Broek (lânskip)
In broek is in leech lizzend gebiet dat algeduerigen wiet is[1]. Dat kin troch sipe fan grûnwetter komme of troch in rivier dy't gauris oerstreamt en winterdeis it lân foar in skoft ûnderstrûpt.
Neffens lânskip kin in broek fariearje fan in stik sompich fean ta grutte uterwaarden mei klaaigrûn. In soad broeklân is net gaadlik foar lânbou om't se te wiet binne, mar guon kinne yn drûgere perioaden weide wurde.
In tige bewoeksen stik broeklân wurdt in broekwâld neamd. Wurdt dat bewurke, dan kin in grjint ûntstean. Dêr kinne tienen fan wylgen of oar taai opsjittend hout besnien wurde, dêr't meganisaasje hast net mooglik is om't reauwen yn de sodzige boaiem delsinke kinne.
Taalkundich
bewurkje seksjeIt wurd "broek" komt omreden syn betsjutting yn in stikmannich plak- en fjildnammen foar, lykas it doarp De Broek, noardlik fan De Jouwer en yn Noard-Hollân: Broek yn Wetterlân, Broek op Langedyk en Stede Broec. Yn Noard-Dútslân komt it wurd yn nammen foar as brook of brok foar, lykas bygelyks Brookmerlân by Auwerk yn East-Fryslân.
De oarsprong fan it wurd komt fan it Aldfrysk e brōk dat wer fan it Oergermaanske brōka komt, itjinge "sompe" of "sompich lân" bestjut. Dat wurdt komt lykwols allinnich yn it Westgermaansk foar en kin mooglik ûntliend wêze fan it Keltyske brāgo of brogilo -streek, stik lân.[2]
It wurd is besibbe oan it Dútske Bruch, it Ingelske brook (itjinge beek betsjut) en it Nederlânske broek.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|