De Griene Stjer (rekreaasjegebiet)
De Griene Stjer is in útstrutsen natoer- en rekreaasjegebiet yn 'e midden fan Fryslân, dat fuort beëasten de stêd Ljouwert leit, oan 'e súdkant fan 'e autowei N355. Yn Fryslân stiet it ek wol bekend as de Lytse Wielen, nei it sintraal leine marke mei deselde namme, dat yn ferbining stiet mei de Grutte Wielen, oarekant de N355.[1] De Griene Stjer makke oarspronklik diel út fan Tytsjerksteradiel, mar waard by de grutte gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 1984 troch dy gemeente ûnfrijwillich opjûn en oerhevele nei de Gemeente Ljouwert.[2]
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe Griene Stjer is yn 'e jierren '60 fan 'e tweintichste iuw oanlein om 'e Lytse Wielen hinne, en beslacht tsjintwurdich in oerflak fan mear as 1.000 hektare. It bestiet, njonken wat beskerme leechfean, út markes en puollen dy't foar it meastepart keunstmjittich oanlein binne, mei dêromhinne gersfjilden, strannen en beplanting fan strewelleguod en beammen. Der komme ferskate beskerme bistesoarten foar, lykas de marflearmûs, de wetterpipermûs en de porsleinhin. It terrein is trochkrúst mei kuier- en fytspaden, en is opnommen yn it fytsrûtenetwurk fan noardeastlik Fryslân. Troch resinte útwreiding leit De Griene Stjer no yn it westen suver tsjin 'e Ljouwerter wyk Camminghabuorren oan. Yn it easten grinzget it oan 'e beboude kom fan Tytsjerk en de Bosk fan Ypey.
Binnen de ôffredings fan De Griene Stjer lizze of steane fierders:
- bungalowpark De Griene Stjer
- camping De Lytse Wielen
- dieretún AquaZoo Friesland
- de golfbaan fan Golfklub De Griene Stjer
- midgetgolfbaan De Lytse Wielen
- poldermole de Himriksmole (ek wol De Griene Stjer neamd)
- It Strantsje, in oanwiisd gebiet foar neakenrekreaasje
De Griene Stjer is troch de gemeente Ljouwert oanwiisd as eveneminteterrein. Sadwaande wurde yn it gebiet elts jier by 't simmer meardeiske pop- en dancefestivals holden, lykas Promised Land, Welcome to the Village en Psy-Fi. Fral dat lêste festival soarget altyd foar in protte lûdsoerlêst en fersmoarging, en omwenjenden, dy't har feriene hawwe yn 'e stifting Griene Stjer Duorsum, stride der al jierren tsjin.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|