Bourne (filmsearje)

(Trochferwiisd fan Bourne-filmsearje)

Bourne is in Amerikaanske filmsearje fan spionaazje-aksjeskrillers basearre op it personaazje Jason Bourne út 'e boeken fan skriuwer Robert Ludlum. Bourne is in slûpmoardner yn 'e tsjinst fan 'e CIA, dy't oan ûnthâldsferlies lijt en útsykje moat wa't er is. Anno 2021 binne der fiif films yn dizze filmsearje makke, wêrfan fjouwer mei Matt Damon yn 'e rol fan Jason Bourne. De fjirde film, The Bourne Legacy, giet oer Aaron Cross, spile troch Jeremy Renner, dy't troch de dieden fan Bourne yn 'e trije foargeande films yn 'e swierrichheden komt. De earste trije Bourne-films krigen oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en allegear wiene se kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen.

Bourne
betinker Robert Ludlum
eigner Universal Pictures
lân Feriene Steaten
begjinjier 2002
einjier 2016
films
langspylfilms The Bourne Identity
The Bourne Supremacy
The Bourne Ultimatum
The Bourne Legacy
Jason Bourne
tillefyzje
tillefyzjefilms Treadstone

The Bourne Identity

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side The Bourne Identity (film út 2002).

Yn The Bourne Identity wurdt in ûnbekende, ferwûne man (Matt Damon) út 'e Middellânske See fiske. Hy blykt oan ûnthâldsferlies te lieden en syn iennichste oanwizing foar syn identiteit is it nûmer fan in Switsersk bankklúske dêr't er in paspoart yn fynt ûnder de namme 'Jason Bourne'. De film folget him as er besiket út te finen wa't er is, wêrby't er oanhâldend yn gefaarlike sitewaasjes belânet. Uteinlik ûntdekt er dat er in slûpmoardner yn 'e tsjinst fan 'e CIA is, dy't no troch dy ynljochtingetsjinst as in gefaar beskôge wurdt dat eliminearre wurde moat.

The Bourne Identity waard regissearre troch Doug Liman nei in senario fan Tony Gilroy en William Blake Herron. De film gie op 14 juny 2002 yn premiêre, en brocht $214,0 miljoen op tsjin in budget fan $60 miljoen. It wie de twadde film dy't op 'e roman mei deselde namme fan Robert Ludlum basearre wie, nei The Bourne Identity, in tillefyzjefilm út 1988 mei yn 'e haadrol Richard Chamberlain, dy't ornaris net ta de Bourne-filmsearje rekkene wurdt.

The Bourne Supremacy

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side The Bourne Supremacy (film).

Yn The Bourne Supremacy wurdt Jason Bourne (Matt Damon), likernôch twa jier nei't er syn wiere identiteit ûntdutsen en syn bannen mei de CIA ferbrutsen hat, ta sûndebok makke foar in misdriuw dêr't er neat mei te krijen hat. Fan gefolgen wurdt besocht him út 'e wei te romjen. Bourne, dy't mient dat de CIA it wer op him foarsjoen hat, giet op 'e nij op ûndersyk út en ûntdekt dat it net de CIA is dy't op him jaget, mar lju dy't op eigen manneboet operearje. Om syn persoanlike feilichheid te garandearjen, moat er mei harren ôfweve. The Bourne Supremacy waard regissearre troch Paul Greengrass nei in senario fan Tony Gilroy. De film gie op 23 july 2004 yn premiêre, en brocht $288,5 miljoen op tsjin in budget fan $75 miljoen. The Bourne Supremacy wûn de Empire Award foar bêste film.

The Bourne Ultimatum

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side The Bourne Ultimatum (film).

Yn The Bourne Ultimatum kriget Jason Bourne (Matt Damon) fannijs swierrichheden mei de CIA as in Britske sjoernalist (Paddy Considine) syn ferline begjint te ûndersykjen en dêrby op saken stjit dy't de CIA net buorkundich hawwe wol. Om't men mient dat it ûndersyk fan Bourne útgiet en dat er op wraak út is, wurdt in operaasje optuge om Bourne út 'e wei te romjen ear't er alderhanne geheimen oan 'e sjoernalist útbringe kin. Yn reäksje op 'e hannelingswize fan syn eardere wurkjouwers giet Bourne sels yn 'e oanfal, en sa komt er foar it earst each yn each te stean mei de dejinge dy't it tafersjoch oer syn gedrachsmodifikaasje hie doe't er noch as slûpmoardner foar de CIA wurke.

The Bourne Ultimatum waard op 'e nij regissearre troch Paul Greengrass, nei in senario fan Tony Gilroy, Scott Z. Burns en George Nolfi. De film gie op 3 augustus 2007 yn premiêre, en brocht $442,8 miljoen op tsjin in budget fan $110 miljoen. The Bourne Ultimatum wûn trije Oscars, foar bêste filmmontaazje, bêste lûdsmixing en bêste lûdsmontaazje. De film wûn ek de Empire Award foar bêste film.

The Bourne Legacy

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side The Bourne Legacy (film).

Yn The Bourne Legacy komt Aaron Cross (Jeremy Renner), in slûpmoardner yn 'e tsjinst fan it Amerikaanske Ministearje fan Definsje, yn it nau as syn oerhearrigen beslute it programma dêr't er diel fan útmakket, te eliminearjen om't Bourne it bestean fan soartgelikense operaasjes by de CIA útbrocht hat oan 'e media. Mei 'eliminearjen' wurdt letterlik it ombringen fan alle belutsenen bedoeld. Cross moat sjen te oerlibjen en tagelyk tagong sjen te krijen ta de gemikaliën dêr't er ferlet fan hat om syn ferhege fysike en mentale fermogens yn stân te hâlden. The Bourne Legacy waard regissearre troch Tony Gilroy nei in senario fan himsels en syn broer Dan Gilroy. De film gie op 10 augustus 2012 yn premiêre, en brocht $276,1 miljoen op tsjin in budget fan $125 miljoen.

Jason Bourne

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Jason Bourne (film).

Yn Jason Bourne kriget Bourne syn bûnsgenoate Nicky Parsons (Julia Stiles) tagong ta gefoelige CIA-dossiers, wêryn't se ynformaasje oantreft oer it persoanlik ferline fan Bourne. Sa wurdt Bourne gewaar dat syn heit (Gregg Henry), dy't sels ek foar de CIA wurke, troch de CIA út 'e wei romme is om't er net woe dat syn soan omfoarme wurde soe ta in moardmasine. Robert Dewey (Tommy Lee Jones), de direkteur fan 'e CIA, besiket Bourne en Parsons op te spoaren en te likwidearjen om't se no fiersten tefolle witte, wylst Bourne plannen makket om wraak te nimmen op Dewey. Jason Bourne waard wer regissearre troch Paul Greengrass, nei in senario fan himsels en Christopher Rouse. De film gie op 29 july 2016 yn premiêre, en brocht $415,5 miljoen op tsjin in budget fan $120 miljoen.

Sechsde film

bewurkje seksje

Yn oktober 2019 befêstige Ben Smith, dy't as filmprodusint by de franchise belutsen west hat, dat in sechsde Bourne-film yn preproduksje nommen wie.

Yn april 2018 bestelde it USA Network in pilotôflevering foar in tillefyzjesearje mei de titel Treadstone, nei de geheime CIA-operaasje dêr't Bourne oarspronklik diel fan útmakke. De searje, dy't skreaun waard troch Tim Kring, soe fierder yngean op 'e oarsprong fan dy operaasje. Yn augustus 2018 waard bekendmakke dat Treadstone it meitsjen fan in pilotôflevering oerslaan soe om ynstee fuortendaliks op 'e tillefyzje te kommen. Dat barde yn oktober 2019. Yn maaie 2020 waard de searje lykwols al nei ien seizoen stopset omreden fan ôffallende sjochsifers.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Bourne (filmsearje)
The Bourne Identity (2002) • The Bourne Supremacy (2004) • The Bourne Ultimatum (2007) • The Bourne Legacy (2012) • Jason Bourne (2016)