Geale' Sliepke
Geale' Sliepke, tsjintwurdich ek wol op 'e moderne wize Geales Sliepke neamd, is in gedicht fan 'e hân fan 'e Fryske skriuwer en dichter Eeltsje Hiddes Halbertsma (1797-1858). It waard foar it earst publisearre yn 1829, as ûnderdiel fan 'e ferhale- en dichtbondel De Lapekoer fan Gabe Skroar, dy't letter, yn 1871, mei it oare wurk fan 'e bruorren Halbertsma útgroeie soe ta de ferneamde samling Rimen en Teltsjes.
Geale' Sliepke | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Eeltsje Hiddes Halbertsma | |
taal | Frysk | |
foarm | gedicht | |
1e publikaasje | 1829, Dimter | |
oarspr. útjwr. | fa. J. de Lange | |
bondel | De Lapekoer fan Gabe Skroar (no: Rimen en Teltsjes) |
Beskriuwing
bewurkje seksjeGeale' Sliepke wurdt beskôge as ien fan 'e bêst slagge gedichten fan Eeltsje Halbertsma, yn it foarste plak troch de wûndermoaie klankpatroanen yn it fers,[1] en teffens troch it idyllyske byld dat deryn sketst wurdt fan it Fryske plattelân.
It gedicht giet oer it jonkje Geale, dy't, nei't er temûk kersen gnobbe hat yn it hôf fan pake, op in sideplak yn it reid yn 'e sinne yn 'e sliep fallen is. Hy wurdt wekker makke troch in boartlik kealtsje en is dan earst rare kjel om't er mient dat pake ('oarreheit') him fûn hat. It fers einiget mei de moraal dat in kwea gewisse net te ûntrinnen is.
Tekst
bewurkje seksje- Geale' Sliepke
|
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|