Family Weekend
Family Weekend is in Amerikaanske komeedzjedramafilm út 2013 ûnder rezjy fan Benjamin Epps, mei yn 'e haadrollen Olesya Rulin, Kristin Chenoweth en Matthew Modine. De titel betsjut "Famyljewykein". It ferhaal giet oer in famke dat drastyske maatregels nimt om it houlik fan har âlden te rêden, dat op in skieding driget út te rinnen. Family Weekend, dat produsearre wie as in ûnôfhinklike film, krige oer it algemien tuskenbeiden resinsjes fan 'e filmkritisy.
Family Weekend | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Benjamin Epps | |
produsint | Adam Saunders Chris Aronoff | |
senario | Matt K. Turner | |
kamerarezjy | Christopher Norr | |
muzyk | Russ Howard III Mateo Messina | |
filmstudio | Footprint Pictures The Bedford Falls Company | |
distribúsje | ARC Entertainment | |
spilers | ||
haadrollen | Olesya Rulin Kristin Chenoweth Matthew Modine | |
byrollen | Joey King Eddie Hassell Adam Saunders Chloe Bridges Shirley Jones | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 29 maart 2013 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | komeedzjedramafilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 106 minuten |
Plot
bewurkje seksjeDe sechtjinjierrige Emily is op har middelbere skoalle yn Michigan de kampioen toudûnsjen en ek op oare mêden ien dy't altyd tige har bêst docht. De oare learlingen hawwe foar it meastepart de gek mei har, útsein ien jonge, Chris, dy't smoar op har is. Har âldelju, har bruorren en har suster hawwe gjin belangstelling foar har súksessen op it mêd fan toudûnsjen. Op in freed wint Emily it regionaal kampioenskip hurdtoudûnsjen (dat derom giet hoe faak oft men yn 'e stelde tiid oer it tou springt), en se wurdt talitten ta it steatskampioenskip, dat op snein holden wurde sil. As se ûnder it regionaal kampioenskip oan it toudûnsjen is, siket se ûnderwilens yn it publyk nei har famylje, mar der is net ien oanwêzich om har oan te moedigjen.
As se thúskomt, konfrontearret se har famyljeleden mei har teloarstelling dêroer, mar dêr wurde se net oars fan. Har mem Samantha is in sakefrou dy't it altyd drok hat en eins inkeld belangstelling toant foar har baan. Har heit Duncan is in keunstskilder, dy't syn húshâlding ûnderfynt as in behindering by it frije keunstnersbestean dat er liede wol. Samantha en Duncan binne troch de jierren hinne almar mear útinoar groeit en meitsje oanhâldend rúzje. Harren houlik liket rjocht op in skieding ta te gean.
Jackson, Emily har fyftjinjierrige broer, hat syn eigen swierrichheden. Hy beart dat er homo is, mar yn wurklikheid is er heteroseksueel en docht er himsels inkeld foar as homo sadat oaren tinke sille dat er kreätyf oanlein is en sadat er mear oandacht fan syn heit kriget. Emily har njoggenjierrige suske Lucinda hat in suver obsessive belangstelling foar aktearjen, en ferklaait har allegeduerigen as personaazjes út films dy't eins net gaadlik binne foar bern fan har jierren, lykas Taxi Driver en A Clockwork Orange. En Mickey, Emily har licht autistyske sânjierrige bruorke, hat in obsesje foar bisten en de natoer, en mei graach bistemaskers drage. Net ien fan allegear nimme se Emily har toudûnsjen serieus.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Emily komt op in idee troch in natoerdokumintêre op Animal Planet dêr't Mickey nei sjocht. Dêryn wurde Tasmaanske duvels behannele foar in beskaat soarte kanker nei't se ferdôve binne, sadat se de bistedokters net bite kinne. Yn in wanhopich besykjen om har famylje byinoar te hâlden, bedwelmet Emily dan har heit en mem, sadat se harren allebeide stevich oan in stoel fêstbine kin mei tape. As se dêrmei healwei is, wurdt se trappearre troch Rick, in kollega fan har mem. Dy hat it him yn 'e holle helle dat Samantha har houlik sa min is, dat er it wol mei har oanlizze kin, en wol har dêrom thús opsykje. Om foar te kommen dat er it hiele plan yn it hûndert jaget, oermastere Emily him, bynt him fêst en slút him op yn in koai foar hûnen.
Mei help fan har bruorren en suster, har beppe GG en har freondinne/rivale en buorfamke Kat wit Emily har heit en mem neitiid oant sneintemoarn finzen te hâlden, wylst se besiket mei harren te praten en harren mei-inoar prate te litten. Wylst har heit al rillegau beswykt oan it Stockholmsyndroom en har priizget foar it toanen fan inisjatyf, bliuwt har mem lulk en beskrobbet har oanhâldend. Nei in emosjoneel twapetear mei har mem slagget it Emily úteinlik om har âldelju safier te krijen dat se wer omsjogge nei de bern. Dêrtroch komt û.m. ek Jackson syn falske homoseksualiteit út. Trochdat se oerenlang twongen binne yn itselde fertrek te bliuwen, prate Samantha en Duncan nei jierren einlings ek wer echt mei inoar, en beseffe dat se noch altyd faninoar hâlde.
Sneintemoarns, as Emily nei it steatskampioenskip toudûnsjen sil, steane der twa helpsheriffs op 'e stoepe. De buorlju hawwe klage oer lûdsoerlêst en it helpgerop, want har heit en mem hiene harren yn 't earstoan, doe't se krekt trochkrigen wat Emily dien hie, net ynholden. De plysjes wolle yn 'e hûs sjen, dêr't Samantha en Duncan harren, troch gear te wurkjen, einlings út 'e stuollen befrijd hawwe. Tsjin dy tiid binne se net lulk mear, en se bewissigje de plysjes derfan dat der neat oan 'e hân is. As de helpsheriffs wer fuortsille, dûkt ynienen Rick op, dy't út syn koai ûntsnapt is en dy't moard en brân skreaut oer ûntfiering en mishanneling. As de plysjes dan Emily arrestearje wolle, soargje har âlden en har bruorren en suster foar ôflieding, sadat Kat har fluch nei it kampioenskip ride kin.
As se de finale springt, siket Emily op 'e nij de tribunes ôf nei har famylje, dy't der wer net is. Mar dan arrivearje se dochs noch allegear. Fan 'e alteraasje hâldt Emily op mei springen, wat har kostbere tiid kostet. Dochs behellet se noch it twadde plak. Fuort neitiid komme de beide helpsheriffs deryn, dy't har yn hânboeiens ôffiere. Trije wiken letter meitsje Samantha, Duncan, Jackson, Lucinda en Mickey har op om fuort. Jackson hat ûnderwilens ferkearing krigen mei Kat, dy't harren útwiuwt. De reis giet nei de jeugdfinzenis dêr't Emily har straf útsitten hat, en dêr't se troch de hiele famylje ophelle wurdt om nei hûs te gean.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Emily Smith-Dungy | Olesya Rulin |
Samantha Smith-Dungy | Kristin Chenoweth |
Duncan Dungy | Matthew Modine |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Lucinda Smith-Dungy | Joey King |
Jackson Smith-Dungy | Eddie Hassell |
Rick | Adam Saunders |
Kat | Chloe Bridges |
beppe Gail "GG" Dungy | Shirley Jones |
Chris | Chased Maser |
Mickey Smith-Dungy | Robbie Tucker |
helpsheriff Tucker | Peter Gail |
helpsheriff Reyes | Lisa Lauren Smith |
Produksje
bewurkje seksjeFamily Weekend waard regissearre troch Benjamin Epps nei in senario fan Matt K. Turner. It is in ûnôfhinklike film, dy't produsearre waard troch Adam Saunders en Chris Aronoff foar de lytse filmstudio's Footprint Pictures en The Bedford Falls Company. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Christopher Norr, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Russ Howard III en Mateo Messina. De film waard distribuëarre troch ARC Entertainment, en gie op 29 maart 2013 yn premiêre.
Untfangst
bewurkje seksjeOp 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Family Weekend in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 36%, basearre op 22 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle de film in goedkarringspersintaazje fan 35%, basearre op 7 resinsjes.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |