Fan Noli (folút: Theofan Stilian Noli; Ibriktepe (Osmaanske Ryk), 6 jannewaris 1882Fort Lauderdale (Floarida), 13 maart 1965) wie in Albaneesk geastlike, skiedkundige, diplomaat, politikus, publisist, dichter, oersetter en komponist. Hy wie in nasjonalist, dy't benammen in tige wichtige rol spile by de oprjochting fan 'e Albaneesk-Otterdokse Tsjerke en de konsolidaasje fan it Albaneesk as de nasjonale taal fan Albaanje, troch syn grutte oeuvre oan oersettings út 'e wrâldliteratuer nei it Albaneesk. Dêrnjonken droech er mei ferskate wittenskiplike publikaasjes ek by oan 'e Ingelsktalige literatuer. As politikus krewearre er om 'e nocht om fan Albaanje in demokratysk Westersk lân te meitsjen, wêrby't er nei de Junyrevolúsje fan 1924 in healjier as premier tsjinne. Neitiid moast er lykwols syn heitelân ûntflechtsje en brocht er syn fierdere libben yn ballingskip troch, earst yn Jeropa, en letter yn 'e Feriene Steaten.

Fan Noli
politikus
echte namme Theofan Stilian Noli
nasjonaliteit Albaneesk
bertedatum 6 jannewaris 1882
berteplak Ibriktepe (Osmaanske Ryk)
stjerdatum 13 maart 1965
stjerplak Fort Lauderdale (Floarida)
etnisiteit Albaneesk
biskop en primaat fan de Albaneesk-Otterdokse Tsjerke
amtsperioade 19231965
premier en regint fan Albaanje
amtsperioade junydesimber 1924
foargonger Iliaz Vrioni
opfolger Iliaz Vrioni
Albaneesk minister fan Bûtenlânske Saken
amtsperioade 19211922
lid fan it Albaneeske Parlemint
amtsperioade 19211924

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Noli waard yn 1882 berne as lid fan de etnysk Albaneeske mienskip yn Ibriktepe, yn East-Traasje (Jeropeesk Turkije, provinsje Edirne), dat doe mei in grut diel fan 'e súdlike Balkan (wêrûnder Albaanje) diel útmakke fan it Osmaanske Ryk. Oars as de measte Albanezen, dat moslims binne, wiene Noli syn âlden eastersk-otterdokse kristenen, en as sadanich lid fan 'e Gryksk-Otterdokse Tsjerke, dy't útslutend it Gryksk as tsjerketaal brûkte. Sadwaande krige er by syn doop de hellenisearre namme Theofanos Stylianos Mavromatis.

Letter waard oer him sein dat er eins in etnyske Gryk wie of dat er in Bulgaarsk-Joadske heit en in Grykske mem hie, mar dat binne bewearings fan skriuwers dy't harren eigen pro-Grykske politike aginda hiene en dêrom net serieus te nimmen binne. Ek wol men wol hawwe dat Noli eins fan Flachysk komôf wie, en dat soe wolris in grûn fan wierheid hawwe kinne, mei't in grut diel fan 'e hjoeddeistige Albanezen ôfstammet fan Midsiuwske Flachen. Yn acht nommen dat itselde wier is foar in grut diel fan 'e befolking fan noardeastlik Grikelân en Servje, en yn it bysûnder foar de Bosnyske Serven, hat sa'n ôfstamming neat te krijen mei de moderne etnyske identiteit en soe it, as it wier wie, inkeld in nijsgjirrich weetsje wêze.

As jongfeint swalke Noli it hiele Eastlike Bekken fan 'e Middellânske See troch, wêrby't er û.m. ferbleau mank de Albaneeske mienskippen yn it Grykske Atene, it Egyptyske Aleksandrië en it Oekraynske Odessa (dat doe part wie fan it Russyske tsareryk). Yn dy snuorje ûnderstipe er himsels finansjeel troch as akteur en oersetter te wurkjen, mei't er behalven Albaneesk ek floeiend Gryksk, Turksk, Arabysk, Ingelsk en Frânsk spriek. Hy levere in grutte bydrage oan 'e emansipaasje fan syn memmetaal troch in grut part fan it oeuvre fan 'e grutte Ingelske toanielskriuwer William Shakespeare foar it earst nei it Albaneesk oer te setten. Ek fertaalde er wurk fan û.m. Omar Chajam en Blasco Ibáñez. Mei troch syn kontakt mei de Albanezen om utens, by wa't de heitelânsleafde faak better útkristallisearre wie as by de eigentlike ynwenners fan dat heitelân, ûntjoech Noli him ta in fûleindich lid fan 'e Albaneeske nasjonalistyske beweging.

 
Fan Noli yn syn preesterklaad.

Tsjerklik wurkpaad

bewurkje seksje

Yn 1906 ferfear Noli nei de Feriene Steaten, dêr't er earst yn Buffalo yn in houtseagerij wurke, en letter yn Boston yn in fabryk dêr't er in masine betsjinne dy't etiketten op blikken plakte. De eastersk-otterdokse Albanezen wiene yn 'e Feriene Steaten, krekt as yn 'e Alde Wrâld, lid fan 'e Gryksk-Otterdokse Tsjerke. De autoriteiten fan dy tsjerke stiene fjouwerkant efter de opfetting fan it Grykske regear dat de otterdokse kristenen fan súdlik Albaanje allegear etnyske Griken wiene. Sadwaande wie de Tsjerke mordikus tsjin op lykfol hokker utering fan Albaneesk nasjonalisme troch otterdokse kristenen.

Yn 1908 late dat ta it saneamde Hudson-ynsidint, wêrby't in Gryksk-otterdokse preester wegere om 'e begraffenisriten út te fieren foar Kristaq Dishnica, in eastersk-otterdokse Albanees, fanwegen de man syn nasjonalistyske aktiviteiten. Noli en guon lykstimden besleaten doe in eigen tsjerke op te rjochtsjen, de Albaneesk-Otterdokse Tsjerke, wêrfoar't hysels yn 1908 as earste ta preester wijd waard. Dy preesterwijinge waard ferrjochte troch in Russysk-otterdokse biskop yn 'e Feriene Steaten, en fûn plak ûnder twifelige omstannichheden, mei't net dúdlik is oft de oangeande biskop wol it foech hie om Noli ta preester te wijen, en om't it ek net wis is oft it ritueel wol korrekt ferrûn. Yn 1923 waard Noli op it Kongres fan Berat ta biskop wijd en tagelyk oansteld as primaat fan 'e Albaneesk-Otterdokse Tsjerke.

Politike karriêre

bewurkje seksje

Yn 1908 begûn Noli oan in stúdzje oan 'e Universiteit fan Harvard, dy't er yn 1912 mei goed gefolch beëinige. Dêrop kearde er werom nei Jeropa, dêr't dat jiers de hiele Balkan yn ûnstjoer rekke wie fanwegen de Earste Balkanoarloch, wêrby't de alliëarde legers fan Grikelân, Servje, Bulgarije en Montenegro it Osmaanske Ryk in ferpletterjende nederlaach tabrocht hiene en hast alle lân oan 'e Jeropeeske kant fan 'e Bosporus ôfnommen hiene. De Albanezen, dy't oars as harren buorfolken foartiid noch binnen it Osmaanske Ryk wenne hiene, beskikten net oer in eigen leger om harren belangen te waarboargjen, en it wie oan Noli en oare ballingen om yn 'e haadstêden fan 'e Jeropeeske grutmachten de stifting fan in Albaneeske steat te bepleitsjen foar't Grikelân, Servje en Montenegro Albaanje ûnderinoar ferpartsje koene.

Mei stipe fan yn 't bysûnder Eastenryk-Hongarije, dat Servje sa koart mooglik hâlde woe, slagge dat, en yn 1913 koe Noli foar it earst foet oan lân sette yn syn krekt ûnôfhinklik wurden heitelân. Under de ûnlijige jierren fan 'e Earste Wrâldoarloch (1914-1918) wied er lykwols twongen om werom te kearen nei de Feriene Steaten, dêr't er oan it haad stie fan Vatra, de Pan-Albaneeske Federaasje fan Amearika. Yn dy funksje wie Noli feitliks de lieder fan 'e hiele Albaneeske diaspoara. Mei't Servje en Grikelân diskear allebeide ta de oerwinnende lannen hearden, wylst Eastenryk-Hongarije de oarloch ferlear, hong it fuortbestean fan Albaanje oan in rottich toutsje, mar mei syn krewearjen yn Amearika, Sjenêve en Versailles wist Noli yn 1919 de stipe foar in selsstannich Albaanje te winnen fan 'e ynfloedrike Amerikaanske presidint Woodrow Wilson. Yn 1920 soarge er der fierders foar dat de jonge steat lid wurde koe fan it Folkebûn, wêrmei't it de ynternasjonale erkenning krige dy't it de acht foargeande jierren misse moatten hie.

 
De Fan Noli Basisskoalle, yn Tirana.

Yn 1921 waard Noli yn it Albaneeske parlemint keazen as lieder fan 'e lofts-liberale en pro-Britske Partia ë Popullit ("Partij fan it Folk"). De beide oare grutte partijen wiene de konservative en pro-Italjaanske Partia Përparimtare ("Progressive Partij") fan Ahmet Zogu en de liberale Partia Popullore ("Folkspartij") fan Xhafer Ypi. De tweintiger jierren wiene foar Albaanje in ûnlijige tiid fol politike opskuor tusken de liberalen en de konservativen. Noli tsjinne yn 1921-1922 koart as minister fan Bûtenlânske Saken yn it kabinet fan Xhafer Ypi, wêrnei't de konservativen fan Zogu wer oan 'e macht kamen. Doe't der in mislearre moardoanslach op Zogu dien waard, namen de konservativen wraak troch begjin 1924 de radikaal liberale politikus Avni Rustemi om hals te bringen. By dy syn útfeart hold Noli in taspraak dêr't er it folk sa mei yn 'e greep krige, dat der in rebûlje plakfûn, wêrby't Zogu yn maart 1924 de wyk nimme moast nei Joegoslaavje. Hy waard koarte tiid opfolge troch syn skoanheit Shefqet Vërlaci, dy't by de Junyrevolúsje lykwols ek it fjild romje moast. Dêrnei naam de liberale politikus Iliaz Vrioni koarte tiid de honneurs waar, foar't Noli op 17 july ta premier en regint fan Albaanje beneamd waard.

Noli hie grutte plannen om Albaanje te modernisearjen, mar syn Tweintich-Punteplan wie ympopulêr by de befolking, en nei in lyts healjier waard syn regear op krystjûn al troch oanhingers fan Zogu ûnder fuotten helle. Twa wike letter kearde Zogu werom út ballingskip en moast Noli it lân ûntflechtsje wylst er by ferstek ta de dea feroardiele waard. Zogu wie him bewust fan syn kwetsbere posysje, en mei't er net fan doel wie om nochris yn ballingskip te gean, sette er útein mei drastyske maatregels dy't in ein makken oan 'e Albaneeske demokrasy. Tsjin 'e ein fan 'e winter wiene de wichtichste opposysjelieders, Bajram Curri en Luigj Gurakuqi, fermoarde en sieten frijwol alle oaren finzen.

Underwilens rjochte Noli yn 'e Eastenrykske haadstêd Wenen it Komiteti Nacional Revolucionar (KONARE; "Revolúsjonêr Nasjonaal Komitee") op, wêrmei't er de diktatuer fan Zogu ûnder fuotten hope te bringen en de demokrasy fannijs yn te fieren. Hoewol't dy organisaasje troch it lidmaatskip en de bemiddeling fan 'e foaroansteande Albaneeske kommunist Kosta Boshnjaku ûnbeheinde finansjele stipe fan 'e Komintern krige, wie it berik fan it komitee yn Albaanje beheind. Yn 1928 feroare KONARE syn namme yn Komiteti i Çlirimit Kombëtar ("Komitee foar Nasjonale Befrijing"). Underwilens wie doe yn Albaanje de monargy útroppen, mei Zogu sels oan it haad as kening Zog I. Yn 1932 gie Noli wer nei de Feriene Steaten, dêr't er in republikeinske opposysje tsjin 'e kening foarme. Uteinlik naam er de Amerikaanske nasjonaliteit oan, dy't er krije koe op betingst dat er syn politike aktiviteiten yn en oangeande Albaanje beëinige.

Hoewol't er him earst oan dy ôfspraak hold, begûn er him yn 'e oanrin nei de Twadde Wrâldoarloch dochs wer mei politike oangelegenheden te bemuoien. Nei't kening Zog yn 1939 Albaanje ûntflechtsje moatten hie om't it lân troch faksistysk Itaalje beset wie, sleat Noli foar koarte tiid in bûnsgenoatskip mei him, mar it slagge net om in sterk anty-faksistysk, anty-kommunistysk front te foarmjen. Nei de oarloch hie Noli gedoente mei it nije kommunistyske Albaneeske regear fan Enver Hoxha, dy't yn 1944 de macht grepen hie. Hy besocht om 'e nocht en krij it Amerikaanske regear safier dat dat Hoxha syn rezjym erkenne soe. Letter krige er sels ek spul mei de kommunisten, doe't dy de kristenen yn Albaanje begûnen te ferfolgjen. Dy ferfolging resultearre der ek yn dat Noli syn tsjerke om utens alle kontakt ferlear mei de otterdokse tsjerke yn Albaanje. Nettsjinsteande dat besleat de Amerikaanske federale resjerzje FBI dat Noli tefolle op hie mei kommunisten en sadwaande waard er mear as tsien jier lang bespionearre.

 
De byltenis fan Fan Noli op it bryfke fan 100 lek.

Skriuwkarriêre

bewurkje seksje

Fan 'e tritiger jierren ôf sette Noli syn eigen stúdzjes fuort. Hy lei him ta op 'e ûntwikkeling fan 'e Albaneesk-Otterdokse Tsjerke yn 'e Feriene Steaten, ferdjippe him yn Byzantynske muzyk, en promovearre yn 1945 oan 'e Universiteit fan Boston op in proefskrift oer de Albaneeske Midsiuwske held Skanderbeg. Tuskentroch died er oan 'e muzykfakulteit fan 'e Universiteit fan Boston ûndersyk foar in biografy oer de komponist Ludwig van Beethoven, dy't er letter publisearre. Yn 1947 komponearre er sels in symfony dy't er de namme Scanderbeg joech. Ek brocht er publikaasjes oer Shakespeare en religieus wurk út en fertaalde er út it Albaneesk nei it Ingelsk. Boppedat skreau er teminsten 24 gedichten.

Tsjin 'e ein fan syn libben loek Noli him werom yn Fort Lauderdale, yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Floarida, dêr't er yn 1965 kaam te ferstjerren oan komplikaasjes by in operaasje. Hy waard 83 jier. De tûke fan 'e Albaneesk-Otterdokse Tsjerke dêr't hy oan syn dea ta lieding oan joech, ûntwikkele him úteinlik ta it Albaneeske Aartsepiskopaat fan 'e Otterdokse Tsjerke yn Amearika. De byltenis fan Fan Noli stie fan 1996 oant 2008 op it bryfke fan 100 Albaneeske lek.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.