Riekermolen
De Riekermolen is in poldermûne súd fan it Amstelpark by de Amstel yn it stedsgebiet fan Amsterdam.
De Riekermolen | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
plak | Amsterdam | |
adres | De Borcht 10 | |
koördinaten | 52°19' N 4°53' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | muonts | |
funksje | poldermûne | |
flecht | 26,10 m | |
boujier | 1634 | |
oare ynformaasje | ||
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 685 | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeEartiids stie de yn 1636 boude mûne yn 'e Riekerpolder súd fan it doarp Sloten by Amsterdam. Oant 1932 bemealle de mûne dy 395 ha grutte polder op wynkrêft. Yn dat jier waard njonken de mûne in gemaal boud, dy't it wurk oernaam. Nei alle gedachten waard de mûne al sûnt de bou bewenne.
Mei't de stêd Amsterdam nei it west ta útwreide en der sân nedich wie, waard de Nije Mar fergrutte en in grut part fan 'e Riekerpolder fergroeven. Sadwaande koe de mûne net op syn histoaryske plak bliuwe en moast er yn 1956 ôfbrutsen wurde.
In nije lokaasje foar de mûne waard oan 'e westkant fan 'e Amstel by de Kalfjeslaan fûn. Dêr waard de mûne oan it begjin fan 'e jierren 1960 wer opboud. Dat hie al wat tûkelteammen, want by de werbou foel de mûnemakker Matthijs Brandhorst en ferstoar dêrby, sadat de mûne yn 1961 troch in bedriuw foltôge wurde moast.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe mûne is in achtkante, reiddutsen muonts. It ûnderste diel is betimmere mei potdeksele planken, dy't grien farve binne. De wjukken binne útrist mei it systeem Fauël en ha in wjukspanne fan 26,10 m.
By de mûne stiet in fan Han Wezelaar makke keunstwurk fan Rembrandt, ta neitins oan it meitsjen fan in soad tekeningen troch de skilder oan 'e igge fan dy rivier. It byld waard yn 1969 makke yn it ramt dat it doe 3 iuwen lyn wie de skilder ferstoar.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Wynmûnen yn 'e gemeente Amsterdam | ||
---|---|---|
De 1100 Roe • De 1200 Roe • d'Admiraal • De Blom • Gemeenschapsmolen • De Gooyer • De Otter • Riekermûne • Mûne fan Sloten | ||
· · |