Sintraal Planburo

(Trochferwiisd fan Centraal Planbureau)

It Sintraal Planburo (Nederlânsk: Centraal Planbureau), gauris ôfkoarte ta it CPB, is in advysorgaan fan 'e Nederlânske oerheid dat ressortearret ûnder it Ministearje fan Ekonomyske Saken. Dizze ynstelling leit him ta op it meitsjen fan ekonomyske prognoazes en analyzes, en besiket dêrby safolle mooglik wittenskiplik ferantwurde en by de tiid te wêzen. It CPB is fêstige yn De Haach, en bestiet sûnt 1945.

Sintraal Planburo
Centraal Planbureau
algemiene ynformaasje
namme folút Centraal Planbureau
ôfkoarting CPB
lân Nederlân
haadkertier De Haach (Súd-Hollân)
oprjochte 1945
falt ûnder Min. f. Ekonomyske Saken
doel advys oangeande de ekonomy
offisjele webside
www.cpb.nl

It CPB waard yn 1945, fuort nei de befrijing fan 'e Dútske besetting fan Nederlân oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch, oprjochte troch Hein Vos, de doetiidske Nederlânske minister fan Hannel en Niverheid. Ekonoom Jan Tinbergen, de winner fan 'e Nobelpriis foar de Ekonomy, wie de earste direkteur fan it ynstitút. Oardel jier letter, yn 1947, krige it CPB syn wetlike grûnslach.

Foar de oarloch hiene Vos en Tinbergen yn 1935 foar de sosjaal-demokratyske SDAP it Plan fan de Arbeid skreaun. Mei Willem Drees, dy't nei de befrijing premier waard, wiene dy beiden foarstanners fan in planekonomy yn 'e sin fan in troch planning stjoerde ekonomy. Nei ferrin fan inkele jierren waard de rol fan it CPB lykwols minder taakstellend en mear advisearjend.

Hjoeddeiske sitewaasje

bewurkje seksje

Belanghawwenden foar it ûndersyk troch it CPB binne net inkeld it regear en it parlemint, mar ek maatskiplike organisaasjes, lykas politike partijen, fakbûnen en wurkjouwersorganisaasjes. Oars as bygelyks it Sintraal Buro foar de Statistyk is it Sintraal Planburo gjin selsstannich bestjoersorgaan; it is ynstee in ûnderdiel fan it Nederlânske Ministearje fan Ekonomyske Saken. Sadwaande hat it tagong ta fertroulik beliedsynformaasje en kin it in oardiel jaan oer de beliedsmaatregels dy't troch it kabinet yn omtinken nommen binne. Tagelyk soarget de neutraliteit dy't it CPB heart te hawwen foar it fertrouwen dat oare ministearjes yn advizen fan it ynstitút hawwe.

Yn 2011 fierde it CPB in ûndersyk út nei de effekten dy't de ynfiering fan 'e euro foar Nederlân hân hie. De resultaten fan dat ûndersyk waarden û.m. publisearre yn it boek Europa in Crisis. Ien fan 'e konklúzjes wie dat de ynfiering fan 'e euro in foardiel ter grutte fan in wyksalaris brocht hie foar de trochsneed Nederlanner. Dêr kaam in protte krityk op, om't de measte minsken sterk it gefoel hiene dat se der troch de ynfiering fan 'e euro yn keapkrêft op efterút gien wiene. Yn maaie 2014 joech de eardere direkteur fan it CPB, Coen Teulings, yn in fraachpetear mei de krante De Telegraaf ta, dat ûnder syn lieding yn dat ûndersyk de positive effekten fan 'e ynfiering fan 'e euro wittens en mienens oerdreaun wiene.

Direkteuren fan it CPB

bewurkje seksje

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.