Eastkust fan Firginia

De saneamde Eastkust fan Firginia (Ingelsk: Eastern Shore of Virginia) is net de eastlike kustline fan 'e Amerikaanske steat Firginia, mar in diel fan dy steat dat fan it fêstelân fan Firginia skaat wurdt troch de Chesapeakebaai, in see-earm fan 'e Atlantyske Oseaan. Eins soe it dus better 'it Firginiaanske diel fan 'e eastkust fan 'e Chesapeakebaai' neamd wurde kinne. De Eastkust fan Firginia omfiemet twa countys (Accomack en Northampton) dy't tegearre de súdpunt foarmje fan it Delmarva-skiereilân, mei in tal barriêre-eilannen dêropta. De Eastkust fan Firginia wurdt beswette troch de iepen Atlantyske Oseaan yn it easten en súdeasten en de Chesapeakebaai yn it súdwesten en westen. Yn it noarden sit it fêst oan 'e rest fan it Delmarva-skiereilân, dat bestiet út 'e oangrinzgjende Eastkust fan Marylân en út it (net-oangrinzgjende) folsleine grûngebiet fan 'e steat Delaware.

De Eastkust fan Firginia (read) yn 'e Amerikaanske steat Firginia (wyt).

De Eastkust fan Firginia waard yn 1634 troch kening Karel I oan 'e doetiidske Ingelske koloanje Firginia tafoege ûnder de namme fan Accomac Shire. Dêrmei wie it ien fan 'e acht oarspronklike shires fan Firginia. Yn 1642 waard it gebiet troch de kolonisten omneamd ta Northampton County, mar doe't it yn 1663 opspjalten waard yn twa countys, kaam it noardlike part wer Accomac te hjitten. Yn 1670 waard Accomac County troch William Berkeley, de keninklike gûverneur fan 'e koloanje Firginia, wer opheft en by Northampton foege, mar it jiers dêrop draaide de Algemiene Assimblee fan Firginia dat beslút werom. Yn 1940 waard formeel de stavering mei in k (Accomack) oannommen.

 
It geardriuwen fan 'e wylde kêden by Chincoteague, yn 2007.

Geografy en demografy

bewurkje seksje

De Eastkust fan Firginia is likernôch 110 km lang fan noard nei súd en rûchwei 25 km breed fan east nei west. It gebiet beslacht in oerflak fan 1.714 km², mei in befolking fan krapoan 46.000 minsken yn 2010. De befolkingstichtens bedraacht 26,8 minsken de km². Troch de moderearjende ynfloed fan 'e Atlantyske Oseaan en de Chesapeakebaai hearsket der in seeklimaat, mei mylde simmers en winters. It lânskip is foar Amerikaanske begripen tige flak, en rint útinoar fan seenivo oant 15 m dêrboppe. It is in lanlik gebiet mei sângrûn, dêr't benammen katoen, soajabeane en grienten ferboud wurde, en dêr't ek in grut tal hinnefokkerijen fêstige binne. Fierders wurdt der ek oan wynbou dien en wurdt oan 'e kust fansels fiskerij bedreaun.

Oan 'e noarderein fan 'e Atlantyske kust leit it plak Chincoteague, dat bekend stiet om it jierlikse byinoar driuwen fan 'e ferwyldere keppels Chincoteagueponnys fan it deunby leine eilân Assateague. Foar de westkust leit yn 'e Chesapeakebaai in oare toeristyske trekpleister, it eilân Tangier, dat syn eigen behâldende Elizabetaansk-Ingelske dialekt beholden hat. Yn it uterste suden wurdt de Eastkust fan Firginia sûnt 1964 mei it fêstelân fan Firginia ferbûn troch de 37 km lange Chesapeakebaaibrêgetunnel ûnder de mûning fan 'e Chesapeakebaai troch nei de stêdekloft fan it saneamde Hampton Roads-gebiet (Virginia Beach-Norfolk-Newport News). De tunnel makket diel út fan 'e autowei U.S. Route 13.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.