Poalske Fjildtocht
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
De Poalske Fjildtocht of ek wol de Septimberfjildtocht wie de ynvaazje fan Poalen troch Nazy-Dútslân en wurdt oer it algemien beskôge as it begjin fan de Twadde Wrâldkriich. De ynfal begûn op 1 septimber 1939, in dei nei it troch de SS opsette Gleiwitz-ynsidint.
Op 3 septimber 1939 ferklearren Frankryk en Grut-Brittanje fanwegen harren alliânsje mei Poalen de kriich oan Dútslân. Hja hienen lykwols net in adekwate tarieding en dêrmei ek net in slagjende oanfalsstrategy. Londen reagearre earst mei in seeblokkade en inkelde oare aksjes op see, wylst Frânske striidkrêften op 9 septimber 1939 de Dútske grins oer gongen. It doel wie om Poalen dêrmei te ûntlêstigjen, mar dat wie net it gefal. Nei fjouwer wike hawwe hja harren dêrom wer weromlutsen.
Op 17 septimber liet Josef Stalin it Reade Leger it easten fan Poalen binnenfalle. Dit koe neffens it Molotov-Ribbentroppakt dat op 23 augustus 1939 tusken Dútslân en de Sovjet-Uny sletten waard om Poalen te ferdielen. In moanne letter waard dêr it grins- en freonskipsferdrach tusken Dútslân en de Sovjet-Uny oan taheakke, wêrmei't de demarkaasjeline ferskowde. Litouwen soe no ûnder de Sovjet-Uny falle en parten fan it woiwodskip Warsjau ûnder it Dútske Ryk.
Parten fan it Poalske leger slaggen deryn om it omklamjen fan Poalen troch de Dútsers en de Sovjet-Uny te ûntkommen troch nei Hongarije, Roemeenje en Litouwen te flechten. Op 30 septimber waard yn Parys in regear yn ballingskip opset, dat yn maaie 1940 nei Londen ferhuze. It regear stjoerde de yn Poalen oerbleaune troepen oan en besocht it ferset tsjin de Dútsers en de Sovjet-Uny te organisearjen, mar al op 6 oktober 1939 joegen de lêste Poalske striidkrêften de wapens del.
Tidens de kriich en de Dútske besetting fan Poalen fan 1939 oant 1945 fierden ienheden fan de Sicherheitspolizei, de SD en de Wehrmacht plande of spontane massamoarden út op Poalske yntellektuelen, prysters, fakbûnsleden, aadliken en Joaden, wat as opmaat foar de 'ferneatigingskriich' fan it Dútske Ryk tsjin de Sovjet-Uny en foar de Holokaust beskôge wurde kin.