Ede (plak)

(Trochferwiisd fan Ede (stêd))

Ede is in middelgrut plak yn de provinsje Gelderlân dy't oan de westkant fan de Feluwe en yn de súdlike Gelderske Fallei leit. It is ek it haadplak fan de gemeente Ede. It plak Ede hat 76.750 ynwenners (2021).

Ede
Sintrum fan Ede fan de noardkant ôf (2003)
Sintrum fan Ede fan de noardkant ôf (2003)
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Gelderlân
Gemeente Ede
Sifers
Ynwennertal 76.750 (2021)[1]
Oar
Postkoade 6710-6718
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 2' 37" NB, 5° 40' 0" EL
Kaart
Ede (Gelderlân)
Ede
Ede Noard (2003)
Ede Veldhuizen (2003)
Ede Sintrum út de Concordiamûne wei
Alde Tsjerke
Nije en âlde plysjeburo
De Merk
Airborne-monumint op de Ginkelske Heide
Kriichsmonumint op it ENKA-terrein

Ede is bekend om de Slach om Arnhim yn de Twadde Wrâldkriich. Doe spile Ede in wichtige rôl fanwegen de Alliearde parasjutisten dy't dêr lânen yn septimber 1944 yn it ramt fan Operaasje Market Garden. Elts jier lûke de loftlânings op de Ginkelske Heide tûzenen besikers nei Ede.

De greven fan Gelre bouden fan de tolfde iuw oant en mei de fjirtjinde iuw boargen by de grins mei it Stift Utert del. De boarch Kernhem by Ede is der ien fan. Yn 1426 waard Udo de Booze as lienman fan Kernhem oansteld troch de doetiidske hartoch fan Gelre, Arnold fan Egmont. Nei't it lienguod erflik waard, kaam Kernhem yn hannen fan de famyljes Van Arnhem, Van Wassenaer Obdam en letter Van Heeckeren, Van Wassenaer en Bentinck. Ut dy famyljes binne ferskate bestjoerders út it ferline fan Ede ôfkomstich. Troch de jierren hinne waard Kernhem útwreide mei in gâns lânguod.

Yn 1624 en 1629 waard Ede teheistere troch de Spanjerts.

Yn 1783 kamen by in dysentery-epidemy 108 minsken om. Dat is in reedlik heech oantal, om't Ede yn dy tiid likernôch 600 ynwenners hie.

Yn de Earste Wrâldkriich wie der op de Eedske Heide fan 1915 oant 1918 in grut flechtelingekamp foar Belgyske flechtelingen. Dêrnei waard it kamp ôfbrutsen en it boumateriaal waard fannijs brûkt foar it gruttebtal skansearre gebouwen yn Belgje. Ta neitins stiet der noch it Belgemonumint.

Op 6 augustus 1925 ûntplofte der yn de ENKA-fabryk in soerstofapparaat. Trije minsken kamen by dy ûntploffing om it libben en nochris tsien rekke ferwûne.

Twadde Wrâldkriich

bewurkje seksje

Yn de Twadde Wrâldkriich lânen Alliearde militêren op de Ginkelske Heide yn it ramt fan Operaasje Market Garden. Fan dêr ôf binne se, fjochtsjend tsjin de Dútsers, nei Arnhim ta lutsen. Foaroangeandee de loftlâning waard Ede op 17 septimber 1944 bombardearre dêr't 69 boargers by om it libben kamen. Elts jier yn septimber wurdt dy snuorje betocht troch parasjutespringen booppe de heide. De parasjutisten wurde út noch hieltyd út de Twadde Wrâldkriich wurkjende fleanmasinen dropt. Dat barren lûkt in grut publyk fan fier wei. Ek feteranen út Grut-Brittanje wei wiene gauris oanwêzich. Oant 2006 sprongen der ek noch feteranen, dy't doe ek al reedlik âld wiene.

Fan de Joaden dy't oan it begjin fan de kriich yn de gemeente Ede wennen wurdt der rûsd, dat 52 fan de 89 de kriich oerlibbe hiene. Dat reedlik hege persintaazje (60%) soe neffens de skriuwers fan it boek Ede 1940-1945 te ferklearjen wêze om't it yn in plattelânsgemeente makliker help te finen is, en it risiko oppakt te wurden lytser is is yn grutte stêden it gefal is. Yn it earste jier fan de kriich naam it tal Joaden fluch ta. By de registraasjeplicht yn jannewaris 1941 waarden 125 minsken as Joaden, of foar in part, registrearre. It gie foar it grutste part om hûshâldings en allinnichsteanden út it westen fan it lân wei dy't mooglik oan de tsjin harren rjochte maatregels hoopten te ûntkommen. In soad flechtelingen wiene bekend yn de omkriten en hiene kontakten. Benammen Bennekom hie yn de jierren foar de kriich de namme as fakânsjebestimming, dêr't it logysk wie en wyk dêr nei ta út. Yn april 2012 waard in monumint ûntbleate, mei de nammen fan de 50 omkommen Joaden dy't yn Ede wenne hawwe.

Untwikkeling

bewurkje seksje

Foar de ûntwikkeling fan de wenkearn Ede hawwe as fêstiging fan belang west:

Grutte dielen fan Ede binne dêrtroch ûntstien en sels yn opdracht fan de nijkommers boud (it gebiet om de Klinkenbergerwei (wenningen foar militêren), túndoarp Enka). It Enka-fabryk is ûnderwilens sletten en Definsje is ek út Ede wei. It âlde sintrum is ûnderwilens opknapt. De nije Achterdoelen soarget foar in oplibbing yn it sintrumgebiet, de gemeente besiket it sintrum wat mear kleur en sfear te jaan.

De lêste desennia binne wiken as Rietkampen en Maanderengboud (mei de Stedspoarte as ferbiningsstik). Aktueel is de ûntwikkeling en bou fan Kernhem, wêrmei't de oerstek fan de N224 in feit wurden is.

Krektas by oare plakken is en yn Ede sprake fan in (wer)ûntwikkeling fan de stêd, lykas it ferbetterjen fan gedielten fan de wiken Veldhuizen en Enka/Ede-Súd en it oanpakken fan it hert by de Alde tsjerke. De gemeente wol in "Foarsjenningskluster" bouwe dat de wiken Kernhem en Veldhuizen - súdlik fan de N224 - mei elkoar ferbynt. De winkels en iepenbiere foarsjennings dy't de basis fan it kluster wurde moatte wurde op de hichte fan de N224 boud. De wei giet dan yn in tunnel ûnder dat kluster troch.

Wiken en buerten

bewurkje seksje

Yndustryterreinen

bewurkje seksje
  • Frankeneng
  • Heestereng
  • Kievitsmeent
  • De Vallei
  • Ede Noard
  • Klaphek
  • Reehorsterweg

Sportterreinen

bewurkje seksje
  • Peppelensteeg
  • Inschoten
  • De Hoekelumse Eng
  • Sportleane
  • De Bosrand
 
Topografyske kaart fan Ede

It besjen wurdich

bewurkje seksje
  • Mûnen: de Doesburgermûne, Walderveenske mûne, De Hoop, Concordia en De Keetmolen

Kulturele plakken

bewurkje seksje

In tal wichtige kulturele plakken en kongresintrums yn Ede binne:

  • Cultura, kultuersintrum mei iepenbiere biblioteek
  • Astrant, poppoadium, konsertseal en kreative briedplak
  • Pathé Ede, infotainmentcentre boud yn in lûdswâl by de A12 del
  • De Reehorst, teäter en kongressintrum
  • De Edesche Concertzaal
  • Akoesticum
  • Iepenloftteäter

Ede is ferneamd om syn grutte hoemannichte en ferskaat oan tsjerken. De meast ferneamde tsjerke is de Alde Tsjerke.

Ferkear en ferfier

bewurkje seksje

Ede leit oan de A12 fan Utert nei Arnhim en de A30 dy't fan de A1 oer Barneveld trochlutsen waard ta de A12 en dêrmei ta in bettere ferbining mei Amersfoart krige.

Ede leit oan it spoar fan Amsterdam nei Elten en oan de Falleiline, it spoar nei Amersfoart Sintraal. It Stasjon Ede waard yn 1845 iepene, mar de namme waard letter feroare ta Stasjon Ede-Wageningen. Ede hat in twadde stasjon oan de Falleiline, Ede-Sintrum. Earder wie der in tredde stasjon, it stasjon Ede-Gemeenteh☼s, dy't yn 1937 al opheft waard.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: