Brooke Mueller
Brooke Mueller (folút: Brooke Jaye Mueller; Albany (New York), 19 augustus 1977) is in Amerikaansk aktrise, ûnreplik-goedynvestearder en societystjer fan mingd Dútsk en Joadsk etnysk komôf. Hja hat fral bekendheid krigen troch har houlik mei akteur Charlie Sheen, it enfant terrible fan Hollywood, dat duorre fan 2008 oant 2011.
Brooke Mueller | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Brooke Jaye Mueller | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 19 augustus 1977 | |
berteplak | Albany (New York) | |
etnisiteit | Dútsk Joadsk | |
jierren aktyf | 1998 – no | |
offisjele webside | ||
gjint |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeMueller waard yn 1977 berne yn Albany, de steatshaadstêd fan New York. Har heit, Allen Mueller, wie in lutheraan fan Dútsk komôf, dy't as plysjeman wurke hie yn Miami en op Key West en letter ûnderwizer en makeler waard en ek út en troch op 'e preekstoel stie. Hy kaam lykwols om by in motorûngemak doe't Mueller tolve jier wie. Twa jier letter ferfear hja mei har Joadske mem Moira Roskin nei Floarida, dêr't har mem wertroude mei miljonêr Kenneth Wolofsky. Mueller hat in broer, Scott Allen Mueller, en in healsuster, Sydney Wolofsky. Har mem troude letter foar de trêde kear mei de Newyorkske lounge-sjonger Jon Fiore. Mueller makke de middelbere skoalle ôf oan 'e Benjamin School yn Palm Beach, dêr't hja lid wie fan it cheerleaderstiim.
Karriêre
bewurkje seksjeMei tweintich jier begûn Mueller yn 1998 in karriêre as filmaktrise, mar dêr hie se net al tefolle súkses mei. Se spile yn 'e tillefyzjesearje USA High en yn trije films: Witchouse (1999), A Love Song for Bobby Long (2004) en de komeedzje Strictly Sexual (2008). Har bekenste rol wie dy fan Janet yn Witchouse, in film dy't nea yn 'e bioskopen draaide, mar daliks op fideo útbrocht waard. Sawol yn Witchouse as yn Strictly Sexual stie Mueller op 'e ôftiteling fermeld as "Brooke Allen".
Yn 2011 wurke Mueller mei oan it realitytillefyzjeprogramma The World According to Paris, fan Paris Hilton. Njonken har karriêre as aktrise wurke Mueller ek as ûnreplik-goedynvestearder, wêrby't se yn 2012 bgl. in hûs (yn Los Angeles) fan 'e Britske sjongster Mel B kocht, it hielendal opknapte en it njoggen moannen letter wer ferkocht mei $500.000 winst. Datselde trúkje hat hja ek úthelle mei huzen yn 'e Losanzjelynske buerten Nichols Canyon (2005) en Los Feliz (2009).
Priveelibben
bewurkje seksjeMueller krige bekendheid by in breder publyk doe't hja op 30 maaie 2008 troude mei akteur Charlie Sheen, it enfant terrible fan Hollywood. Hja wiene yn 2006 mei-inoar yn 'e kunde kommen fia harren mienskiplike freondinne Rebecca Gayheart, en hiene harren yn 2007 oaninoar fersein. Op 14 maart 2009 skonk Mueller it libben oan in twilling, twa jonkjes, dy't Bob en Max kamen te hjitten. Op 25 desimber fan dat jier waard Sheen arrestearre op fertinking fan húslik geweld. It stel frege yn novimber 2010 in skieding oan, en yn maart 2011 moast de plysje deroan te pas komme om Bob en Max by Sheen út 'e hûs te heljen, nei't Mueller in twangbefel tsjin Sheen oanfrege hie. Op 2 maaie 2011 waard de skieding fan krêft, mar neitiid fermoedsoenen Mueller en Sheen har mei-inoar en oant hjoed de dei bliuwe se freonen. Ek yn 2011 wurke Mueller mei oan 'e dokumintêre Charlie Sheen: Bad Boy on the Edge.
Yn har jongere jierren kaam Mueller ferskate kearen mei de plysje yn oanrekking. Sa waard se yn 1996 yn Palm Beach County, yn Floarida, oppakt foar riden ûnder ynfloed, en waard se yn maart 2001 yn Miami-Dade County arrestearre foar it besit fan kokaïne. Yn july 2011 foltôge se in ôfkickprogramma yn in iepen ferslavingsklinyk om fan har drankferslaving ôf te kommen. Yn 2013 waarden har bern lykwols by har út 'e hûs helle, wêrnei't dy úteinlik ûnder fâdij fan har broer Scott pleatst waarden. Under de regeling dy't doe troffen waard, bleaune de bern by Mueller yn 'e hûs, mar kaam har broer by har yn te wenjen. Yn desimber 2014 krige Mueller de folsleine sizzenskip oer har bern werom.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |