Go with Me (novelle)
Go with Me is in skriller-novelle fan 'e hân fan 'e Amerikaanske skriuwer Castle Freeman jr. De titel betsjut: "Gean mei My". It boek, dat mar 160 siden telt, beskriuwt it ferhaal fan in jonge frou dy't yn in lyts plak yn de Amerikaanske steat Vermont stalkt wurdt troch in pleatslike krimineel. Hja kriget help fan 'e sterke jongfeint Nate en de slûchslimme âldman Lester. Go with Me waard yn jannewaris 2008 publisearre troch de útjouwerij Steerforth Press yn Lebanon (Nij-Hampshire). It boek is letter werútjûn troch de gruttere Amerikaanske útjouwerij HarperCollins en foar de Jeropeeske merk ek troch it Britske Duckworth Overlook. Yn 2016 waard Go with Me ferfilme ûnder de titel Blackway.
Go with Me | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | Castle Freeman jr. | |
taal | Ingelsk | |
foarm | novelle | |
sjenre | skriller | |
1e publikaasje | 2008, Lebanon | |
oarspr. útjwr. | Steerforth Press | |
kodearring | ||
ISBN | 978-1 58 64 21 397 |
Ynspiraasje
bewurkje seksjeNeffens de skriuwer wie de novelle ynspirearre troch de Arthurleginden út Le Morte d'Arthur, fan Thomas Malory, en yn 't bysûnder troch The Tale of Sir Gareth of Orkney.
Ynhâld
bewurkje seksjeYn in lyts plakje yn 'e Amerikaanske steat Vermont, wêrfan't de namme yn it hiele boek net neamd wurdt, is sheriff Ripley Wingate moarns ier ûnderweis nei syn kantoar, as er dêr foar de doar in sliepende jonge frou yn in auto sjocht. It blykt Lillian te wêzen, dy't mei in lyts ierappelskilersmeske by har yn har auto mei in ôfplakt efterrút oernachte hat. Se wurdt stalkt troch Blackway, in pleatslike krimineel, dy't har al wikenlang oanhâldend lestich falt. Hy hat it rút fan har auto ynslein en de jûns tefoaren hat er har kat Annabelle de kiel trochsnien en sa op 'e stoepe by har foardoar efterlitten. Lillian wol dat Wingate wat docht, mar de sheriff leit har út dat se gjin bewiis hat dat Blackway har kat fermoarde hat, en dat er fierders neat dien hat dat strafber is. Hy kin har dêrom net helpe, mar hy riedt har oan om ris by de pleatslike houtseagerij te sjen, en dêr nei in Scotty Cavanaugh te freegjen; mooglik dat dy wat foar har dwaan kin.
It is Lillian net dúdlik wa't Scotty is of wêrom't hy har wol helpe kinne soe as de sheriff dat net kin, mar se is sa stadichoan wanhopich, dat se giet nei de houtseagerij ta. Dêr treft se in kwartet âlde mantsjes oan dat yn it kantoar sit te drinken en te praten. It giet om Coop, D.B., Conrad en Whizzer, de eigner fan 'e seagerij, dy't eins Alonzo Boot hjit en dy't yn in elektryske rolstoel sit sûnt der tsien jier lyn in beam op him fallen is. Whizzer fertelt har dat Scotty der op 't heden net is. Hy is op famyljebesyk en sil pas dy middeis wer werom wêze. As se fan Lillian har swierrichheden hearre, riede de âlde mantsjes har oan om te ferhúzjen, mar dat wegeret se. Whizzer jout ta dat it ek net folle sin hawwe soe, want Blackway soe har gewoan efternei komme. Lillian hat him nammentlik syn baan as helpsheriff koste trochdat se in offisjele klacht yntsjinne hat doe't er har eardere frijer Kevin Bay ôfparste. (Kevin, dy't lang sa moedich of koppich net is as Lillian, hat neitiid sûnder in wurd fan ôfskie oan syn faam de wyk nommen en hâldt no ta by in omke fan him yn Floarida.)
Whizzer, dy't it fanke wol lije mei, ropt in pear fan syn arbeiders deryn. It binne Nate, byneamd Nate the Great, in grutte, ûnbidich sterke jongfeint dy't foar de duvel noch net bang is, en Lester Speed, in âldman dy't noch âlder is as de âldmantsjes yn it kantoar, mar noch goed halich. Tsjin Lillian har beswieren yn regelet Whizzer dat dy beiden mei har geane om Blackway te sykjen, hoewol't ûndúdlik bliuwt wat se krekt dwaan sille as se him fûn hawwe. Mei him prate, tinkt Lillian, al wit se eins wol dat mei Blackway net te praten falt. Wylst Lillian mei Lester en Nate op 'en paad giet, bliuwe Whizzer, Coop, D.B. en Conrad efter yn it kantoar fan 'e houtseagerij, dêr't harren praat de lêzer fan eftergrûnynformaasje foarsjocht by de ûnderfinings fan it trio.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Lester, Nate en Lillian geane earst oan by Fred Fitzgerald, byneamd Fitz, de baas fan in houtkapbedriuw, dy't út en troch saken docht mei Blackway. Fitz hat dúdlik de lêste nachten gjin wink yn 'e eagen hân. Hy liket senuweftich en is op 'e iere moarn al oer in flesse sterke drank gear. By de doar wachtet er harren op mei in pistoal, mar Lester wit it trijetal nei binnen te praten. Oan 'e kokentafel fertelt Fitz dat Blackway koartlyn by him kaam mei in kontrakt foar it roaien fan in boskperseel, dat er mei de eigner yn Boston sletten hie. Dat, Blackway krige syn kommisje en Fitz-en-dy giene oan it wurk. Ofrûne moandei stie der ynienen in abbekaat by him op 'e stoepe: de eigner fan it perseel wist nearne fan, útsein dat er no in perseel bosklân sûnder beammen hie. Fitz waard dêr ferantwurdlik foar holden en hy soe noch fierder fan 'e abbekaat hearre. Dat Fitz risselwearre om tiisdei nei sheriff Wingate ta om Blackway oan te jaan foar oplichting en fraude. Midden yn 'e nacht fan moandei op tiisdei waarden Fitz en syn frou Cynthia wekker doe't Blackway oan it fuottenein fan harren bêd siet mei de teddybear fan harren lytse dochterke Heidi yn 'e hân. Dat betsjutte, sa besefte Fitz daliks, dat er by it famke op 'e keamer west hie. Blackway hie heard dat Fitz him oanjaan woe. Hy sei dat er leafst net twongen wurde soe om 'e saak fierder te eskalearjen, en frege oft it boadskip oerkommen wie. Fitz antwurde befêstigjend en Blackway joech him ôf.
Foar't Lester, Nate en Lillian wer ôfsette, jout Fitz harren de rie om it ris op Diamond Mountain te besykjen, dêr't Blackway in ploech houtsjers oan it wurk hat. Lester wol lykwols earst by him thús oan, dêr't er in mei doek bewuolle pakket ophellet dat de foarm fan in ûnbidich grut gewear hat. As Lillian him freget oft it in gewear is, beweart er lykwols der gerdynrails yn sitte. Op Diamond Mountain kriget it trijetal te hearren dat Blackway dêr net is. Ien fan 'e houtsjers oppenearret dat er miskien wol yn The High Line is. The High Line is in âld motel dat Blackway en syn trewanten min ofte mear feroare hawwe yn in bordeel. Der fine ek oare kriminele saakjes plak, en as Lester, Nate en Lillian deryn geane om nei Blackway te fernimmen, lykje se in drugsdeal te ûnderbrekken. Troch fluch te praten, en om't de kriminelen blykber fan harren eigen produkt brûke en net al te helder binne, wit Lester harren ûnskansearre wer bûten te krijen. Hy hie syn 'gerdynrails' yn 'e auto lizze litten, en as Lillian him freget wêrom't er dy net meinommen hie, antwurdet er: ast inkeld mei in gewear driigje wolst, hast der allinne wat oan asto de iennichste mei in fjoerwapen biste.
De folgjende stop is it Fort, in rouwe kroech dêr't Blackway geregeldwei komt. It wie dêr dat Blackway mear as tsien jier lyn Scotty Cavanaugh en trije fan syn maten hielendal yninoar slein hat. Dat barren wie neffens Whizzer de reden dat sheriff Wingate Lillian nei Scotty ta stjoerde, om't Scotty noch wat mei Blackway rjocht te setten hawwe soe. Allinnich, sûnt dy tiid is Scotty skitende benaud foar Blackway, en as er letter dy deis by de houtseagerij opdaagjen komt, en Whizzer-en-dy fertelle him wat der allegear bard is, wit er net hoe gau't er fuortkomme moat. Underwilens treffe Lester, Nate en Lillian yn it Fort Murdock, in neiste meiwurker fan Blackway by syn tsjustere saakjes. Murdock is in yn it kwea behurde krimineel, dy't neat loslitte wol oer wêr't syn baas úthinget. De moeting eskalearret fluch, en Nate komt oerein. Murdock syn oandacht is alhielendal op Nate fêstige, en dêrmei begiet er grutte flater, want Lester pakt de grutte glêzenen kanne mei bier dy't midden op 'e tafel stiet en slacht it ding stikken tsjin 'e sydkant fan Murdock syn holle oan. Murdock is op slach bewusteleas en hy bliedt as in baarch, want de skerven hawwe him syn hiele ear ôfsnien. Wylst er dêr sa leit, springt Lester mei syn hiele gewicht op Murdock syn knibbel, dy't dêrtroch brekt. As Lillian him dêr letter yn 'e auto oer ûnderstiet, leit Lester har kalmkes út dat er net nochris mei Murdock te krijen hawwe wol, en dat er no yn elts gefal net mear efter harren oan komt.
Der is dan noch mar ien plak oer dêr't se Blackway sykje kinne, en dat is by syn skûlplak yn 'e Lost Towns, in útstrutsen wâld dêr't troch de jierren hinne al withoefolle minsken spoarleas yn ferdwûn binne. It gebiet hat syn namme (de "Ferlerne Towns") te tankjen oan 'e stedsjes (towns) dy't dêr foarhinne leine, mar dêr't no nimmen mear wennet. Eltsenien wit dat Blackway earne yn it wâld in skûlplak hat dêr't er him bytiden yn weromlûkt, mar hast nimmen wit wêr dat skûlplak krekt is. Lester, lykwols, is âld genôch dat er syn wurkpaad as houtsjer oarspronklik noch yn 'e Towns begûn is, en hy is sadwaande ien fan 'e mar in pear minsken dy't it gebiet ken as syn eigen broeksbûse. Wylst it tsjuster begjint te wurden, nimt Lester Nate en Lillian mei nei Boyd's Job, in âld houtsjerskamp dat al tsientallen jierren ferlitten is. Dêr stiet in âld skoalbus sûnder tsjillen dêr't Blackway yn wennet as er yn 'e Towns tahâldt.
Lester lit Nate in grut fjoer meitsje en it flink opstoke. Sels jout er him ôf mei syn 'gerdynrails' dy't eins in âld dûbelloops guozzeroer is dat sa grut is dat it suver wol foar in stik fjildartillery trochgean kin. Hy sirkelet werom nei it kamp en klimt op it dak fan 'e bus, dêr't er ôfwachtet. Tsjin dy tiid is it nacht. Nate en Lillian, dy't by it fjoer sitte, wurde hommels oerfallen troch Blackway. Nate en Blackway slane opinoar yn en beide mannen rinne ferwûnings op. It gefjocht duorret oant Blackway Nate tsjin 'e knibbel oan skopt, wêrnei't Nate op 'e grûn falt en Blackway him bewusteleas trapet. Hy pakt in bile en wol Nate deaslaan wylst Lillian ferstive fan skok tasjocht, mar dan klinkt boppe har holle ynienen in knal dy't sa lûd is dat har hearren en sjen fergiet. Lester hat beide lopen fan it guozzeroer tagelyk ôffjurre en Blackway op 'e hichte fan 'e kaaibonken rekke. Op dy ôfstân hawwe de beide reuseftige hagelpatroanen sa'n skea oanrjochte, dat Blackway syn holle loskommen is fan 'e romp.
Neitiid slepe Lester en de wer by bewustwêzen kommen Nate Blackway syn holle en lichem it wâld yn, dêr't der mei in wike neat mear fan oer wêze sil, sa bewissiget Lester de oaren. Prêrjewolven, foksen, rôffûgels en oare wylde bisten sille it stoflik omskot gau genôch opromje. Lester, Nate en Lillian ferlitte it kamp en geane werom nei hûs. Lillian en Nate sette Lester by him thús ôf, wêrnei't se nei Lillian har hûs ta ride. Underwilens is de fonk tusken harren oersprongen; Lillian freget Nate om deryn te kommen, en Nate hat dêr gjin beswier tsjin.
Earder dy deis hat Whizzer yn it petear mei de oare âlde mantsjes útholden dat sheriff Wingate de hiele keatling fan foarfallen al úttocht hie doe't er Lillian de rie joech om nei de houtseagerij te gean om Scotty Cavanaugh te sykjen. Neffens him wist Wingate dat se oan Scotty neat hawwe soe om't dy skitende benaud foar Blackway wie, mar wist er ek dat Scotty der net wêze soe. Hy ornearre dat Wingate him (Whizzer) wol sa goed koe, dat er witten hie dat er it fanke helpe wollen hie, en de sheriff koe sadwaande yn 't foar wol betinke dat er Nate en Lester mei har stjoere soe, om't dat de iennichsten wiene dy't dêrfoar yn oanmerking kamen. En de sheriff wist dat Lester op syn eigen wize like gek is as Blackway. En de Lost Towns lizze bûten Wingate syn jurisdiksjegebiet, dat wat dêr bart, binne syn saken net. De oare âlde mantsjes tinke dat Whizzer net wiis is, mar moarns ier de oare deis komt Wingate by de houtseagerij del, en syn útspraken yn syn petear mei Whizzer lykje derop te wizen dat Whizzer gelyk hie.
Untfangst
bewurkje seksjeGo with Me waard rûnom mei loovjende kritiken ûntfongen. It Amerikaanske literêre fakblêd Kirkus Reviews omskreau de novelle as "in lyts masterwurk fan swarte humor en spanning oer in trio helden op in ôfhandich plattelân dy't ôfsette op in moderne kweeste." Dêr foege de resinsint oan ta: "As alle boeken sa goed wiene, soene Amerikanen mear lêze." De krante USA Today omskreau Go with Me as "in troch dialooch oandreaun nim-de-wet-yn-eigen-hânferhaal dat grôtfol sit mei humor." Neffens The Boston Globe is de novelle "in juwieltsje dat glinsteret mei geheim ynsjoch en sa skerp is as in mês." O: The Oprah Magazine neamde it boek "in elegante lytse skriller oer in striid fan fernimstigens tsjin wreedheid" en "in sekuer miniatuer fan Nij-Ingelân dêr't gjin wurd yn fergriemd wurdt."
Ferfilming
bewurkje seksjeGo with Me waard yn 2016 ferfilme ûnder de titel Blackway, mei sir Anthony Hopkins as Lester, Julia Stiles as Lillian en Ray Liotta as Blackway. De film spilet lykwols net yn Vermont, mar yn Oregon. Ek fierder binne der ferskate oanpassings oan it ferhaal dien; sa is de folchoarder fan 'e foarfallen feroare, is it treffen mei Murdock yn it Fort oars, en ek de úteinlike konfontaasje yn it wâld is net itselde. De snoade sheriff Wingate, dy't yn it boek de hiele keatling fan foarfallen like hat te manipulearjen, is yn 'e film ienfâldichwei in leffert dy't Blackway net oan doar te pakken. Nettsjinsteande dat komt it ferhaal yn grutte trekken op itselde del.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |