yn Noard-Amearika ek wol boreaal wâld neamd (boreaal betsjut noardlik), is in wrâldtype yn noardlike breedtegraden fan de wrâld, ynklamme tusken de toendra yn it noarden en it tuskenbeiden wâld yn it suden. It wurdt karakterisearre troch útstrutsen, kâlde en fochtige nullewâlden, dy't it grutste bioom op drûch lân fan 'e hiele wrâld foarmje. It meastepart fan Kanada, Alaska, Sibearje, Jeropeesk Ruslân, Finlân, Sweden en Noarwegen is dermei oerdutsen. Ek yn dielen fan Estlân, de Skotske Heechlannen, noardlik Mongoalje en noardlik Kazachstan komt taiga foar, krekt as op it Japanske eilân Hokkaido en yn inkele lytse dielen fan 'e legere 48 steaten fan 'e Feriene Steaten.

It foarkommen fan taiga yn 'e wrâld.

De wichtichste beammesoarten, de lingte fan it groeiseizoen en de hichte fan simmertemperatueren kin tusken ferskillende taigakriten sterk útinoar rinne. Sa bestiet de taiga fan Noard-Amearika foar it meastepart út ûnderskate soarten spjirren en sulverspjirren, wylst de taiga fan Skandinaavje en Finlân opmakke is út spjirren, dinnen en bjirken, en de taiga fan eastlik Sibearje benammen út lieren bestiet. Nullebeammen lykas dinnen, spjirren en lieren kinne, yn tsjinstelling ta de measte leafbeammen, poerbêst oer strange winters. Leafbeammen lykas bjirken, pompelieren, wylgen en koetsebeibeammen komme der lykwols ek foar.

Taiga yn it Alaskaberchtme yn Alaska.

De grûn dêr't taiga op groeit, bestiet foar in grut diel út fean, benammen yn it binnenlân fan Kanada, noardlik Ruslân en Sibearje. Yn 'e grûn leit sadwaande in protte koalstofdiokside opslein yn 'e foarm fan planteresten. Troch it opwaarmjen fan 'e Ierde komt yn 'e taiga metaangas frij, mei as gefolch dat it broeikaseffekt, dat de klimaatferoaring oandriuwt, fuortsterke wurdt. De grûn fan 'e taiga is tige soer; wylst de fan 'e beammen fallen nullen stadichoan kompostearje, skiede se in soer of dat alle planten útsein nullebeammen behinderet yn harren groei. Dat ferskynsel stiet bekend as allelopaty. Sûnt likernôch 2000 wurdt de taiga, benammen yn Kanada, Alaska en Sibearje, yn oanboazjende mjitte teheistere troch boskbrannen

De fauna moat yn 'e taiga goed oanpast wêze oan 'e kjeld fan 'e winters. Foarbylden fan karakteristike bisten út 'e taiga binne de krúsbek, de raven, de rûchpoatmûzefalk, de keningsearn, de bever, de Kanadeeske bever, de otter, de rivierotter, de Amerikaanske bizon, de brune bear, de Amerikaanske swarte bear, de Aziatyske swarte bear, de Jeraziatyske lynks, de Kanadeeske lynks, de Sibearyske tiger, de wolf, de foks, de prêrjewolf, de sniehazze, de Amerikaanske hazze, de harmeling, de wezeling, de Sibearyske wezeling, de Amerikaanske nerts, de beamotter, de Amerikaanske marter, de fiskmarter, de warch, de oerzon, de eland, it rindier en ferskate soarten lemmings, iikhoarntsjes en pipermûzen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.