Cornelis Reisma
Cornelis (Cor) Reisma (Stienwyk, 9 desimber 1902 - Ljouwert, 17 maaie 1962) wie in Frysk keunstskilder, yllustrator en glesker út Ljouwert.
Libben en wurk
bewurkje seksjeReisma bedarre mei 11 jier, nei't syn heit stoarn wie, yn Fryslân. Hy wenne in skoft by syn pake en beppe yn Stiens. Nei de ulo waard er ynearsten oplaat ta wetterboukundige oan de mts yn Ljouwert.
Reisma makke yn jierren tritch de oerstap nei de keunst, joech syn baan op folge dêrnei in oplieding oan de Ryksakademy foar Byldzjende Keunsten yn Amsterdam (1931-1933). Dêr krige er ûnderrjocht fan ûnder oarer perfester Jurres. Hy wie yn it earstoan in frij tradisjonele realist en dêrnei in jier of wat fynskilder. Hy wûn de Cohen Gosschalkpriis (1933) en de Willink van Collenpriis (1935).
Under syn oplieding oan de Akademy fan Antwerpen (1938-1939), ûnder Isidore Opsomer, krijt syn wurk in wat gruttere toets en in rike kleur. Der is bytiden in ekspresjonistysk aksint en noch letter hast abstrakt. Reisma wie net allinne skilder, mar joech ek les en skreau keunstresinsjes foar Het Vrije Volk.
Syn wurk bestiet út lânskippen, stillibbens en portretten. Ek wandskilderingen, brânskildere ramen en mozaïken hearre ta syn wurken. In stillibben mei 'stienen kruken in tinnen skaal jirpels' út 1943 is oankocht troch de Friesland Bank.
Reisma hie graach in grutter oeuvre neilitten, mar perioaden fan sykwêzen behinderen him om te arbeidzjen.[1] Hy stoar yn de âldens fan 59 jier yn it Diakonessehûs yn Ljouwert.
Inkele wurken
bewurkje seksje- 1950 Skilderij fan keninginne Juliana foar it Provinsjehûs fan Fryslân
- 1952 Brânskildere ramen foar it stedhûs fan Boalsert
- 1953 Skilderijen fan keninginne Juliana foar it stedhûs fan Frjentsjer en Crackstate op It Hearrenfean
- 1954 Mozayk foar de PZEM-sintrale yn Flissingen
- 1957 Brânskildere ramen foar de Grutte of Jakobinertsjerke
- 1962 Mozayk foar it Krematoarium Grins
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Noat: |