Brêge yn de N384 (Wjelsryp)
De brêge yn de N384 (der is gjin offisjele namme) is in fêste brêge yn 'e provinsjale wei N384 (pleatslik bekend as de Suderpolderwei) tusken Dearsum en Frjentsjer.[1][2] De brêge giet likernôch in heale km súdlik fan it Fryske doarp Wjelsryp oer de Frjentsjerter Feart, dy't dêr fan Wjelsryp, yn it noarden, nei Mûntsjetille by Winsum streamt.[1][2]
brêge yn de N384 | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Waadhoeke | |
plak | Wjelsryp | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | brêge | |
subtype | fêste brêge | |
boujier | 1977; 2019 | |
sloopjier | 2019 | |
oerbrêget | Frjentsjerter Feart | |
wei of spoar | N384 (Suderpolderwei) | |
oare ynformaasje | ||
hichte | 2.60 m (trochfeart) |
De brêge yn 'e N384 waard yn 'e twadde helte fan 'e 1970-er jierren tagelyk mei it trasee fan 'e N384 tusken Winsum en Frjentsjer oanlein en yn 1977 iepene.[boarne nedich] Hy wie lykwols sa plat dat in grut diel fan 'e trochfeart dertroch behindere waard.[boarne nedich] Dêrnjonken waard by de oanlis fan 'e brêge de tagong fan 'e Baaiumer Opfeart ta de Frjentsjerter Feart ôfsletten, mei as gefolch dat it doarp Baaium net mear oer it wetter berikber wie.[boarne nedich]
Yn it neijier fan 2019 waard begûn mei it fernijen fan 'e brêge,[2] nei't in tal jierren dêrfoar de ôfsluting fan 'e Baaiumer Opfeart al opheft wie.[boarne nedich] By de nijbou waard de trochfeart fan 'e brêge ferhege fan 2.40 m nei 2.60 m.[2] Fierders kamen der fangrails oan wjerskanten fan 'e brêge.[2] Om it ferkear net te slim te behinderjen, waard njonken de brêge in tydlike needbrêge oanlein.[2] De wyks foar de kryst fan 2019 waard de haadrydbaan fan 'e nije brêge al iepene foar it ferkear.[1][2] De fangrails waarden pleatst yn 'e wike fan 27 jannewaris 2020, wêrnei't it ôfrûnjende wurk tsjin 'e ein fan febrewaris hielendal klear wie.[1][2]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |