Hamdyk

(Trochferwiisd fan Hamdijk)

Hamdyk (Nederlânsk en offisjeel: Hamdijk, Grinslânsk: Hamdiek) is in buorskip en streek yn de gemeente Aldamt yn de provinsje Grinslân. De dyk Hamdyk rin fan Lyts-Ulsda ôf oer Boneskâns nei Bad Nijeskâns en wie eartiids de âlde seedyk fan de Doalert. It stik tusken Boneskâns en Bad Nijeskâns foarmet de ryksgrins mei Dútslân.

Hamdyk
Bestjoer
Provinsje Grinslân
Gemeente Aldamt
Oar
Koördinaten 53° 10' NB, 7° 10' EL

Oan de Hamdyk steane in tal moaie Aldamtster pleatsen. By de eardere dyk del, lizze ferskate trochbraakwielen.

It foarheaksel ham ferwiist nei it oanslike lân en finne by in wetterrin.

Hamdyk is de streekrjochte fuortsetting fan it Midsiuwske doarp Houwingaham. Yn 1998 waarden oerbliuwsels fan dat doarp fûn, dat om 1500 ferlitten waard troch de oerstreamings fan de Doalert. De ynwenners ferfearen nei Den Ham. Yn de santjinde iuw kearden in part fan harren werom op it fannijs ynpolder oanslike lân nei harren âlde wenplakken, dêr't se pleatsen op hûswierden yn de lijte fan de seedyk bouden. De pleatsen waarden ferbûn troch in fuotpaad en yn 1840 waard der in trochgeande dyk oanlein.

It ferlitten gebiet foel ynearsten ûnder Beerta, mar waard yn de rin fan de sechtjinde iuw by de parochy Bellingwolde foege. Om 1800 hinne hiene Hamdyk, Koudehoek en Den Ham harren eigen buertgilde. It grutste part fan Hamdyk waard yn 1808 by de nije gemeente Nijeskâns foege, en it oerbliuwende part besuden it Langediep (no Koudehoek) waard yn 1811 by Bellingwolde foege.

Hamdyk moat lykwols net betiisd wurde mei de Alde Dyk troch Nieuw-Beerta en Drieborg, dy't yn de santjinde iuw ek Ham(ster)dyk neamd waard. Ek de nije seedyk fan 1657 hiet ynearsten Hamdijck.

  Gemeente Aldamt  
Stêd: Wynskoat
Doarpen: Bad NijeskânsBeertaBlauwestêdDrieborgFinsterwoldeHilligerleeMidwoldaNieuw-BeertaNieuwoldaNieuw-ScheemdaOostwoldScheemda't WaarWesterlee
Buorskippen: AldedykAldesylBeersterhoogenBikkershornBoneskânsEextaEkampFinsterwolderhamrikGanzedijkGoldhoornHamdykHardenbergHongerige WolfKostverlorenKromme-ElleboogMeerlandNapelsNiesoordNieuwe StatenzijlNieuwolda-OostOostwolderhamrikOude StatenzijlScheemderzwaagSint-FitusholtSuderfeanTranendalUlsdaWynskoaterhegebrêgeWynskoatersyl
Polders: KroonpolderOostwolderpolderReiderwolderpolderStadspolder
Wetter: AldamtmarDoalertRenselPekel ATsjammeWesterwâldske AaWynskoaterdjip
  ·   ·