Edo Alma van Idema
Edo Alma van Idema wie grytman fan Aenjewier tusken 1772 en 1795. Anjewier wie de twadde gritenij fan Sânwâlden en de lytste fan allegear. Grinzet yn it noarden oan Utingeradiel, beëasten oan Opsterlân, besuden oan Skoatterlân en bewesten oan Haskerlân. Aenjewier hat fjouwer doarpen: Gersleat, Tsjalbert, Lúnbert en Terbant, en noch in gedielte fan It Hearrenfean.
Edo wie de soan fan Bernardus fan Idema, en troud mei Detsje, dochter fan Martinus van Bouricius (berne, 3 jannewaris 1742 ). Hy wenne op It Hearrenfean en wie eartiids tûneboeier fan de provinsje Fryslân. Yn 1795 waard hy, krektas de oare grytmannen, ôfsetten.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|