Folk en Tsjerke

(Trochferwiisd fan Frisia Catholica)

Folk en Tsjerke is de namme fan in feriening foar tsjerklike skiednis yn 'e Nederlânske provinsje Fryslân. De organisaasje waard yn 1969 oprjochte en fierde sadwaande yn 2019 syn fyftichjierrich bestean. It is de iennichste provinsjale tsjerkhistoaryske feriening yn Nederlân.

Folk en Tsjerke
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
type org. feriening
wurkmêd tsjerklike skiednis
fêstige yn Ljouwert (Fryslân)
off. taal Frysk en Nederlânsk
oprjochte 1969
fuortk. út Frisia Catholica
tal leden 119 (2019)
offisjele webside
www.folk-en-tsjerke.nl

Folk en Tsjerke waard yn 1969 oprjochte fanút 'e eardere roomske tsjerkhistoaryske feriening Frisia Catholica, dy't sels yn 1937 stifte wie. Frisia Catholica stie de kulturele ferheffing fan 'e roomske Friezen foar troch de fersprieding fan kennis oer it Fryske ferline, wêrby't de klam lei op it tsjerklike ferline. Yn 1969 waard de organisaasje omfoarme ta it oekumenyske Folk en Tsjerke, hoewol't de roomske leden yn 't earstoan noch in grutte mearderheid foarmen. Harm Oldenhof wie de earste foarsitter fan 'e nije feriening, en beklaaide dy funksje 32 jier lang.

Anno 2019 hat Folk en Tsjerke 119 leden. Dat binne foar it meastepart âlderen, mar de oanwaaks fan nije leden hâldt it ferstjerren fan âlde leden rûchwei yn lykwicht, sadat it ledetal al jierrenlang ûngefear gelyk bliuwt. Earder wist de ferining syn ledetal ris te ferdûbeljen troch alle stipers fan 'e Stifting Alde Fryske Tsjerken oan te skriuwen. Tsjintwurdich komme der benammen nije leden by troch simmerdeis reklame foar Folk en Tsjerke te meitsjen by de tsjerke-iepenstellings yn it ramt fan Tsjerkepaad.

De fiertaal op 'e ledegearkomsten is oer it algemien Frysk, mar Nederlânsk wurdt ek wol sprutsen. Folke en Tsjerke bringt publikaasjes út oer de Fryske tsjerkhistoarje, fersoarget ekskurzjes foar de leden en hâldt gearkomsten op 'e tiisdei nei Pinkster. Foarbylden fan publikaasjes binne it livige artikel Het Kerkinterieur op de Schop, fan âld-predikant Jan Dirk Wassenaar, en de jierlikse bibliografy fan (yn oare media) ferskynde artikels oer de Fryske tsjerkhistoarje, gearstald troch âld-sekretaris Douwe Zeinstra.

Foarhinne wiene de ekskurzjes yn skrikkeljierren trijedeisk, yn even jierren twadeisk en yn ûneven jierren iendeisk. Tsjintwurdich binne alle ekskurzjes iendeisk, en wurde foar sokke gelegenheden in pear touringcars hierd, ynstee fan dat men mei in kolonne auto's giet, lykas yn it ferline wol barde. Foarbylden fan 'e bestimmings fan eardere ekskurzjes wiene de unike doopsgesind-remonstrantske gemeente yn Dokkum, in tsjerke dy't boud is op it fûnemint fan in Romeinske timpel yn Elst, yn 'e Betuwe, en in stikmannich bysûndere tsjerken yn it Dútske East-Fryslân. In bysûnder lid wie de yn 2018 ferstoarne oersetter Klaas Bruinsma út Drachten, dy't oer eltse ekskurzje in gedicht makke, faak ûnderweis werom, en dat jûns dan foardroech by it mienskiplike diner.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Hout, Wiebe van der, Gezellige verdieping bij Folk en Tsjerke, yn: de Ljouwerter Krante, 7 oktober 2019, s. 25.