De 1100 Roe
De 1100 Roe is in Amsterdamske poldermûne út 1674. De namme fan 'e mûne tsjut op de ôfstân dy 't de mûne eartiids op syn histoaryske plak hie fan de Buitensingelgracht. Dy ôfstân waard yn roeden metten; de 1100 roeden komme dêr oerien mei in ôfstân fan likernôch 4,1 km.
De 1100 Roe | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
plak | Amsterdam | |
adres | Herman Bonpad 6 | |
koördinaten | 52°22' N 4°47' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | muonts | |
funksje | poldermûne | |
flecht | 25,90 m | |
boujier | 1674 werbou 1965 | |
oare ynformaasje | ||
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 5551 | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe mûne stie eartiids oan 'e Haarlemmerweg en waard boud om de kombinearre Sloterbinnen- en Middelveldste polder ûnder it doarp Sloten te bemeallen. Yn 1757 waard de mûne fernijd. In pear hûnder meter fierder nei it west stiet oan 'e Haarlemmerweg, noch jimmeroan op syn histoaryske lokaasje, de 1200 Roe.
De gemeente Sloten waard yn 1921 by Amsterdam yndield en yn 1935 waarden de âlde polders west fan 'e stêd oanwiisd foar de nije Amsterdamske stedsútwreiding. De goedkarring fan 'e útwreidingsplannen mei nije túnstêden folge yn 1939, mar troch de Twadde Wrâldkriich fûn de útfiering pas yn 'e jierren 1950 plak. Yn 'e jierren 1940 ferlear de mûne syn funksje en yn 1961 folge de ôfbraak. De 1100 Roe waard yn 1965 wer op in nije ûnderbou by de ringfeart fan Osdorp by it Sportpark Ookmeer opboud.
Op 'e hjoeddeiske lokaasje helpt de mûne by it ynmeallen foar it sportpark. Dêrfandinne wurdt de mûne ek wol de Ookmeermûne neamd. Njonken it ynmeallen kin de mûne bewenne wurde. Op it stuit docht it wendiel fan 'e mûne tsjinst as bêd en brochje.
De mûne hat op beide roeden fokwjukken, in Flaamske fang mei wipstok en de kape fan 'e mûne draait op in Ingelsk kruiwurk. De fizel is fan staal en lytser as de fizel fan 'e mûne op syn histoaryske plak.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Wynmûnen yn 'e gemeente Amsterdam | ||
---|---|---|
De 1100 Roe • De 1200 Roe • d'Admiraal • De Blom • Gemeenschapsmolen • De Gooyer • De Otter • Riekermûne • Mûne fan Sloten | ||
· · |