Durkje Haringa (Drylts, 1942) is in Fryske byldzjend keunstner. Har atelier stiet oan de Eastersanning yn Aldegea.

De natoer is har grutste ynspiraasjeboarne. De romte fan it Fryske lânskip mei syn stilte, rêst en syn wolkepartijen fassinearret har. Se wurket dan ek leafst bûten en besiket dan de sfear wer te jaan yn har wurk. Sa binne de measte fan akwarellen oer It Waad, de kust en oare natoergebieten as De Deelen ûntstien. Neist lânskippen makket se ek stillibbens en akwarellen fan blommen.

Sûnt 2003 makket se diel út fan de Keunstrûte Smellingerlân. Durkje Haringa hat û.o. eksposearre yn it gemeentehûs fan Opsterlân (Beetstersweach), galery “De Wâlden” (Wynjewâld), galery “’t Spinsel” (Midslân), “It Sleeswijckhuys” yn (Warkum), galery “De Wylch” (Gersleat), “Pip’s Gallery” (Ljouwert) en “De Skierstins” (Feanwâlden).

Keppeling om utens

bewurkje seksje