Gerbren Menthies
(Trochferwiisd fan Gerben Menthies)
Gerbren Menthies wie grytman fan Aenjewier. Anjewier wie de twadde gritenij fan Sânwâlden en de lytste fan allegear. Grinzet yn it noarden oan Utingeradiel, ten easten oan Opsterlân, ten suden oan Skoatterlân en ten westen oan Haskerlân. Aenjewier hat fjouwer doarpen: Gersleat, Tsjalbert, Lúnbert en Terbant, en noch in gedielte fan It Hearrenfean.
Gerbren Menthies komt foar ûnder de folmachtigen op de lândei fan 17 jannewaris 1550. Undertekene yn deselde kwaliteit fiif jierren letter de akte fan huldiging oan Filips II. Neidat hy sa'n fjouwer en tritich jier grytman west hie die hy, op 29 desimber 1576, ôfstân om romte meitsjen foar syn soan Jochem Gerbrens, dy't yn 1574 folmachtige wie op de lânsdei foar Aenjewier.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|