Fadrique Álvarez de Toledo, 4e hartoch fan Alva

(Trochferwiisd fan Don Frederik)

Don Fadrique Álvarez de Toledo, 4e hartoch fan Alva (Lissabon, 21 septimber 1537 – dêre, 11 desimber 1583) wie in Spaansk ealman en fjildhear fan Kastyljaansk komôf. Syn folsleine namme en titulatuer wie: don Fadrique Álvarez de Toledo y Enríquez de Guzmán, 4e hartoch fan Alva, hartoch fan Huéscar, markys fan Coria, hear fan Vadecorneja, grutkommandeur yn 'e Oarder fan Calatrava, grande fan Spanje. Yn 'e Nederlânske skiednis waard er lykwols better bekend as don Freark (Nederlânsk: don Frederik). Hy wie de soan fan don Fernando Álvarez de Toledo, 3e hartoch fan Alva, dy't fan 1566 oant 1573 lânfâd fan 'e Nederlannen wie. As militêr oanfierder foar syn heit joech don Freark lieding oan in bloedige en ûnmeilydsume kampanje om 'e Opstân yn 'e Nederlannen te ûnderdrukken.

don Fadrique Álvarez de Toledo,
4e hartoch fan Alva
militêr
persoanlike bysûnderheden
namme folút Fadrique Álvarez de Toledo y
   Enríquez de Guzmán,
   4e hartoch fan Alva
bynamme don Freark
nasjonaliteit Spaansk
berne 21 septimber 1537
berteplak Lissabon (Keninkryk Portegal)
stoarn 11 desimber 1583
stjerplak Lissabon (Keninkryk Spanje)
etnisiteit Kastyljaansk
wurkpaad
tsjinsttiid 15671573
yn tsjinst fan Keninkryk Spanje
legerûnderdiel leger
befel Leger fan Flaanderen
konflikt(en) Tachtichjierrige Oarloch
treffen(s) fjildtocht fan don Freark
Spaanske Fuery fan Mechelen
Ynname fan Dyst
Werynname fan Roermond
Bloedbad fan Sutfen
Bloedbad fan Naarden
Belis fan Haarlim
Belis fan Alkmar
N.B.: Dit is in Spaanske namme. De (inkele of gearstalde) foarnamme is Fadrique. De earste efternamme (fan heitekant) is Álvarez de Toledo, en de twadde efternamme (fan memmekant) is Enríquez de Guzmán. As dizze persoan oantsjut wurdt mei de efternamme, moat de foarm Álvarez de Toledo of oars Álvarez de Toledo y Enríquez de Guzmán brûkt wurde.

Jonkheid en houliken

bewurkje seksje

Don Freark waard yn 1537 berne yn Lissabon, de haadstêd fan it Keninkryk Portegal, as de twadde wettige soan fan don Fernando Álvarez de Toledo, hartoch fan Alva. Hy moat net betize wurde mei syn oerpake, don Fadrique Álvarez de Toledo, 2e hartoch fan Alva. Oer syn jonkheid is hast neat bekend. Yn 1548 ferstoar syn âldere broer García mei achttjin jier, wêrnei't don Freark syn heite erfgenamt waard. Yn 1555, doe't er achttjin jier wie, troude er mei Guiomar fan Aragon, de dochter fan Alfûns fan Aragon, hartoch fan Segorbe, dy't lykwols yn 1557 al kaam te ferstjerren. Yn 1562 wertroude de jonge widner mei María Josefa Pimentel y Girón, de dochter fan Antonio Alonso Pimentel y Herrera de Velasco, 3e hartoch fan Benaventa. Dyselde ferstoar lykwols yn 1566, wêrmei't don Freark foar de twadde kear widner waard.

Yn 1566 hie don Freark in relaasje mei in jongfaam dy't Magdalena de Guzmán hiet. Hy ûnthiet mei har te trouwen, mar nei't er har ferlaat hie, briek er dat ûnthjit, wat foar it fanke grutte skande opsmiet. Om't Magdalena in hofdame wie fan Anna fan Eastenryk, de frou fan Filips II fan Spanje, begûn de kening him der sels mei te bemuoien. Don Freark waard finzen set yn it Kastiel fan La Mota, by Medina del Campo yn 'e provinsje Valladolid. Nei't syn heit lykwols tuskenbeiden kommen wie, waard it de jonge ealman yn 1567 tastien om oersee nei de Nederlannen te gean, sadat er syn morele skuld ôfbetelje koe troch yn it leger te tsjinjen. It is wol oppenearre dat de ûnmeilydsumens dy't don Freark yn 'e Nederlannen foar de opstannelingen oer toande, ynjûn wie troch in wanhopich besykjen om 'e geunst fan 'e kening werom te winnen.

Fjildhear yn 'e Nederlannen

bewurkje seksje

Yn 'e Nederlannen, dêr't syn heit yn 1566 lânfâd wurden wie, krige don Freark it befel oer it Leger fan Flaanderen, sa't it steande Spaanske leger yn 'e Nederlannen neamd waard. Hoewol't dat in 'Spaansk' leger hiet te wêzen, tsjinnen der ek (Noardlike en Súdlike) Nederlanners yn en boppedat bestie it foar in grut diel út soldaten dy't ôfkomstich wiene út 'e Italjaanske dielen fan it Keninkryk Spanje en út hierlingen út Dútslân. De Opstân yn 'e Nederlannen, dy't letter it begjin fan 'e Tachtichjierrige Oarloch blike soe te wêzen, sette yn 1568 útein, mar don Freark trêde as legeroanfierder pas op 'e foargrûn yn 1572. Yn dat jier feroveren de wettergeuzen op 1 april de Hollânske stêd De Bryl, wêrnei't de opstân benammen yn Hollân, mar ek dêrbûten, as diggelfjoer om him hinne griep.

Dêrop stjoerde Alva syn soan mei in leger fan 14.000 man op 'en paad om 'e opstân te ûnderdrukken. De fjildtocht fan don Freark sette op 2 oktober 1572 útein mei de saneamde Spaanske Fuery fan Mechelen, wêrby't de Súdnederlânske stêd Mechelen ynnommen en bloedich plondere waard. Dêrnei folgen de ynname fan Dyst en de werynname fan Roermond, dêr't it der relatyf kalm om en ta gie om't der gjin ferset bean waard. Op 17 novimber waard yn Gelderlân de stêd Sutfen ynnommen. Hoewol't ek dêr net folle ferset bean waard, wiene dêr ûnder it bewâld fan 'e geuzen de roomske tsjerken en kleasters plondere en fernield. Ut wraak rjochten de troepen fan don Freark dêrom nei de ynname fan 'e stêd it Bloedbad fan Sutfen oan, wêrby't de soldaten mei grutte ûnmeilydsumens tsjin 'e boargerbefolking fanwegen kamen.

 
Don Freark te'n fuotten út.

De earste Hollânske stêd dy't mei de Spaanske metoaden yn 'e kunde kaam, wie Naarden, dat gjin ferset bea, mar dêr't nei de oankomst fan it Spaanske leger op 1 desimber dochs it meastepart fan 'e boargers by it Bloedbad fan Naarden fermoarde waard. Op 11 desimber sloech don Freark mei syn leger belis foar Haarlim. Dat wie de swakste fan alle Hollânske stêden, en de ferwachting wie dan ek dat it gau falle soe. Mar dat rûn oars: it Belis fan Haarlim waard in útputtingsslach dy't sân moannen duorre. Doe't de úthongere stêd him úteinlik op 13 july 1573 oerjoech, liet don Freark hast it hiele Steatske garnizoen fermoardzje, en dêropta nochris 300 foaroansteande Haarlimske boargers.

Nei't er in rebûlje ûnder syn eigen soldaten delbêde hie, dy't al yn withoelang gjin soldij útbetelle krigen hiene, sette don Freark syn fjildtocht fuort mei it Belis fan Alkmar. Dat wie lykwols in folle sterkere stêd, en de befolking wie der wisberet dat harren it lot fan 'e Haarlimmers en Naardensters net treffe soe. Dêrtroch liek it derop dat don Freark syn foeterjende soldaten op 'e nij in winter op 'e romte om in Hollânske stêd hinne trochbringe moatte soene. Doe't de geuzen de diken trochstieken en de Spaanske legerkampen der ek noch ûnder strûpten, joech don Freark it oer. Hy liet it belis ôfbrekke en loek him werom op Amsterdam, dat trou bleaun wie oan 'e Spaanske kening. Syn heit wie min te sprekken oer dy weromtocht, om't er wist dat don Freark oan it Keninklik Hof fan Filips II dochs al op in minne namme lei. Dizze nederlaach, want dat wie it úteinlik, koe it spul allinnich noch mar minder meitsje.

Werom yn Spanje

bewurkje seksje

Mei fanwegen de mislearre fjildtocht fan syn soan waard de hartoch fan Alva yn 1573 as Spaanske lânfâd fan 'e Nederlannen ferfongen troch don Luis de Requesens y Zúñiga. Heit en soan kearden dêrop werom nei Spanje. Sa't syn heit al freze hie, foel don Freark yn syn heitelân op 'e nij yn ûngenede. Dêrby spile mooglik ek mei dat Alva sels noch yn heech oansjen stie, sadat it foar syn yntrigearjende politike fijannen oan it Hof makliker wie om him fia syn kwetsbere soan oan te fallen.

Hoe dan ek, yn 1578 waard de saak fan it ferbrutsen trou-ûnthjit weriepene, en doe kaam oan it ljocht dat don Freark ûnder syn finzenskip yn 1566 temûk en by folmacht (d.w.s. dat er net persoanlik by it sluten fan it houlik oanwêzich wie) troud wie mei syn nicht María Álvarez de Toledo, de dochter fan García Álvarez de Toledo, 4e markys fan Villafranca del Bierzo. Dat wie dien mei goedkarring fan syn heit, de hartoch fan Alva, om foar te kommen dat don Freark dochs noch twongen wurde koe om mei de hofdame Magdalena de Guzmán te trouwen. Mar it gie streekrjocht yn tsjin 'e doetiidske oarders fan 'e kening. Doe't er dat allegear hearde, hie Filips II syn nocht. Don Freark waard oppakt en fannijs fêstsetten yn it Kastiel fan La Mota, wylst syn heit fan it Spaanske Hof ferballe waard.

Lêste jierren en dea

bewurkje seksje

De lêste tsien jier fan syn libben rekke don Freark lichaamlik almar fierder yn 'e minnichte, in proses dat ynset wie nei syn weromkear yn Spanje yn 1573. Nei de dea fan syn heit, op 11 desimber 1582, urf er dy syn titels en besittings, en waard er de fjirde hartoch fan Alva. Dat wied er persiis ien jier, mei't er sels op 11 desimber 1583 kaam te ferstjerren, yn 'e âlderdom fan 46 jier. Syn houlik mei María de Toledo bleau, krekt as syn eardere beide houliken, sûnder bern, en sadwaande waard er opfolge troch syn omkesizzer Antonio Álvarez de Toledo, 5e hartoch fan Alva.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.