It ANZAC, in ôfkoarting dy't stiet foar it Australian and New Zealand Army Corps ("Australysk en Nijseelânsk Legerkorps"), wie yn 'e Earste Wrâldoarloch in militêre ienheid fan 'e Britske Mediterrane Ekspedysjemacht. It legerkorps waard yn desimber 1914 yn Egypte foarme en bestie, sa't de namme al oantsjut, foar it meastepart út Australyske en Nijseelânske troepen, hoewol't der fan tiid ta tiid ek Britske ienheden en ienheden út 'e koloanjes fan it Britske Ryk oan taheakke waarden. It ANZAC waard ynset yn 'e Gallipoli-kampanje, en doe't dy op in fiasko útrûn, waard it nei de evakuaasje fan Gallipoli yn 1916 opheft. Under de Twadde Wrâldoarloch waard it koarte tiid weroprjochte ûnder de Slach om Grikelân, yn 1941.

Australysk en Nijseelânsk Legerkorps
(Australian and New Zealand Army Corps)

flagge

embleem
algemiene gegevens
lân Austraalje
Nij-Seelân
ûnderdiel lânmacht
soarte ynfantery en kavalery
bysûnderheden
haadkertier Kaïro (Egypte)
sterkte 65.000 man (1914–1916)
aktyf 19141916 en 1941
konflikten
Earste Wrâldoarloch
Twadde Wrâldoarloch

Oarspronklike formaasje

bewurkje seksje

De plannen foar de formaasje fan it ANZAC begûnen yn novimber 1914, doe't it earste kontingint Australyske en Nijseelânske troepen al ûnderweis wie nei wat se tochten dat Jeropa wêze soe. Oarspronklik hie it de bedoeling west om 'e Austraaljers en Nijseelanners oan it Westfront yn 'e striid te smiten, mar nei de ûnderfinings fan 'e earder arrivearre Kanadeeske Ekspedysjemacht yn 'e kampeminten op 'e Flakte fan Salisbury, besefte de Britske legerlieding dat der te min akkomodaasje en taris wie om 'e Austraaljers en Nijseelanners te húsfêstjen. Der waard besletten om harren net bleat te stellen oan 'e Ingelske winter, mar harren ynstee yn Egypte op te fangen foar training. Fanwegen it waarme klimaat dêre wie dêr folle minder beskutting en oare taris foar nedich. It wie de bedoeling om harren nei de training troch te stjoeren nei it Westfront yn noardlik Frankryk.

Omreden fan praktyske foardielen waarden de Australyske en Nijseelânske troepen by oankomst yn Egypte bestjoerlik yndield by in eigen legerkorps, dat it Australazyske Legerkorps neamd wurde soe. 'Australaazje' wie doedestiden in hiel gebrûklike namme om Austraalje en Nij-Seelân ûnder te beflappen. Britten seagen dochs net folle ferskil tusken de beide koloanjes oan 'e oare kant fan 'e wrâld, en ek by sporteveneminten foarmen Austraaljers en Nijseelanners gauris ien team ûnder de namme fan Australaazje. Diskear laten klachten fan Nijseelânske rekruten lykwols ta de feroaring fan 'e namme fan it legerkorps yn it Australian and New Zealand Army Corps. Mei't dat wat omslachtige lang wie, spriek de legerlieding al rillegau fan it ANZAC. Dat waard koarte tiid letter ek as de offisjele koadenamme foar it korps oannommen, mar de sljochtwei soldaten begûnen de ôfkoarting pas te brûken nei de lânings op 'e kust fan Gallipoli.

 
In populêre yllustraasje fan ANZAC-troepen ûnder de Earste Wrâldoarloch.

De Britske minister fan Oarloch, Herbert Kitchener, stelde syn eardere adjudant, generaal William Birdwood, oan as kommandant fan it korps. Birdwood wie eins in ofsier fan it Britsk-Yndyske Leger, en ek de rest fan 'e stêf fan it ANZAC waard foar it meastepart út it Britsk-Yndyske Leger helle. Birdwood arrivearre op 21 desimber 1914 yn Kaïro om it befel oer it ANZAC op him te nimmen. It korps waard opboud út 'e Earste Australyske Ryksmacht (First Australian Imperial Force), mei (úteinlik) 50.000 man, en de 1e Nijseelânske Ekspedysjemacht, dy't bestie út 15.000 man.

De soldaten waarden oarspronklik ferdield oer twa difyzjes: de Australyske Difyzje, besteande út 'e 1e, 2e en 3e Australyske Ynfanterybrigades, en de Nijseelânske en Australyske Difyzje, besteande út 'e Nijseelânske Ynfanterybrigade, de Nijseelânske Beriden Fuseliersbrigade, de Australyske 1e Lichte Kavalerybrigade en de 4e Australyske Ynfanterybrigade. De Australyske 2e en 3e Lichte Kavalerybrigades waarden oantsjut as reserve, en hearden ta gjin ien fan beide difyzjes.

Nettsjinsteande it feit dat it ANZAC nei Austraalje en Nij-Seelân neamd waard en dat de measten fan 'e gewoane soldaten yndie út dy lannen ôfkomstich wiene, wie it korps in multy-nasjonaal legerûnderdiel. It meastepart fan 'e ofsieren bestie út Britten. Ek wiene oan it korps fan tiid ta tiid oare militêre ienheden taheakke: de 7e Brigade fan 'e Yndyske Berchartillery en de 29e Yndyske Brigade út Britsk-Ynje, it Seyloneeske Plantaazje-eigners' Fuselierskorps (Ceylon Planters Rifle Corps) út Seylon, it Sion Mûldierkorps (Zion Mule Corps) fan it Joadske Legioen (fan frijwilligers), ferskate bataljons fan 'e Keninklike Marinedifyzje (Royal Naval Division), de Britske 13e (Westlike) Difyzje en ien brigade fan 'e Britske 10e (Ierske) Difyzje.

Nei de training waard it ANZAC troch de Britske legerlieding lykwols net oan it Westfront yn Frankryk tsjin 'e Dútsers ynset, mar as ûnderdiel fan Mediterrane Ekspedysjemacht nei de Balkan stjoerd. Dêr fierden de Austraaljers en Nijseelanners op 25 april 1915 in lâning út op 'e kust fan it skiereilân Gallipoli, oan 'e Dardanellen. Hja krigen dêr stipe fan Britske, Britsk-Yndyske en Frânske legerûnderdielen. It idee wie dat de Alliëarden it skiereilân op marsjearje koene en by de kust fan 'e Dardanellen en de See fan Marmara lâns rjocht op Konstantinopel ôfgean soene. Dat wie de haadstêd fan it Osmaanske Ryk, dat yn 'e Earste Wrâldoarloch oan 'e kant fan Dútslân focht. As Konstantinopel, dat de Bosporus behearske, yn Alliëarde hannen foel, koe de Alliëarde bûnsgenoat Ruslân makliker befoarriede wurde en soene Dútslân en de oare Sintrale machten mooglik út it súdeasten wei oprôle wurde kinne. Dat wie alteast it tinken fan 'e Britske legerlieding.

 
Nijseelânske soldaten yn harren kampemint by Anzac Cove op 'e kust fan it skiereilân Gallipoli.

It die lykwols bliken dat dy plannen net sa maklik út te fieren wiene. It skiereilân waard fûleindich ferdigene troch it Osmaanske leger, en de opmars kaam nea fan 'e grûn. It ANZAC en de oare Alliëarden kamen yn lytse brêgehaden oan 'e kust fêst te sitten en fersmieten harren libbens mei nutteleaze frontale oanfallen. Dêrmei rûn de Gallipoli-kampanje, sa't de fjildtocht neamd waard, út op in grut fiasko foar de Alliëarden en in navenante oerwinning foar it Osmaanske Ryk. Tsjin 'e tiid dat de evakuaasje fan 'e Alliëarde troepen fan it skiereilân yn desimber 1915 úteinsette, bedroegen de ferliezen fan it ANZAC oan deaden, lju dy't sa ferwûne rekke wiene dat se foargoed útskeakele wiene, en kriichsfinzenen 28.150 Austraaljers (wêrfan 8.709 deaden) en 7.473 Nijseelanners (wêrfan 2.721 deaden). De sneuvele Australyske en Nijseelânske soldaten wurde yn harren respektivelike heitelannen noch elts jier betocht op ANZAC Day (25 april).

Lettere formaasjes

bewurkje seksje

Earste Wrâldoarloch

bewurkje seksje

Nei de evakuaasje fan Gallipoli yn desimber 1915 waarden de Australyske en Nijseelânske troepen wergroepearre yn Egypte, wêrby't it ANZAC as sadanich opheft waard. It Nijseelânske kontingint waard mei nije rekruten útwreide ta de sterkte fan in selsstannige difyzje, de Nijseelânske Difyzje. Tagelyk waard de Earste Australyske Ryksmacht reorganisearre, wat resultearre yn 'e formaasje fan twa nije difyzjes: de Australyske 4e en 5e Difyzje. (De Australyske 3e Difyzje waard ûnderwilens yn Austraalje sels gearstald, en soe letter streekrjocht nei Ingelân en dêrwei nei Frankryk stjoerd wurde.) De Australyske 1e, 4e en 5e Difyzje en de Nijseelânske Difyzje waarden yndield yn twa nije legerkorpsen: it Ie ANZAC Korps en it IIe ANZAC Korps. It Ie ANZAC Korps sette yn begjint 1916 ûnder befel fan generaal Birdwood ôf nei Frankryk om dêr oan it Westfront ynset te wurden, en it IIe ANZAC Korps, ûnder lieding fan luitenant-generaal Alexander Godley, folge koarte tiid letter.

De oantsjutting 'ANZAC' waard yn 'e Earste Wrâldoarloch noch foar ferskate oare militêre ienheden brûkt. Sa waard yn jannewaris 1916 it 4e (ANZAC) Bataljon fan it Ryks Kamielekorps (Imperial Camel Corps) foarme út Australyske en Nijseelânske troepen. (It 1e en 2e Bataljon fan dat korps bestiene inkeld út Austraaljers, wylst it 2e Bataljon opmakke wie út Britten.) Yn maart 1916 waard de ANZAC Difyzje te Pearde (ANZAC Mounted Division) mei trije Australyske en ien Nijseelânske brigade, oprjochte foar tsjinst yn Egypte en Palestina. Der wie ek in 1e (ANZAC) Radiosinjaal Eskadron (1st (ANZAC) Wireless Signal Squadron), dat yn 1916 en 1917 yndield wie by it Britske ekspedysjeleger yn Mesopotaamje. Yn it foarjier fan 1916 stiene de regearings fan Austraalje en Nij-Seelân by de legerlieding oan op 'e skepping fan in Australyske en Nijseelânsk Leger, dêr't alle troepen fan 'e beide lannen yn gearbrocht wurde moasten, mar dêr woe de Britske legerlieding net oan.

Twadde Wrâldoarloch

bewurkje seksje

Yn 'e Slach om Grikelân, ûnder de Twadde Wrâldoarloch, doe't nazy-Dútslân en faksistysk Itaalje Grikelân binnenfoelen en feroveren, waarden fan 7 maart 1941 ôf Alliëarde troepen út Noard-Afrika nei Grikelân stjoerd om it Grykske Leger by te stean. Dêrby gie it om it út twa difyzjes besteande Australyske Ie Legerkorps, de Nijseelânske 2e Difyzje, in Poalske brigade en in Ingelske pânserbrigade. Om't de Nijseelânske, Poalske, Britske en guon Grykske ienheden organisatoarysk by it Ie Korps yndield waarden, waard dat begjin april formeel omneamd ta it ANZAC. Yn totaal omfette dat 58.000 man. De ferdigening fan Grikelân wie lykwols in kânsleaze misje, en de Slach om Grikelân waard yn in pear wiken troch de Dútsers yn harren foardiel besljochte (wêrby't se earder hindere as holpen waarden troch harren Italjaanske bûnsgenoaten). Op 23 en 24 april waard it ANZAC út Grikelân wei evakuëarre, wêrnei't de namme net mear brûkt waard.

 
It monumint te Sfakia, ta oantinken oan 'e evakuaasje fan 'e Britske troepen en it twadde ANZAC fan Kreta yn maaie 1941.

In diel fan 'e Austraaljers en Nijseelanners waard streekrjocht oer de Middellânske See nei de haven fan Aleksanderje yn Egypte brocht, mar in grut diel fan harren waard ynstee nei it Grykske eilân Kreta stjoerd, dat de Alliëarden behâlde woene as in soartemint reuseftich stasjonêr fleandekskip. Australyske en Nijseelânske ienheden waarden dêr legere yn 'e omkriten fan 'e stêden Rethymno en Chania, yn it westen fan it eilân, wylst in lytser Australysk kontingint yn 'e haadstêd Heraklion bedarre, oan 'e midden fan 'e noardkust.

De Dútske ynfaazje fan it eilân, dy't bekend stiet as de Slach om Kreta, begûn op 20 maaie 1941, en duorre tsien dagen. De measte Alliëarden yn it westen loeken har werom nei de súdkust, dêr't se by Sfakia rêden waarden troch de Britske Keninklike Marine, dy't harren nei Egypte ta evakuëarre. In diel fan 'e Alliëarde troepen op Kreta loek him werom yn it ûnherberchsume binnenlân fan it eilân, dêr't se mei help fan 'e Kretinzyske befolking moannenlang oan finzenname troch de Dútsers wisten te ûntkommen. Dejingen dy't àl yn 'e Slach om Kreta kriichsfinzen nommen of letter noch pakt waarden, giene op transport nei kriichsfinzenekampen op it fêstelân fan 'e Balkan, dêr't guon letter ûntsnapten en har by de Joegoslavyske partizanen fan Tito joegen.

Oar gebrûk fan 'e term 'ANZAC'

bewurkje seksje

Under de Fjetnamoarloch waarden twa kompanjyen fan it Keninklik Nijseelânsk Ynfanteryrezjimint (Royal New Zealand Infantery Regiment) yntegrearre yn bataljons fan it Keninklik Australysk Rezjimint (Royal Australian Regiment). Dy mingde bataljons krigen de suffiks "(ANZAC)" oan 'e namme taheakke (sa waard it "4 RAR Battalion" bgl. it "4RAR/NZ (ANZAC) Battalion"). Ien fan 'e ANZAC-bataljons tsjinne as ûnderdiel fan 'e 1e Australyske Taakgroep fan begjin maart 1968 oant de weromlûking fan alle Australyske (en Nijseelânske) troepen yn desimber 1971. Omreden fan 'e rotaasje fan troepen wiene der eins yn totaal fiif fan sokke kombinearre bataljons aktyf ûnder de Fjetnamoarloch.

Yn septimber 2006 waarden de Australyske en Nijseelânske militêre ienheden, dy't yn it ramt fan Operaasje Astute diel útmakken fan 'e fredesmacht yn East-Timor, offisjeel gearfoege ta de ANZAC Gefjochtsgroep (ANZAC Battle Group).

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.