Gerrit Knop (West, 4 desimber 1873 – yn Nederlân, 9 july 1949)[1] wie in Frysk skriuwer, dichter, ûnderwizer, amateur-taalkundige, oersetter en publisist, dy't ôfkomstich wie fan it doarp West op it Waadeilân Skylge. As ien fan 'e earsten bekommere hy him om it lot fan 'e Skylger dialekten en yn it bysûnder fan syn memmetaal, it Skylgersk.

Gerrit Knop
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Gerrit Knop
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 4 desimber 1873
berteplak West (Skylge)
stoarn 9 july 1949
stjerplak ? (Nederlân)
etnisiteit Frysk
wurk
taal Skylgersk, Nederlânsk
sjenre lit. koarte ferhalen, poëzij,
hymnen, non-fiksje, oersettings
perioade 1e helte 20e iuw
bekendste
  wurk(en)
Schylgeralân
Schylgerlaner Leisboek
De Spraakkunst der
   Terschellinger Dialecten
prizen Joast Halbertsmapriis 1948
jierren aktyf 19311949
offisjele webside
Gerrit Knop yn de DBNL

Knop wie hikke en tein yn West, dêr't er letter skoalmaster waard. Fan likernôch 1931 ôf sette er him o sa yn foar it behâld fan it Skylgersk en de oare Skylger dialekten (it Midslânsk en it Aastersk). Dat died er mei de publikaasje fan ferskate boeken en artikels, en troch syn mei-eilanners oan te fiterjen om koarte ferhalen en gedichten yn it eigen dialekt te skriuwen. Sels liet er it ek net by grammatikale ferhannelings. Krektoarsom, hy publisearre eigenskreaune ferhalen yn û.m. de Harnzer Krante (dy't op it eilân in soad lêzen waard) en brocht de dichtbondel Fersen yn de Schylger Tongslach út.

Fierders besocht er yn syn Schylgeralân om sjen te litten dat it Skylgersk net ûnderdie foar oare taalfoarmen troch der teksten yn te skriuwen dy't fan safolle mooglik ferskillende sjenres wiene. Sa omfieme dat boek û.m. lieten, in humoristysk gedicht, in oersetting fan in fragmint fan John Milton syn epos Paradise Lost en in fertaling fan it koraal Abide with Me.

Teffens wie Knop de driuwende krêft efter de útjefte fan it earste Skylger lêsboek (foar skoalbern) yn 1935, it saneamde Schylgerlaner Leisboek, wêryn't alle trije dialekten fan it eilân behannele waarden. Yn 1948 wie hy de earste winner fan 'e doe krekt troch de provinsje ynstelde Joast Halbertsmapriis. Postúm ferskynde fan Knop yn 1954 it boek De Spraakkunst der Terschellinger Dialecten, wêryn't er tige sekuer de trije Skylger dialekten op taalwittenskiplike wize fêst besocht te lizzen.

  • 19?? – De Schylger Flach (yn: Terschelling... Rijmt en Dicht, sûnder jier)
  • 19?? – De Lorts (yn: Terschelling... Rijmt en Dicht, sûnder jier)
  • 19?? – De Sten (yn: Terschelling... Rijmt en Dicht, sûnder jier)
  • 19?? – Genacht (yn: Terschelling... Rijmt en Dicht, sûnder jier)
  • 19?? – Moai Aeltse (yn: Terschelling... Rijmt en Dicht, sûnder jier)
  • 19?? – 'Standing' en 'Ferstan' (yn: Terschelling... Rijmt en Dicht, sûnder jier)
  • 19?? – In Ald Lietse yn in Ny Kleetse (yn: Terschelling... Rijmt en Dicht, sûnder jier)
  • 19?? – De 'Lutine' (yn: Terschelling... Rijmt en Dicht, sûnder jier)
  • 19?? – 'k Bin Schylger (yn: Terschelling... Rijmt en Dicht, sûnder jier)
  • 19?? – Op 't Tsjerkhof (yn: Douwe Tamminga, In Slach om 'e Tsjerke, sûnder jier)
  • 1933 – Wi Litte de Minsken Mar Preitse (yn: it Ljouwerter Nijsblêd)
  • 1933 – Eenige Opmerkingen over 't Ontstaan en 't Karakter der Terschellinger Dialekten I (yn: it Ljouwerter Nijsblêd)
  • 1933 – Eenige Opmerkingen over 't Ontstaan en 't Karakter der Terschellinger Dialekten II (yn: it Ljouwerter Nijsblêd)
  • 1933 – Eenige Opmerkingen over 't Ontstaan en 't Karakter der Terschellinger Dialekten III (yn: it Ljouwerter Nijsblêd)
  • 1933 – Eenige Opmerkingen over 't Ontstaan en 't Karakter der Terschellinger Dialekten IV (yn: it Ljouwerter Nijsblêd)
  • 1933 – Schylge, Schylger Tael en Schylger Minsken: De Sjongende Wein, Liedtses en Gedichten yn de Westerschylger Tongslach (lieten en gedichten)
  • 1934 – Yn 't Skylgers oer Skylinge (yn: It Heitelân)
  • 1935 – Schylgerlaner Leisboek (lêsboek foar skoalbern)
  • 1937 – Zur Lautlehre der westfriesischen Insel Ter Schelling: Beitrag zur u-ü-Frage (yn: Frysk Jierboek)
  • 1937 – Yn 'e Schylger Grongen un Stomboat Forgeet (poëzij, yn: Frysk Jierboek)
  • 1937 – De Fri-je Minsk (poëzij, yn: Frysk Jierboek)
  • 1938 – Die starken Zeitwörter in den friesischen Mundarten der Insel Ter Schelling (yn: Frysk Jierboek)
  • 1938 – Nachts op Strân (poëzij, yn: Frysk Jierboek)
  • 1941– Die ch-Formen des Zeitwörter dwaen (tun) in den friesischen Mundarten der Insel Ter Schelling als Sonderfall des (w)-19-1 Wechsels (yn: Frysk Jierboek)
  • 1946 – Schylgeralân (non-fiksje, proaza, poëzij, oersettings)
  • 1948 – Brandarisflitsen: Een Vacantieuitstapje van Twee Amsterdammers naar het Eiland Ter-Schelling (koarte ferhalen)
  • 1948 – Der Bin Wi Fór! (rede holden by ynûntfangstname fan 'e Joast Halbertsmapriis, yn: Om it Erfskip, en yn:de Ljouwerter Krante fan 30 okt. 1948)
  • 1949 – Fersen yn de Schylger Tongslach
  • 1954 – De Spraakkunst der Terschellinger Dialecten (taalkunde)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Berte- en stjertedata fan Gerrit Knop (mei ien grutte flater, nammentlik it jier fan ferstjerren, dat sûnder mis 1949 wêze moat, net 1948)

  • Jansen, Mathilde, en Oostendorp, Marc van, Taal van de Wadden, De Haach, 2004 (Sdu Uitgevers), ISBN 978-9 01 20 97 130, s. 46, 78 en 98.