Byzantynsk Manljuskoar Fryslân
It Byzantynsk Manljuskoar Fryslân (Nederlânsk en offisjeel: Byzantijns Mannenkoor Friesland) is in Frysk koar út Drachten. It waard yn 2004 oprjochte en telt anno 2019 24 leden, ôfkomstich út Fryslân, Grinslân en Drinte. Sûnt 2007 stiet it koar ûnder lieding fan diriginte Nana Tchikhinashvili, dy't hikke en tein is yn 'e Georgyske haadstêd Tbilisi en sûnt 1995 yn Nederlân wennet.
Byzantynsk Manljuskoar Fryslân Byzantijns Mannenkoor Friesland | ||
algemiene ynformaasje | ||
ôfkoarting | BMF | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type org. | feriening | |
wurkmêd | koar | |
fêstige yn | Drachten (Fryslân) | |
oprjochte | 2004 | |
oprjochter | 24 (2019) | |
offisjele webside | ||
www.bmfdrachten.nl |
It rippertwaar fan it Byzantynsk Manljuskoar Fryslân bestiet foar it meastepart út liturgyske gesangen út 'e Eastersk-otterdokse tradysje, benammen dy fan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke. Dêropta bringt it koar ek folksferskes út East-Jeropa te'n gehoare. It Byzantynsk Manljuskoar Fryslân sjongt altyd à capella, om't neffens de Eastersk-otterdokse tradysje de lieten dy't songen wurde ûnder de earetsjinst in wjerklang wêze moatte fan it sjongen fan 'e ingels yn 'e himel (dy't gjin muzykynstruminten brûke). Foar de folksferskes giet soks net op, mar dêrfoar makket it koar likemin gebrûk fan ynstrumintele begelieding.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|