Elle-Máijá Tailfeathers

Elle-Máijá Tailfeathers, soms koartwei Máijá Tailfeathers neamd (Bloed Reservaat 148 (Alberta), ±1985) is in Kanadeesk regisseur en dokumintêremakster fan mingd Kainai-Swartfuotsk en Samysk etnysk komôf. Hja makket benammen koarte films en dokumintêres. Har bekendste produksjes binne Bloodland en A Red Girl's Reasoning. Dêrnjonken is Tailfeathers ek aktyf as polityk aktiviste.

Elle-Máijá Tailfeathers
regisseur en/of produsint
persoanlike bysûnderheden
echte namme Elle-Máijá Tailfeathers
nasjonaliteit Kanadeesk
berne ±1985
berteplak Bloed Reservaat 148 (Alberta)
etnisiteit Kainai-Swartfuotsk
Samysk
wurkpaad
wurksum as regisseur, dokumintêremakster,
senarioskriuwster, produsinte
bekenste
  produksje(s)
Bloodland
A Red Girl's Reasoning
jierren aktyf 2011 – no
offisjele webside
elle-maija-tailfeathers.com

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Tailfeathers waard omtrint 1985 berne yn it Bloed Reservaat 148 yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsje Alberta, as de dochter fan in Swartfuotske mem dy't ta de stamme fan 'e Kainai (of Bloed-Yndianen) hearde, en in Noarske heit fan etnysk Samysk komôf. Tailfeathers die in oplieding toaniel oan 'e Filmskoalle fan Vancouver, dêr't hja yn 2006 foar slagge. Dêrnei learde se fierder oan 'e Universiteit fan Britsk-Kolumbia, dêr't se yn 2011 ôfstudearre mei Yndiaanske stúdzjes as haadfak en frouljusstúdzjes as byfak.

Nei't se in hoartsje as aktrise wurksum west hie, ferlei Tailfeathers har oandacht nei it wurk efter de skermen. Yn har tiid oan 'e Universiteit fan Britsk-Kolumbia learde se hoe't se mei film- en montaazjeapparatuer omgean moast. Hja brûkt it medium film ornaris as in direkt middel tsjin ûnrjocht en geweld. Weromkearende motiven yn har wurk binne geweld tsjin en seksueel misbrûk fan froulju en ûnderdrukking fan lânseigen minderheden en mienskippen. Foar har films makket Tailfeathers yn 'e regel gebrûk fan in cast en crew dy't folslein út Yndianen en oare lânseigen groepen bestiet.

Har earste koarte film wie Bloodland, dy't yn 2011 útkaam, en dêr't se har mei tsjin 'e praktyk fan fracking keart. Dat is in technyk dy't troch de oaljeyndustry brûkt wurdt om earder ûnrindabel lytse ierdoaljefoarrieden op te pompen, mei grutte miljeufersmoarging ta gefolch. Yn Bloodland makke Tailfeathers gebrûk fan in tige grafyske metafoar, wêrby't in frou fêstholden wurdt sadat der yn har nei oalje boarre wurde kin. De kosten fan 'e film waarden betelle troch de Bloed Stamme, dy't dêr in distribúsje-sjek foar brûkte, sadat it jild yndirekt by de oaljeyndustry weikaam. Mei har film fitere Tailfeathers yn Kanada in nasjonaal debat oan oer it rjocht en ûnrjocht fan fracking op it lân fan lânseigen mienskippen. Bloodland waard fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Vancouver fan 2011, it Amerikaansk Yndiaansk Filmfestival fan 2011, de ynternasjonale filmfestivals fan Tulsa en Yellowknife fan dat jier en ferskate oare filmfestivals, wêrûnder inkelen yn Noarwegen en Finlân.

In oare bekende koarte film fan Tailfeathers is A Red Girl's Reasoning, út 2012. Dêryn joech se kommentaar op 'e groeiende oantallen fermoarde en femiste lânseigen froulju yn Kanada. De film draait om in jonge frou dy't in ferkrêfting oerlibbe hat en har syktocht nei gerjochtichheid. Mei dy film wûn Tailfeathers de Vancouver Crazy8s Competion, in filmwedstryd wêrby't de makkers harren projekten yn in perioade fan acht dagen foltôgje moasten.

Njonken har karriêre as filmmakster is Elle-Máijá Tailfeathers ek aktyf as aktiviste, benammen op it mêd fan frouljusrjochten en de politike en maatskiplike rjochten fan lânseigen mienskippen. Yn 2011 waard se arrestearre doe't se dielnaam oan in freedsume demonstraasje wêrby't de wei ôfset waard by in oaljeboarplak yn it Bloed Reservaat fan súdlik Alberta. Tailfeathers hâldt ek it kontakt mei har heite folk yn noardlik Skandinaavje oan, en ferdielt har tiid tusken it Bloed Reservaat yn Kanada en Noarsk Laplân.

  • 2011 – Bloodland: koarte film (4 min.), mei Tailfeathers as senarioskriuwster, regisseur en produsinte
  • 2012 – A Red Girl's Reasoning: koarte film (10 min.), mei Tailfeathers as senarioskriuwster en regisseur
  • 2012 – Colonial Gaze: koarte dokumintêre (15 min.), mei Tailfeathers as mei-senarioskriuwster en mei-regisseur
  • 2013 – Hurry Up, You Stupid Cripple: koarte dokumintêre (10 min.), mei Tailfeathers as mei-regisseur en produsinte
  • 2014 – Bihttoš: koarte dokumintêre (14 min.), mei Tailfeathers as senarioskriuwster, regisseur en ko-produsinte

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.