Elyne Mitchell
Elyne Mitchell (berne as: Sibyl Elyne Keith Chauvel; Melbourne, 30 desimber 1913 – Corryong (Fiktoaria), 4 maart 2002) wie in Australysk skriuwster fan berneboeken en jongereinliteratuer. Hja is fral bekend wurden mei har seisdielige Silver Brumby-rige foar tiners, oer in famylje fan brumbys, de ferwyldere hynders fan 'e Australyske Alpen. Dêrnjonken publisearre Mitchell ek ferskate non-fiksjewurken oer de skiednis en geografy fan Austraalje.
Elyne Mitchell | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Sibyl Elyne Keith Chauvel Mitchell | |
nasjonaliteit | Australysk | |
berne | 30 desimber 1913 | |
berteplak | Melbourne (Fiktoaria) | |
stoarn | 4 maart 2002 | |
stjerplak | Corryong (Fiktoaria) | |
etnisiteit | Ingelsk Hugenoatsk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | berneboeken | |
bekendste wurk(en) |
de Silver Brumby-rige | |
jierren aktyf | 1942 – 2002 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeMitchell waard yn 1913 berne yn Melbourne as de dochter fan generaal sir Henry George Chauvel, dy't fan Hugenoatsk komôf wie. Har heit hie it befel oer de lichte kavalery fan it ANZAC (de Australyske en Nijseelânske troepen dy't yn 'e Earste Wrâldoarloch yn Jeropa en it Midden-Easten fochten), en waard ferneamd troch syn sjarzje (kavalery-oanfal) by Beërsjeba. Mitchell trochrûn de middelbere skoalle oan 'e St. Catherine's School yn Toorak, en troude yn 1935 mei de abbekaat en it lettere parlemintslid Thomas Walter Mitchell. Hja krigen fjouwer bern: Walter Harry, John, Honnor en Indi.
Mei har man sette Mitchell har nei wenjen op 'e pleats Towong Hill, yn 'e Sniebergen, it heechste diel fan 'e Australyske Alpen, dêr't se learde te skyen. Yn 1938 wûn se it iepen Kanadeesk skykampioenskip op it ûnderdiel ôfdaling, en yn 1941 wie se de earste frou dy't by de hiele westlike skeante fan 'e Sniebergen delskyde. Under de Twadde Wrâldoarloch tsjinne har man by de Australyske 8e Difyzje yn Singapoer, dêr't er kriichsfinzen makke waard troch de Japanners. Hy oerlibbe de oarloch lykwols, en kearde neitiid werom nei syn frou en gesin.
Skriuwkarriêre
bewurkje seksjeOan it begjin fan 'e fyftiger jierren sette Mitchell útein mei in skriuwkarriêre dy't oant har dea duorje soe. Letter fertelde se yn in fraachpetear dat se dêrta kommen wie út klearebare frustraasje, om't se frijwol gjin gaadlik lêsmateriaal foar har doe tsienjierrige dochter Indi fine koe. Sadwaande besleat se úteinlik om dan sels mar in berneboek te skriuwen. Har earste boek wie Flow River, Blow Wind, út 1953, trije jier letter folge troch Black Cockatoos Mean Snow.
Mitchell makke diel út fan in weach fan nasjonalistyske Australyske literatuer dy't yn 'e 1930-er en 1940-er jierren opkaam. Yn har wurk beskreau hja yn detail it lânskip en de floara en fauna fan eastlik Austraalje yn it algemien en de Australyske Alpen yn it bysûnder. Bisten spylje dêrby altyd de haadrol, mar hoewol't dy mei-inoar kommunisearje, binne se net antropomorf (mei minsklike eigenskippen) werjûn. Mitchell sitewearre har measte boeken yn har eigen wengebiet, de krite fan 'e Sniebergen yn 'e Australyske Alpen, om 'e Mount Kosciuszko hinne, op 'e grins fan 'e steaten Nij-Súd-Wales en Fiktoaria.
Har trêde boek, The Silver Brumby, út 1958 (yn it Nederlânsk oerset as De Zilverhengst), waard in wiere bestseller. It giet oer de brumbys, de ferwyldere hynders fan Austraalje, en fertelt it ferhaal fan 'e wite hynst Thowra. Dizze roman waard yn 1993 ferfilme as The Silver Brumby (alternative titel The Silver Stallion: King of the Wild), mei yn 'e wichtichste (minsklike) rol akteur Russell Crowe. Nei dit earste boek skreau Mitchell noch fiif oare boeken oer Thowra en syn neiteam: Silver Brumby's Daughter (1960), Silver Brumbies of the South (1965), Silver Brumby Kingdom (1966), Silver Brumby Whirlwind (1973) en Son of the Whirlwind (1979). Der bestiet ek in Australyske tekenfilmsearje dy't loskes op 'e boeken basearre is.
Yn totaal skreau Mitchell 24 romans en in bondel koarte ferhalen, allegear foar bern tusken njoggen en fyftjin jier. Ek yn dizze oare fiksje spylje brumbys, dingo's, kakketoes en oare Australyske bisten de haadrol. De brumbyferhalen dy't net ta de Silver Brumby-rige hearre, hawwe dêr yn 'e regel wol reitsflakken mei, lykas personaazjes dy't neamd wurde of in "gastroltsje" spylje. It bekendst fan dit oare wurk fan Mitchell is de roman The Man from Snowy River (1982), dy't se skreau op grûn fan it senario fan 'e film meideselde namme, dat wer basearre wie op it lyknammige gedicht fan Banjo Paterson.
Behalven berneboeken en jongereinliteratuer skreau Mitchell ek ferskate non-fiksjewurken oer de skiednis en geografy fan har heitelân Austraalje, lykas Australia's Alps (1942), Light Horse: The Story of Australia's Mounted Troops (1978) en Discoverers of the Snowy Mountains (1985). Ek beljochte se it ferline fan har eigen famylje yn Chauvel Country - The Story of a Great Australian Pioneering Family (1983) en Towong Hill: Fifty Years on an Upper Murray Cattle Station (1989).
Ferstjerren
bewurkje seksjeYn 1988 waard oan Mitchell de Medalje fan 'e Oarder fan Austraalje takend foar har tsjinsten oan 'e literatuer fan har heitelân. Yn 1993 ûntfong se fierders in earedoktoraat yn 'e letterkunde fan 'e Charles Sturt Universiteit. Ek wûn hja ferskate kearen de Australyske Children's Book Council Award. Har typmasine, in Corona út 1936, stiet hjoed de dei te pronk yn it Nasjonaal Museum fan Austraalje, yn 'e Australyske haadstêd Canberra. Elyne Mitchell kaam op 4 maart 2002 yn 'e âlderdom fan 88 jier te ferstjerren yn Corryong, yn it bercheftige noardeasten fan Fiktoaria. Har lêste boek, Wild Echoes Ringing, waard yn 2003 postúm publisearre.
Wurk
bewurkje seksjeFiksje
bewurkje seksje- 1953 – Flow River, Blow Wind
- 1956 – Black Cockatoos Mean Snow
- 1958 – The Silver Brumby (diel 1 fan de Silver Brumby-rige)
- Nederlânske oersetting: De Zilverhengst (fert. T.R. Godschalk, 1984)
- 1960 – Silver Brumby's Daughter (diel 2 fan de Silver Brumby-rige)
- 1962 – Kingfisher Feather
- 1964 – Winged Skis
- 1965 – Silver Brumbies of the South (diel 3 fan de Silver Brumby-rige)
- 1966 – Silver Brumby Kingdom (diel 4 fan de Silver Brumby-rige)
- 1968 – Moon Filly
- 1970 – Jinki: Dingo of the Snows
- 1971 – Light Horse to Damascus
- 1973 – Silver Brumby Whirlwind (diel 5 fan de Silver Brumby-rige)
- 1973 – The Colt at Taparoo
- 1979 – Son of the Whirlwind (diel 6 fan de Silver Brumby-rige)
- 1980 – The Colt from Snowy River
- 1980 – Snowy River Brumby
- 1981 – Brumby Racer
- 1982 – The Man from Snowy River (roman skreaun op grûn fan it senario fan 'e film The Man from Snowy River, dat wer basearre wie op it lyknammige gedicht fan Banjo Paterson)
- 1993 – Silver Brumby, Silver Dingo
- 1995 – Dancing Brumby
- 1995 – Brumby Stories
- 1996 – Brumbies of the Night
- 1998 – Dancing Brumby's Rainbow
- 1999 – The Thousandth Brumby
- 2003 – Wild Echoes Ringing
Non-fiksje
bewurkje seksje- 1942 – Australia's Alps
- 1945 – Speak to the Earth
- 1946 – Soil and Civilization
- 1947 – Images in Water
- 1960 – Australian Treescapes: A Photographic Study
- 1978 – Light Horse: The Story of Australia's Mounted Troops
- 1983 – Chauvel Country - The Story of a Great Australian Pioneering Family
- 1985 – Discoverers of the Snowy Mountains
- 1988 – Vision of the Snowy Mountains
- 1989 – Towong Hill: Fifty Years on an Upper Murray Cattle Station
Prizen en nominaasjes
bewurkje seksjeJier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar |
---|---|---|---|---|
1988 | Medal of the Order of Australia | wûn | tsjinsten oan 'e Australyske literatuer | hiele oeuvre |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |