Carel fan Roarda

(Trochferwiisd fan Carel Roarda)

Dr. Carel fan Roarda, ek Carel van Roorda (om 1609 hinne - Idaerd, 6 maart 1670) wie grytman fan Idaarderadiel, rekkenmaster fan de provinsje Fryslân en deputearre dêre.

Carel fan Roarda (1635)
Wybrand de Geest

Libben en wurk

bewurkje seksje
 
Friesmastate yn 1721

Fan Roorda wie in soan fan de heechlearaar Andries van Roorda en fan Anna Epesdr fan Juckema. Hy wie fan 1635 oant syn ferstjerren yn 1670 grytman fan Idaarderadiel. Ien fan syn fertsjinsten wie it ynstellen fan in beurtfeart op Ljouwert en Snits. By it wurk fan de grytmannen fan Idaerderadiel hearde ek it tafersjoch op de wetterkearings. Sadwaande wie er dykgraaf fan de Leppedyk.

 
Gebodsboerd yn de tsjerke fan Grou

Hy wie er trije kear deputearre fan Fryslân foar Eastergoa fan 1648-1652, fan 1656-1660 en fan 1664-1667. Hy wenne op de Friesmastate yn Idaerd dy't er sels bouwe litten hie. Hy troude op 3 desimber 1648 yn Ljouwert mei Lisck van Wissema en hy ferstoar yn maart 1670. Yn de Gertrudistsjerke fan Idaerd is syn grêfsark te finen.

Van Roorda skonk in gebodsboerd oan de Sint-Pitertsjerke fan Grou. Op dat boerd stiet, oars as wenst wie mei de measte gebodsbuorden, net de tekst fan de Tsien Geboaden, mar de gearfetting út it evangeelje fan Matteüs en in tekst út it evangeelje fan Johannes. Syn neef Andries Roorda skonk, tegearre mei syn frou, in sulveren nachtmielskaal oan dy tsjerke.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: