Doarpstsjerke fan Dalen
De Doarptsjerke is de protestantske tsjerke yn it Drintske plak Dalen.
Doarpstsjerke
Dorpskerk | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Drinte | |
plak | Dalen | |
adres | Hoofdstraat 25 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | Ein 14e iuw (toer) 1823-1824 (skip) | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 11634 [1] | |
offisjele webside | ||
Side Doarpstsjerke Dalen |
Skiednis
bewurkje seksjeAldste diel fan de tsjerke is de 14e-iuwske toer, de tsjerke is fan folle lettere datum. Nei't de tsjerke yn de winter fan 1813-1814 brûkt waard om dêr in groep soldaten te legerjen, bleau it gebou yn skeinde steat efter. De soldaten hiene de tsjerke brûkt om der fjurkes yn te stoken; foar it hout wiene de flierren iepenbrutsen en ek de ramen oerlibben it foar in part net. Der fûnen neitiid reparaasjes plak, mar in stoarm yn 1823 teheistere de tsjerke op 'e nij. Noch yn itselde jier kaam der in bedrach fan it Ryk om de âlde tsjerke te ferfangen troch nijbou. Dy nije tsjerke waard lytser en minder heech as de midsiuwske tsjerke. Yn stee fan in koer, sa't de âlde tsjerke dat noch hie, waard de nijbou oan de eastlike kant rjocht sletten. It trijeskippige gebou fan eartiids waard by de nijbou in sealtsjerke mei neogoatyske finsters en de tagong oan de Hoofdstraat.
Oan it begjin fan de 20e iuw krige de tsjerke in nije eastlike gevel yn neoklassisistyske styl. By de restauraasje fan de jierren 1970 waard de gevel yn de oarspronklike steat fan 1824 werom brocht.
Ynrjochting
bewurkje seksjeDielen fan de ynrjochting út de âlde tsjerke waarden oernommen. De iken preekstoel is 17e-iuwsk, it doopfont datearret fan deselde tiid. Fierder binne der twa hearebanken út de 18e iuw. Fan de kroanluchters binne der twa 18e-iuwsk.
De lûdklok út 1639 waard yn de Twadde Wrâldkriich foardere, mar kaam nei de befrijing fan it Hamburger klokkentsjerkhôf werom.
Fan de tiid foar de reformaasje datearret it sânstiennen doopfont. Nei de reformaasje ferdwûn it doopfont út de tsjerke, mar yn 1892 kaam it midsiuwske doopfont yn Nij-Amsterdam wer boppe wetter doe't in partikulier it oan it Drintsk Museum skonk.
Oargel
bewurkje seksjeDe bou fan it oargel koe útein sette troch in legaat fan Geesje Snoeijng en in ynsammelingsaksje ûnder de ynwenners fan Dalen. De út Emlichheim ôfkomstige oargelbouwer Johan Christoff Scheuer boude healwei de 19e iuw it oargel. Deselde oargelbouwer boude ek oargels yn û.o. Wâldsein en Snits. Op 5 augustus 1850 waard it oargel yn gebrûk nommen en yn 1857 fergrutte Petrus van Oeckelen út Grins it ynstrumint mei sân nije registers en in twadde manuaal.
De trije blaasbalgen binne noch kompleet en wurde hjoeddedei oandreaun troch in elektryske wynmasjine.
De firma Reil út Heerde restaurearre it oargel en 1971 en 2002.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|