Geal

(Trochferwiisd fan Gealtsje)

De geal (Luscinia megarhynchos), ek faak it gealtsje neamd, is in sjongfûgel út de ûnderfamylje Saxicolinae, eartiids yndield by de famylje Turdidae (klysters) mar no yndield by de famylje miggesnappers. De fûgel is bekend foar syn sjongkwaliteiten en de namme is ôflaat fan it Germaanske galan, dat sjonge betsjut. Gealtsjes sjonge net allinne oerdei, mar ek nachts. Der is sels in oargelregister nei it fûgeltsje ferneamd.

geal
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje miggesnappers (Muscicapidae)
skaai gealtsjes (Luscinia)
soarte
Luscinia megarhynchos
Brehm, 1831
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     simmerfûgel

     wintergast


 
Sjongend gealtsje.

De geal is in 17 sm lange fûgel mei in spanwiidte fan 26 sm en in brún fearrekleed. De krún, wjukken, romp en de sturt hawwe in wat readeftige gloed, wylst de kiel en de sydkanten fan it kopke earder de grize kant útskaaie. It boarst en de búk binne ljochtbêzje. De rôze oant ljochtgiele poatsjes binne lang. It swarte eachje hat in ljocht eachring en de snaffel is donker en by de basis giel.

Wyfkes hawwe in doffere kleur as mantsjes.

Jonge fûgels binne spikkele.

 
Trekrûtes fan 'e geal.

De geal is in trekfûgel; se briede yn Europa en yn dielen fan Aazje.De fûgel is faker te hearren as te sjen en libbet ûnopfallend yn 'e strewellen. It iten bestiet út ynsekten, wjirmkes, rûpen, spinnen en oare wringeleaze dierkes. As de jonge fûgels útflein binne, fleane se tusken july en septimber nei tropysk Afrika om dêr te oerwinterjen. Healwei april binne se werom om yn Europa te brieden. It wyfke boud it nêst fan deade bledsjes, woartels, mosk, gers en fearkes op 'e grûn of yn 'e tichte fegetaasje op in hichte fan maksimaal in heale meter boppe de grûn. It lechsel bestiet út 4 oant 5 brune aaikes.

Fersprieding

bewurkje seksje

Gealtsjes briede yn Europa en yn dielen fan Aazje en oerwinterje yn tropysk Afrika. Yn Skandinaavje en East-Europa is de fûgel in seldsume gast. Fan oarsprong is de geal in boskfûgel, mar de geal komt hjoed-de-dei ek yn houtwâlen, parken en grutte tunen foar. Dochs libbet de fûgel ek noch yn bosk mei leechhout en in tichtbegroeide boaiem.

De fûgel komt yn Nederlân algemien foar yn 'e dunen, op 'e Waadeilannen, de Iselmarpolders en it Lauwersmargebiet. Oare gebieten mei in relatyf soad gealtsjes binne it Nasjonaal Park De Biisbosk, de Weerribben en guon gebieten oan 'e grutte rivieren. Yn it easten fan it lân is de stân fan 'e fûgel lykwols sûnt 1975 tebekrûn, in ferlies dat troch de taname yn oare lândielen teminsten foar in diel goedmakke waard. Op 'e Nederlânske Reade list wurdt de geal kwetsber neamd.

Undersoarten

bewurkje seksje

De soarte bestiet út trije ûndersoarten:

  • L. m. megarhynchos: fan westlik en sintraal Europa oant sintraal Turkije en súdlik Jordaanje.
  • L. m. africana: eastlik Turkije, de Kaukasus en noardlik en súdwestlik Iran.
  • L. m. golzii: fan eastlik Iran oant Kazachstan, súdwestlik Mongoalje en noardwestlik Sina.

De geal hat in tige grut ferspriedingsgebiet. Oannommen wurdt dat de populaasje stabyl is en it tal fûgels wurdt tusken de 43.000.000 en de 81.000.000 folwoeksen fûgels rûsd. Likernôch de helte fan 'e wrâldpopulaasje komt yn Europa foar. Tusken 1980 en 2013 rûn de stân fan 'e fûgel yn Europa stadichoan tebek troch de agraryske ûntwikkelingen en mei't de bosken te netsjes holden waarden, mar tusken 2000 en 2012 herstelde de stân him.[1] De fûgel wurdt op 'e Reade list fan IUCN as net bedrige klassifisearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: