Gamaven
De Gamaven (Nederlânsk: Chamaven) wiene in Germaansk folk; se wurde letter ta it stamferbân fan de Franken rekkene. It gebiet dat sy bewenne hawwe lei oan de rjochter igge fan de Ryn, beëasten dat fan de Friezen, wat tsjintwurdich de Efterhoeke en it distrikt Greefskip Bentheim yn Nedersaksen is. Harren namme libbet fierder in de krite fan Hamalân, tusken de Neder-Ryn en de Isel.
De Romeinske Peutinger-kaart hat benoarden de Ryn in ynskrift: Hamavi que et Franci; dat betsjut 'de Gamaven dy't ek Franken neamd wurde'.
Neffens Tacitus wenje se eastlik fan de Friezen,[1] yn it gebiet dat letter Hamalân kaam te hjitten. De Bruktearen, in oar Frankysk folk dat dêr earder wenne hat, is troch de Gamaven wierskynlik nei it suden ta ferdreaun. Hamalân is it lân fan de Hamaven. It leit yn it tsjintwurdige Oerisel. Wierskynlik kamen de Gamaven út it noarden (de measte Germaanske stammen gongen fan noard nei sud). Se hawwe sadwaande de stêden Hamm en Hamburch efterlitten.
De Gamaven wurde yn de Notitia Dignitatum fernijd as in Romeinske legerienheid.
Fuotnoat
bewurkje seksje- ↑ Publius Cornelius Tacitus, De origine et situ Germanorum, Boek 34.
Germaanske folken | feroarje |
---|---|
Allemannen · Ambroanen · Ampsivaren · Angelen · Angrivaarjers · Asdingen · Bajuwaren · Bataven · Boergonden · Bruktearen · Chasuarii · Dulgubnii · Fandalen · Fangionen · Fisigoaten · Fosy · Franken · Frisii · Gamaven . Gepiden · Goaten · Harii · Helisjers · Hermunduren · Herulen · Juten · Kananefaten · Kimbren · Kwaden · Lakringen · Langobarden · Lemovjers · Lugjers · Manimjers · Markomannen · Marobudui · Mattiakken · Naharvalen · Nemeten · Nervjers · Ostrogoaten · Rugjers · Saksen · Semnoanen · Silingen · Sitones · Sjamaven · Sjatten · Sjauken · Sjerusken · Skieren · Suëven · Sugambren · Suiones · Tenktearen · Teutoanen · Toksandrjers · Treveary · Triboken · Tubanten · Tudry · Ubjers · Usipeten · Volcae · Warnen |